Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

14 02 2018

Trein

Juster wie’t in Frysk lykspultsje. Halbe fan Easterwâlde syn kop waard der ôfhelle, mar Pia fan Dokkum yn’e donorblommen. Mar wy sjogge inkeld nei Pyeongchang, want wy bin reedrider. We sjogge nei ús helden. At Jan Smeekens fan Snits it stadion ynkomt mei de flagge dan bin we grutsk. At Olympysk kampioene Carlijn Achtereekte njonken Sjoerd de Vries fan de Jouwer delploft en mei him begjint te tútsjen, springt ús hert oerein. We jubelje om gold-sulver Hearrenfeanse Ireen Wüst. Antoinette de Jong fan Rottum ferwachtsje we aanst op de 5km noch mear fan as it brûns wat se al hat.

Sjinkie Knegt fan Bantegea hellet  ek al sulver, it is net te leauwen. Hy waard juster folsein ûnterjochte skrast, je meie se dêr dochs altyd oan de kant batse. Sven Kramer fan Hearrenfean sprong gatten yn de loft by syn safolste gouden medalje, omt hy wit dat it publyk soks o sa aardich fynt fan in keizer. En at Marrit Leenstra fan Wyckel mei triennen yn de eagen mear dan lokkich is mei it eindelik fuortsmiten fan dy eineleaze rige fjirde plakken, dan janke we mei.

At Lotte van Beek, de Swolse, dy’t we o sa gastfrij opfong ha yn ús Fryske ploech, dêr in hûndertste sekonde efter sit, smoare we yn it meilijen. O en dan sjoch we dêr op facebook har kootsj op in Koreaansk marke reedriden, Henk Hospes. Dy wie sels ea wrâldkampioen koartebaan. Dat wie neffens my yn 1987. Ja, dat wie op’e baan fan Akkrum, wêr’t de matjedoaren, as Ykema en Liuwe de Boer har falle lieten, omt de iene baan folle better wie as de oare, en doe…

Sju, ik ferwurd ek hielendal yn nasjonalistyske ekstase at it hillige iis ter sprake komt. Der is mear. Ik sjoch de Amerikaanske freestyle ski-er Casey Andringa. Dat is fansels in neisaat fan âlde Knilles Andringa fan Boalsert dy’t yn de fyftiger jieren nei Amerika emigreard is. En ik tink ynienen, wy moat hjir ek mar sa’n nuvere bulterige skibaan mei springplankjes ha. At in Fryske Amerikaan soks docht, is it ynienen ús sport. En alles wat topsport is, heart yn Hearfenfean. Teminsten Jaap Stalenburg, foar de fjirde kear fannewike wer op’e nij as reserve yn de ried fan Hearrenfean kaam, seit op twitter dat de lokale polityk soks allegear regele hat. Hy wol ek bakken fol jild útjaan dat at de Tour de France nei Fryslân komt, om dy dan nei Hearrenfean te heljen. Allegear nonsens, mar ach, hy sit yn dyselde nasjonalistyske olympyske euforie.

Want at dy sporters werom komme oer oardel wike, moat we marris freegje at se wol bliuwe wolle yn Hearrenfean. Want de trein sil tenei oan Hearrenfean foarby gean. Hy raast no Grou en Akkrum al foarby. Straks ek net stopje yn Hearrenfean, Stienwyk, Meppel, sels net yn Swolle. Yn ien kear trochjakkerje nei de rânnestêd.

En wit jim wat it alderferfelendste dêrfan is: op sa’n stasjon stean, wachtsjend op de trein, en dan komt der sa’n snel ding op folle krêft foarby stowen, wylst je der noch maklik by yn kinnen hienen. Dat jout sa’n freeslik gefoel. Dan tel je net mear mei.

Wylst ik bêst wit dat in trein net oeral stopje kinne. En ik wit ek bêst dat de hastige wrâld der aanst oars útsjocht. Hè, dan stappe we moarns yn ús selsstjoerende elektryske auto. We toetse in treinstasjon yn en hup hy bringt je dêr. Dan stap je yn de trein. De jûns kom je werom, fluitsje op jo mobiele tilllefoan en hup dêr is it autootsje wer. Efteryn mei de flesse wyn dy’t jo moarns dêr al klear lein hiene. Soef soef. Unsin? Nee. It fleanfjild yn Londen wat fannewike efkes ticht moast fanwege in oarlochsbom hat deis 45 fleantúgen fan en nei Nederlân. Hûnderten mannen yn netsjese pakken en in kofferke.

Dus echt gjin ûnsin. Mar dan wol ik leafst moarns al grutsk it wurd Hearrenfean yntoetse. Us hillige plak, mei al dy keningen en keizers en harren akkomodaasjes. Mar at de trein trochriidt, kin je dy akkomodaasjes wol wer ôfbrekke. En sit alle topsport wer gewoan yn de rânnestêd. En soks giet allegear bûten de lokale polityk fan Hearrenfean om, Jaap.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s