Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 05 2018

Demokrasy

Tusken 1588 en 1795 wie Fryslân in ûnderdiel fan de Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden. Mar wol, sa’t we wend binne fan ússels, in hiel apart ûnderdiel. Yn 1555 by de ynhuldiging fan Philips II as “heer der Nederlanden” hie Gemma van Burmania, ien fan de Fryske ealju, ommers al sein dat Friezen allinne foar God knibbelje en net foar Philipsen. Dat ha we pas yn 1950 dien, doe’t Philips yn Drachten kaam. Mar it alderwichtichste wie dat wy yn dy Republiek it allerdemokratyske ûnderdiel wienen. Dat ha Fryske gelearden ús net leard, wy bin fierstente beskieden, mar de Ingelske perfesser Israel.

Dat dienen we foar it oare op syn alvenienentrigist. Alve stêdden. En ienentritich grietenijen. Gemeentes soene we hjoeddedei sizze. Mar de macht wie moai ferdield. Soks is betreklik fansels, macht is altiten, doe en no, yn hannen fan de lju mei jild of blau bloed. Mar der wiene yn alle grietenijen ferkiezings om twa boargers nei Ljouwert te stjoeren foar de doe noch hillige Fryske steaten. Ien fan adel, de oare in gewoanen. Yn de stêdden lei it wat oars, dêr hienen se vroedschappen, en dêrútwei giene twa nei de steaten. Mar ek dy boargerssteateleden út de doarpen moasten fansels wol jild ha om sa no en dan nei Ljouwert te reizgjen en te oernachtsjen yn it WTC-hotel. Mar der waard serieus op tasjoen dat elk yn Fryslân him of har, o nee har noch net, him fertsjintwurdige fiele koe.

It wie wer oer yn 1795 doe’t de Frânsen kamen, mar it ûntstie fuort wer doe’t Fryslân dêrnei ûnderdiel fan Nederlân waard en Thorbecke fanút Den Haach ús demokrasy stâl joech. In demokratyske liberaal wie dat, sokken bin der no net mear. Doe ha de Dútsers der noch efkes tuskenyn sitten, mar dêrnei waarden alle polityke partijen grutter as fakbûnen. No, demokratysker kin net.

Je soenen je dus no deljaan kinne yn de sekerheid dat it mei de demokrasy yn Fryslân fanôf de Gouden Iuw wol goed sit. No dan moat je it nijs net folgje. Tsjintwurdich betinkt immen wat en rjochtet daliks in partij op. Eartiids moasten se harsels opjaan by de grietman en dy koe noch sizze at it al of net wat wurde soe. Tsjintwurdich is in amtner genôch.

Dêrnei begjinne se te skreauwen as Wilders en dan bin der automatysk lju dy’t har yn it gelid opstelle. Se rinne ek gau genôch wer oer nei in oar, mar der komt dêrtroch net folle fan echt demokratyske beslissings.

Yn Noardeast-Fryslân kaam in skûtsje Kollum ynfarren as wie’t noch om 1600 hinne, al wiene der doe noch gjin izeren skippen. Boargemaster Bearn Bilker stie op’e kant. Wêrom? Yn dat skip sieten nammentlik inkel Gemeentebelangers. Dy wolle in Gemeentebelangenpartij foar hiel Noardeast-Fryslân meitsje. En yn  de earmste gemeente fan Nederlân, Kollumerlân wie noch nea in Gemeentebelang.

Mar wat die dy Bearn Bilker op de kade te dûnsjen, en roppe dat hy bliid wie dat der no eindelik in Gemeentebelangen wie. Bearn Bilker is in Oranjeman yn hert en nieren, hâldt dêr lêzings oer, mar seit net dat dy âlde Oranjes demokratysk wienen. Dyselde Bearn Bilker is polityk opfieden yn it CDA. Hat altyd útdroegen dat it wichtich wie om hâldfêst te hawwen yn sa’n grutte partij, omt je dan fersekere binnen fan demokrasy. Dêr kin je dan yn in gemeente bygelyks wer fan profiteare. Dyselde Bearn Bilker stiet as in dwaas te dûnsjen op de wâl at dy Gemeentebelangers komme. Bêste lju, mar se sjogge net fierder as de grins fan de gemeente. Wêr’t se rjocht op ha, mar dat is wat oars.

Mar Bearn Bilker wit dus dat yn de gemeenten partijen as CDA en PvdA it proses ferlern ha.  Yn gemeenten giet it tenei om kiezen fan individuele lju. Ek de gruttere partijen sille sa oan de slach moatte. En net fierder sjen as de eigen grinzen fan je grietenij. Bilker mei dêr best bliid mei wêze.

Mar hoe moat it dan mei de provinsje Bearn? De steaten moat aanst oardiele oer alle grietenijen as ien Frysk gehiel. Dat kin se net, sels grutte partijen kin no net mear algehiel demokratysk tinke. Dat wie yn de Gouden Iuw dochs jusjes better.

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s