Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 12 2017

Hendrik Algra (al lang) wei

Desimber is altyd min foar kolumnisten. Der bart eins nea wat. Mar diskear hie’k in romme kar. Miskien it geseur fan al dy koadewaarstasjons en dêroan keppele media oer de snie? Der foel mar in lyts kwakje. En wy ha ‘79 noch meimakke.

Of oer de brêgen  fan Aldskou, Twellegea en Spannenburg dy’t oanpakt wurde. Dêr moat gruttere, bredere frachtskippen troch. De definitive deastek foar de rekreaasjefaart op it PM-kanaal. En dat wy fanwege dy ferbou tidenlang omride moatte stiet der ek net by. Wol dat de sinten der noch net binne. Dy lizze njonken it tekoart foar Koarnwertersân. Fryslân moat sels mar útsykje hoe’t se genôch jild by elkoar swylje. Dat kin Fryslân net.

It soe ek gean kinne oer de minne prestaaasjes fan Sc Hearrenfean. Soks kin barre. Hindert ek neat. Mar dan sizze se hieltyd sels dat se sa goed spylje. Wylst dat net sa is.

Of it alvestêddebestjoer wat in finisjbôge ha wol yn de foarm fan in alvestêdekrúske. Tenei wurdt je as swartrider fiif meter foar dy bôge ôfsketten, want je ha gjin inkeld rjocht op in krúske.

Of Rendert Algra, de BFVW foarsitter. Hy wol dat we no mar guozzeaaien sykje, no’t ljipaaien net mear kinne. At Algra dan ek soarget dat de boeren it wetter yn de sleaten in meter heger sette,  dan kin we dy aaien teminsten lotterje. Bebrette guozzeaaien bin net te iten.

Famylje fan Rendert Algra wie de âlde Hendrik Algra. Boerearbeider, ûnderwizer, letter haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Earste Keamerlid. In man wêr’t nei harke waard, sels doe’t er woe dat wy it net mear oer Reve ha soenen. Der is in dyk nei Hendrik Algra neamd. Dy rint ûnder Ljouwert oan de súdkant fan it Van Harinxmakanaal. Hy komt by Goutum wei as in ferfolch op de Wergeasterdyk. En rint troch oant de Hegedyk by Boksum, dêr wêr it ferkear fan Boalsert nei Ljouwert ta ôfslacht.

Hendrik Algra rekke yn 1982 wei. Syn dyk soe no ek ferdwûn wêze moatte, útsein it lêste stikje by Boksum. Hendrik Algra siteare we noch wolris, mar syn dyk is nutteleas wurden. Utsein foar it slûpferkear dat dy drokke ôfslaggen net brûke wol. Elk wie it der al lang oer iens dat dy dyk der mar wer út moast. No ja, de boeren moasten al op trekkers by har lân komme kinne. Eartiids giene se troch it lân , mar dat is tsjintwurdich net mear sa. Hè, de dyk oer Eastergea leit der út en dan jouwe de buorden oan dat de trekkers (en oar stadich ferkear) mar oer de A6 moatte. Ja, oars kin dy trekkers ommers net by de Jumbo yn Lemmer komme.

De Hendrik Algrawei by Ljouwert is tastân kaam yn de plannen foar de heak om Ljouwert. It jild wie der doe ek net daliks, it is in tuskenoplossinkje. Mar jongens, at dy heak der is, giet Hendrik wer ticht. Ja dy giet wer ticht. It is wol hûndert kear sein. En beslúten. Nimmen wie dêr op tsjin, want wurd je as politikus net ûnmjitlik populêr at je ris wat asfalt weidonderje. Dus fuort dat ding.

Mar in amtner hat ûntdutsen dat der wol sein is dat it soe, mar net offisieel. Dan moat je in riedsfoarstel meitsje, dat moat yn de riedskommisje wiidweidich bepraat wurde en dêrnei bekrêftige yn in riedsgearkomste, want Hendrik Algra hat it net fierder brocht as is in gemeentlike dyk. Soks duorret pak wei in fearnsjier. Seker at Ljouwert ek noch finansieel ûnder provinsiaal bewâld komt.

Formalisten fan Ljouwert. At jim ôfpraat ha mei elkenien dy dyk te sluten, doch dat dan. Der komt ommers net ien yn it ferhef mei in klacht of sa. Of tinke jim dat dy der wol is? Sis dat dan. Nee, dy is der net? Doch dan dy dyk daliks ticht en regelje letter dat formele gedoch ek noch at jim dêr in orgasme fan krije, mar fal ús net lêstich. Doch no ris gewoan wat je mei syn allen ôfprate.

Sterker. Ik ha de âlde Hendrik Algra noch in  bytsje kinnen. Formele man. Mar hearde ik him fannewike net lûd stinnend yn syn grêf omdraaien fanwege dit formalisme?

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s