Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

25 10 2017

Iis

It is 18 jannewaris 1963. Middeis in oere as trije. De Fryske alvestêddetocht hat elts yn de besnijing. Radio en no ek tillefyzje dogge har bêst, mar we krije net in hiel goed oersjoch fan de geweldige striid dy’t Reinier Paping, Jan Uitham en Jeen van der Berg oan it fieren binne. De Noardhoeke stiet stiif fan wyn, bergen snie en striemin iis. Riders hiene al klauwen om fan Starum nei Frentsjer te kommen. Al wit we net wa it wie, mar dêr nimt immen de beslissing:  hâldt de riders dy’t no noch yn Frentsjer oankomme tsjin, it hat gjin doel. Dik 9000 bin fannemoarn fan start gien, mar de measten sieten yn Starum al wer yn de  trein nei Ljouwert. Mar dochs stean der dêr yn Frentsjer riders, lykas Henk Kroes en Foppe de Haan, mei de fûst omheech: we wolle trochride. Ien snipt der noch krekt fan te foaren troch. Georg Schweigmann. Hy moat dan noch sa’n 60 kilometer reedride. Mar ach, hy is dochs yn ’42 al begûn mei de alvestêddetochten, hy wit wêr’t je lâns moatte. Syn winkel wol optheden net al te bêst, dat hy leit  himsels op om binnen te kommen, dan giet it dêrnei mei de winkel fêst ek wer goed. Hy docht it, mar it is ferhipte dreech. Krekt foar tolven, njoggen oeren letter, komt hy tegearre mei de Grinzer Nienhuis oer de streek. 57 wedstriidriders en 69 toerriders ha dat ek dien. Ek noch wol mear wedstriidriders bin binnen kaam, mar dy krigen net in krúske.

George Schweigman, 92 jier, de ferbylding fan de Fryske reedriderstwang, ferstoar ferline wike.

Yn dyselde wike siet de Veiligheidsregio Fryslân ek oer it iis te praten. Iis is nea feilich, dus dat is in moai ûnderwerp foar dy om de tafel sittende boargemasters. Want dy sitte der dochs wol wat mei dat elkenien oates en toates mar op te tinne laachjes iis begjint te riden. Dat wurdt opset troch in pear mantsjes fan 90 út Ljouwert dy’t har op iis portreteare litte at it noch net fearzen hat. Trochset troch sosiale media: heeh, ik seach immen riden op de Polderfeart. Bam, fiif menuten letter komme se allegear al oandraven. En at it wat mear fêrzen hat komme der toertochten en dan komme der fiif kear safolle minsken as ferwachte wie. Guon kin net iens ride. Se sette har auto’s allegear by de Boer yn de tún del. Wat dy wennet oan de Polderfeart en reedriders ha in hekel oan rinnen. Koartsein ûnfeilich, en dan ha’k it noch niet iens hân oer at je yn in skuor reitsje of it iis net sterk genôch is.

Dêr moat dus wat oan dien wurde. Mar iis is frjemd guod. Hoe ferbied je immen op dat iis te kommen at je safolle iis of wetter ha. Ja wetter, dat rêdde we noch wol op: at it te hurd waait doch je slûzen ticht. En  je ha sônes wer at je wol of net hurd farre meie. Gean sa mar troch. De wetterplysje soe wol wat grutter kinne, oan de oare kant hilligje we ek noch wol in bytsje it mare librum, frije see. Frij iis dus ek. Kin je as plysje by de Polderfeart stean en sizze tsjin minsken: jo meie der net op. Dan gean je as rider in eintsje fierder en dêr stean gjin plysjes. Yn ‘63 hie dat gjin sin want se slúten it stempelhok yn Frentsjer.

Dy plysje en dy rider kin hiel min mei elkoar de diskusje oangean oft iis sterk genôch is of net. Dêr hienen we altiid de iiswegesintrales foar. En yn de iiswegesintrales sitte de gemeenten, want dy kin hiel maklik de gêrsknipper omtoverje ta snieskouer. Soks gie altyd moai ienriedich. At der iis wie moast it toch ek brûkt wurde. Dat bart noch wol, mar de riders wachtsje net mear op de iiswegesintrales, mar nimmen hat harren tastimming jûn te riden. De feiligensregleminten fan de lêste jierre binne deryn ûndúdlik. Reitsje mei elkoar yn betizing. Mar Johanneke Liemburg fan Littenseradiel fertaalde it bêste it ferline nei de takomst ta. At der iis is ha we dochs  krisismanagement, sei se. No, dan ha we gjin rigels, we sjogge wol wat echt nedich is. Se hat gelyk, mar kin it net yn alles sa?

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s