Eelkesweblok

1 reactie

06 12 2017

Snein

Soms falt Krystjûn op in snein. Krystjûn is de jûn foar Krystmis, 24 desimber. Guon lju gean dan nei de mis; de measten sitte te fretten en te sûpen, want yn de Kryst sels krij je alles net op. At Krystjûn op in snein falt, falt âldjiersdei ek op in snein. Aldjiersjûn sitte we te fretten, te sûpen, stekke fjûrwurk ôf en houe plysjes en ambulansepersoaniel foar de kop. Gesellich. Mar dan moat der oerdei wol oan wurke wurde. De grutste hanlers yn geselligens binne kroegen, winkels en fjûrwurkhanlers. Dus is it wol logysk dat in hiel soad winkels op dy sneinen iepen binne. De measten hoege dat net mear te freegjen. Faak jout in gemeentebestjoer tsjintwurdich romhertich stipe. Sa net yn Smellingerlân.

Boargemaster Tom van Mourik, yn Ljouwert noch in fleurige VVD-er, is no bekeard en seit dat at de winkels yn Smellingerlân op dy sneinen iepen geane, se in boete krije sille fan 6000 euro. It stiet nearne, mar ik tink dat at je iepen geane op én 24 én 31 desimber, 12.000. Singelier. Mar goed, dat krij je at je ien wethâldersposysje opdiele yn twa ChristenUniërs. Dy ha wol twa grutte mûlen yn it kolleezje. En se ha fuortendaliks al sein dat se inkeld mar meidogge at se har sin krije oer permaninte slúting fan de winkels op snein. Sokken as SP, PvdA en D66 lizze har dêrby del. Boppedat wurdt de ChristenUnie yn de ried stipe troch it CDA. Dat is fan âldsher dêr ek wat kristliker as yn oare plakken.

Mar sels yn Drachten ha je allegear wolris op it lêste momint in pear mealde hazzelnúten nedich om oer waarme broadsjes te struien. Of der moat noch in fleuchje angustoara oer de krystpudding. Ek de Krystman is net echt lokkich, want je ha altyd wer lju dy’t mei Kryst biechte en dan ha se ek wer rjocht op in kadootsje.

 

Dy Krystman moat dus earne oars hinne. Mei al dy oare Drachtsters en Rottefalsters. Winkels yn Hearrenfean, Grins en Ljouwert stean foar harren klear. Likegoed at it sikenhûs Nij Smellinge yn Drachten echt wol iepen stiet foar at Van Mourik of ien fan dy oare ChristenUnie-jongens op Krystjûn in krupsje krije. Ek de plysje yn Drachten is folslein ree om op âldjierssneintejûn wach te wêzen, sadat de âldjiersfierders net hiel Drachten yn de fik stekke. En oars blusse dy brânwarlju dat dan wol wer. Mei it smoar yn, want se koene oerdei net nei de winkel om in foar de kollega’s wat droege woarst en sausijzebroadsjes te heljen.

It wurdt dochs in hiele gaos dy âldjiersdei-snein. Burgemeester Apotheker fan Súdwest-Fryslân hat nammentlik besletten dat je dêr net earder karbid sjitte meie as om ien oere middeis. Zondagsrust seit er. Ja, mar om kertier oer njoggenen moarns beierje de tsjerkeklokken my al wekker. En Dantumadiel, bepaald net ien fan de lichtste gemeenten op tsjerkemêd, stiet karbidsjitten ta om alve oere moarns. En dan ha’k it noch net iens oer dat guon oar fjûrwurk sa ferskriklik gefaarlik is, mar likegoed brûkt wurde mei. Wy libje yn Nederlân, minsken.

We stappe ein dizze moanne oer nei 2018, mar we dogge dat dus mei de rigeltsjes fan pake en beppe fan foar de oarloch. It hat gjin doel Fryslân op snein oan te fallen, want dan mei de straaljagers net omheech fanwege it leven. We bin toch eindelik no wol sa fier dat elkenien it rjocht hat om op eigen wize de snein te belibjen, mei respekt foar de wize wêrop at in oar dat docht. Dy ChristenUniejongens hoege net nei de winkel ta. Ik hie eartiids ek in âld buorman, in sosiaal demokraat yn ieren en sinen. Mar dy sei at ik sneins oan it gêrsmeanen wie “zondagswerk maakt niet sterk”. It fingerke gie ek noch omheech. Dêr hie buorman rjocht op. Mar ik meande troch. En at in winkelman op snein al of net iepen wol, dan is dat syn eigen kar. Nee, seit van Mourik. Iepen is 6000 euro boete. No ja, sa ha we aanst teminsten in ûnderwerp by de riedsferkiezings yn maert. Dan kin de sneinsbelibbing feroare wurde. Miskien. Sa net? Ach, Krystjûn falt wer op in snein yn…… 2023.

One thought on “

  1. Goed ferhaal Eelke. De Çristenen’ hawwe de caliesje yn Súdwest ek suvere. Al hie Durk Stoker der sels ek skuld oan toch Sander in gewillich ear fûn bij Maarten. Ik l^s graach dyn collums. Groet Romke

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s