Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 11 2017

Lelystêd

Schiphol wurdt aanst te fol, en dêrom gean de fleantúgen aanst op en del yn Lelystêd. Dik tsien jier lyn stie dat yn de krante, mar net in  minsk reagearde. Ach, dat wie ommers pas folle letter. Der kamen ek allegear ûndersiken, mar dêr ha we net nei sjoen. Ek net doe’t blykte dat dy dingen rûnom fleane moatte, foardat se tastimming krije om del te kommen. Ik hearde lêsten it ferhaal fan immen dy’t in pear oeren boppe Schiphol omflein hie, langer as dat se ûnderweis west hienen fan Griekenlân nei Hollân. Mar it waaide nochal hurd, dêrom koe dat ding earst net lande. It skynt dêr ek net safolle te hinderjen, yn de rânnestêd is sowieso tefolle leven.

Mar stadich oan wurdt dúdlik dat it rûnfleanen fan en nei Lelystêd boppe moaie stiltegebieten barre sil. De Veluwe. De kop fan Oerisel. Drinte. En Súd Fryslân. En hoe leech of heech fleane se dan. No frij leech, want dy dingen moat nei de grûn en dan bin je der hast. It is dúdlik dat regionale oerheden, mar seker ek it folk, tsien jier sliept ha. Net steurd troch fleantúgen en dêr dus ek net nei sjoen ha. Boppedat jout de ryksoerheid dan altyd rapporten út yn de sfear fan: it falt wol ta. Dan komt der ek noch in slim mantsje dat útsocht hat dat de oerheid falske sifers brûkt hat. Ja , oké, we komme mei nije sifers, mar it bliuwt wol tafallen hear.

Wa bepaalt dat it wol tafalt. Se kin net yn my earen en harsus sjen, dy bin net ûndersocht. Der is in twitterder ûnder de namme Grutte Pier, in reus yn konstatearen, dy’t hiele dagen klaget oer de fleanbasis Ljouwert. Ik kin my dy man of frou wol wat begripe, al is it taalgebrûk jusjes grouwélich. Mar elke kear dat we dêr yn de buert opnames meitsje moasten, en dus faak ûnderbrekke, waard ik lulk op dy fleanbasis. Wat in leven meitsje se dêr. Ofsjoen fan it militêre, sis mar oarlochsaspekt. At we ea oanfallen wurde begjinne se mei Volkel en Ljouwert, dan pas Lelystêd. Mar dat leven. Ja, ik begryp bêst dat it in soad wurkgelegenheid jout, ik begryp bêst dat dy dingen earne wêze moatte en ik sjoch ek wol dat we der net sûnder kinne omdat we oare mienskippen yn de wrâld, dy’t te lider slein wurde, stypje wolle. Mar ik ha der in gloeijende hekel oan. Ik wenje dan ek yn de súdwesthoeke, dan hoech ik dat net te hearen.

At ik yn de tún sit dan sjoch ik fier boppe my it fleanferkear fan Schiphol nei Hamburg, Skandinavië en Ruslân lâns gean, mar ik hear it net. Moai heech. Dach. Neat oan de hân. Mar aanst Lelystêd, ik griis der al fan. Hieltyd wer dy fleantúgen fol sjongende dronken fakânsjegongers krekt boppe myn holle lâns. En at it in bytsje waait, of dizenich is, komme se trije kear del. Soademiterje op.

Wat dat oanbelanget fyn ik dat it Fryske ferset tsjin Lelystêd wol wat mear stâl krije kinne soe. Ik lês deistich grutte ferhalen út Drinte, Veluwe, Oerisel oer dat gedoch aanst. Dêr bin se der serieus mei oan de slach gien. Ja, der hat in ynformaasjejûntsje yn Balk west, mar dêr moasten je je foar opjaan en op in gegeven stuit wie’t fol. En we hearre dêr neat oars as dat het wel meevalt. Lokkich ha de gemeenten Fryske Marren en Weststellingwerf de mouwen opstrûpt. Se ha in brief stjûrd nei it ministearje. Se wolle útstel. Se fergeatten Eastellingwerf. Dat is no ek lulk op haren en hat ek noch in bryfke stjoerd. Soks sil wol foar hjoed moatten ha. Eaststellingwerf is ek lulk op de provinsje, dêr is it te stil. Fine sy. En wy.

Want we bin dus nei de súdwesthoeke gien om safier mooglik fan de fleanbasis Ljouwert ôf te sitten. Mar at we no mei syn allen sizze dat we fanwege de fleanbasis Ljouwert hjir yn Fryslân gjin mear oerlêst ha wolle fan it leven fan in fleanfjild by Lelystêd, dan hearre we ynienen wol wer by it hiele Fryslân hear. Mar dan moat we jusjes mear dwaan as in pear lullige bryfkes skriuwe.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s