Eelkesweblok

1 reactie

16 08 2017

Proaza oer poezij

Smyt Trump al of net in bom op Korea of is it akwadukt yn de Drachtsterwei miskien noch wol in oere earder klear. Folslein ûnbelangryke saken at je it ôfwage tsjin wer’t ik it oer ha wol. Mar  Friezen yn in tintsje oan de Lago Majore lêze de Tillegraaf en dêr stiet it net iens yn. In skande. Ik sil it jim dus útlizze.

At jo in taal ha, en dy ha wy, dan ha je ek literatuur. Fan poesyalbumferskes oant tsjokke histoaryske wurken. Dêr sit in hieleboel tusken yn. De literêre wrâld sit ek smoarfol prizeguod. Ek yn Fryslân fansels. Ik ha foar it oare net útsocht hokker prizen at we no noch wol of net mear ha. Prizen yn de literêre wrâld smite nammentlik altyd swierrichheden op. De ien fynt in boek moai, in oar net. De ien fynt in gedicht in fers oan de ingelen, in oar fynt it sinterklazegedoch. Dat betsjut dat sjuerys fan literêre prizen gjin lang libben ha.

De grutste Fryske literêre priis, is de Gysbert Japickxpriis. Fan 1947 ôf  wie’t elk jier. Der moast in soad fan dat âlde guod nochal hastich in priis ha, oars wienen se al dea. Letter om de twa, doe om de trije jier, mar doe kaam der ynienen wer sa’n soad talint op, gau wer twa jier.  De iene kear poezij, de oare kear skriuwers. At je him winne krij je 10.000 euro. Likegoed wegere Ealtsje Boates Folkertsma yndertiid de priis. Jan Dijkstra kaam him net iens opheljen. Dat woe Rink van der Velde ek net. Dat gedoch en dy swarte pakken yn de Martinitsjerke fan Boalsert, neat foar him. Mar doe’t it provinsiaal bestjoer him noege om dan dat jild dan mar op it provinsjehûs te heljen, kaam it hiele kolleezje yn sjaket en sette Van der Velde dêrmei foar lul.

Dat kolleezje spilet gauris in rol. Doe’t de faksjuery Meindert Bylsma syn tilefoanspultsje Operaasje Fers de priis ta ha woe, hâlden se it jild sels. En doe’t de sjuery sei dat nimmen de priis fertsjinne, hat it provinsiale kolleezje op eigen manneboet Jan Wijbenga oanwiisd. We ha ek ris in sjuery hân dy’t Willem Tjerkstra de priis taskikte, mar doe wie der yn ien kear kabinetskrisis yn it kolleezje. Omt deputearre Bertus Mulder de priis oan Durk van der Ploeg jaan woe, mar de oaren stimden dochs foar Willem. Durk krige him acht jier letter.

Sjoen dy foarskiednis is it net sa frjemd dat de hjoeddeiske kultuerdeputearre Sietske Poepjes tinkt dat se de baas fan de literêre wrâld is. Dus krige se fannewike in iepen brief fan Abe de Vries. Iepen  betsjut dat wy him ek krigen ha, der moat ommers publisiteit wêze.  Je hâlde net yn de winter op mei skûtsjesilen, nee dat doch je midden yn de wedstriden. Abe de Vries hat Sietske Poepjes werklik ôfseame. Want Sietske wol in gesellig-leuke RTL-jûn, nominaasjes bekind, mar op de jûn sels witte we pas dat Eppie Dam de priis krijt. Spanning, sensaasje. Sietske is al út’e skroeven. Mar ús dichters ha gjin sin oan de Voice fan Fryslân.

Abe de Vries hat syn nominaasje foar Brek dyn Klank no ynlutsen. Hy smyt dus achteleas 10.000 euro fuort. Mar ek de oaren ha sein dat RTL gedoch neat te finen. En Abe en in soad oaren wolle ek net dichter des heitelâns wurde, sa’t elk lân dy hat, om Sietske har  poesyalbumgedoch.

No ja, da’s allegear it normale gedoch om literêre prizen en beneamingen hinne. Bliuwt oer yn De Vries syn bryf: Hy wol dat Sietske Poepjes ophâldt mei te tinken dat dichters yn tsjinst binne by de provinsje. En dat der dus mar gau in oare kultuerdeputearre komme moat. Tsja. Sietske har foargongers ha har altyd ynhâldlik bemoeid mei de ynhâld fan it literatuur yn it Frysk. Se neamden dat belutsen. En dêr moat Sietske dan no mei ophâlde? Toe no Abe, dan is de lêste dy’t noch Fryske gedichten lêst ek noch fuort. Ruilje: gjin RTL gedoch, mar ien fan jim wurdt al heitelânsdichter. Want dêrmei is it mooglik om it Frysk tichter by de minsken te krijen. En dat fine Sietske en do beide fan belang.

One thought on “

  1. Pingback: Kollum Eelke Lok: Proaza oer poezij | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s