Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

21 02 2018

Gas en kearnôffal

De Waadferiening waard yn 1965 oprjochte. Mei syn tsientûzenen waarden we daliks lid. It Waad moast ommers it Waad bliuwe. Aksjepartij Greenpeace is yn 1971 oprjochte. Yn de jierren dêrnei harken we dan nei de radio, wêr’t dan ien fan dy helden fan Greenpeace foar in tige krêkerige tillefoan útlei wat foar heldendaden se dwaan soene en dien hienen yn fiere lânnen en see. Ek al koene we der neat fan ferstean, we klapten ús de hannen stikken. Wiene lulk at de skippen troch de bûtenlânske oerheden en oaljemaatskippijen fêstketene of ynnaam waarden. En we libben mei at ús griene favorieten de bak yn moasten. It hat hjir en dêr noch wol wat holpen, mar se bin net iens sa folle opsketten. Hoewol, se hienen sympathie fan Fryslân.

Ferline wike tongersdei klauden njoggen Greanpeacelju, mei in lekken wêr’t in tekst op stie, op in boarplatfoarm. By Skier siket Hansa Hydrocarbons fan Ingelân nei gas. De oare deis barde hjir ek, wat oeral barde: de plysje kaam en sette de platfoarmbestoarmers yn’e bak. En wy, sympathisanten, wat dienen wy? Presies: gjin bliksem. Wy lieten harren oppakke, sûnder dat der eamele waard, sûnder dat de Volkskrante, Trouw of Vrij Nederlân grutte ferhalen hienen, sûnder dat de aksjefierders by Jinek sieten.

Ja Ineke van Gent, de boargemaster fan Skier, dêr op hannen hinne droegen troch de griene upper ten lykas Femke Halsema, Paul Rosemuller en Lutz Jacobi; sy stie freed mei in ploechje oare Skieren mei wat buordsjes op it eilân. En Ineke is noch wol sá yn it sâlt bebiten dat der ek wol in pear media wienen. Mar se hie mar 6500 hantekens ûnder de earm. Wy lieten it sa. Gjin oarloch. Jillert syn streekjes, Sjinkie syn penalties, en Halbe syn kloaterichheden bin folle, folle, folle wichtiger as dat Ingelsen de grûn fan it Waad sa omskuorre, dat it in djipsee wurdt. Foardiel soe dan wer wêze dat je wer mei de boat nei Amelân koenen. Mar we krije der gjin moksels mear wei. Inkeld en allinne omdat we op syk  binne nei gas, wat we net iens mear ha wolle.

Ja, leave regearing, ik kin de problemen. Oer bûtenlan, oer de fertsjinsten oan it gas, oer kâlde winters, oer formele saken ensafuorthinne. Mar dat alles is yn ien kear fuort at we der no, net aanst, mar no in diskusje oer hâlde. Doch om my der ek noch mar in referendum oer, no’t dat noch mei. Mar nim in beslissing. Wat dy dan ek is. Mei ynachtnimming dat de yndustrie al lang sûnder gas tinkt. En basear dêr al dat belied op tsjin dy lju dy’t mar yn ús boaijum, omprikken bliuwe, wylst we oan Grins sjogge dat wy der net de goede boaijum foar ha. En jim ha it goed heard: No. Net aanst. Sjoch ek daliks nei it sâlt, is presies itselde. En doch  de ierdwaarmte der daliks mar efkes by, want der stean yn Fryslân in pear projekten te rydboskjen fan ûngeduld om de thermometer yn de grûn stekke te kinnen. En wy witte net wat der dan bard.

O ja, at we it no dochs oan de gong binne en it mei syn allen oer de boaijum ha. De fetten mei kearnôffal begjinne te ruskjen. Miskien wit jim it net, mar dat betsjut dat se aanst trochruske binne. Der moat no wat oan dien wurde, net aanst. Dan is it te let. Jim skine al wer op’e   knibbels yn Fryslân lein ha om te freegjen at dy rustige fetten hjir net yn’e grûn kinne. Ik wit net wat it andert fan de Fryske oerheid wie, mar de minsken sizze, útsein in pear idioaten, NEE. Soademiterje op mei dy rotsoai. Betink wat, mar stopje dat spul net yn’e grûn. Seker net yn jim moaiste rekreaasje- en natoerprovinsje.

En kin jim der dan by sizze dat it net de FNP wie dy’t dêr foar soarge hat, mar hiel Fryslân. Dat yn syn geheul unanym fynt dat soks nea barre mei. Ja de FNP liet fannewike witte dat sý  it wer oan de provinsje frege ha. En ja, de media namen dat allegear klakkeloas oer. Mar wolle jim as regear dan aanst efkes sizze dat it FNP parseberjocht net de trochslach jûn hat.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s