Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

20 06 2018

Frutsels

Jim hearre my no wol, mar ik bin der net. Want ik bin op Skylge. We ha dit jier fierder gjin tiid foar fakânsje, want we moat hieltyd yn de rige stean by al dy Fryske eveneminten. No is der sa’n evenemint op Skylge, Oerol. Dêr moat we hinne want dat hiele kulturele haadstêdgedoch is fansels berne yn Oerol, wat al 36 jier bestiet. It is moai dat de betinker en ynitiator fan Oerol, Joop Mulder, no mei Sense of Place by de Waadkust lâns swilet yn dit kulturele jier.

Sense of Place. De term stiet oates en toates yn de media, mar wat betsjut it eins. De webside. “Sense of Place maakt het onzichtbare zichtbaar: de langzame, onstuitbare processen waaraan het Waddengebied onderhevig is, deels vergeten cultuurhistorie, maar ook de schoonheid van het prachtige UNESCO Werelderfgoed. Met culturele landschapsprojecten worden ze herontdekt en uitvergroot. Sense of Place initieert en ondersteunt projecten die de beleving van het Waddengebied vergroten en zorgen voor meer waardering voor het gebied bij een breed publiek. Hiermee geeft Sense of Place de regio tegelijkertijd een economische en sociaal-maatschappelijke impuls”.

Fertaald: It waad is o sa moai, mar we moat hjir en dêr al wat frutsels delhingje, oars sjoch jim dat net. En we wol graach dat jim it wol sjogge, want dan kin jim ek moai efkes by ús yn de kroech komme. It is wat in wrede útlis, mar as ik op Skylge de Waadyk lâns fyts sjoch ik echt wol hoe moai at it Waad is. Dêr hoech ik net in frutsel by. Oan de oare kant moat ik it eins ek gjin frutsel neame, it is lânskipskeunst. Mar wat mear en wat oars as in skilderijke fan it Waad. En hoe soene je no de skitterjende foto-útstalling “Bildstars en Eigenheimers” yn Holwerd een frutsel fine. Of “de mannen fan Holwerd” aanst. Of “We wolle ús klaai werom” yn it Bildt. Of “de Streken” yn Wierum. Foarstellingen, útstallingen. Der is noch folle mear en der komt noch folle folle mear.

“De komende jaren wil Sense of Place een lint van culturele landschapsprojecten realiseren van Den Helder tot aan de Dollard, op de eilanden en aan de vaste wal. Een meerjarenplan voor een initiatief dat gaat groeien. Voor 2018 richt Sense of Place zich in het kader van Culturele Hoofdstad op Friesland”. Der stiet ús noch hiel wat te wachtsjen. En ik sil dizze wike op Skylge al goed om my hinne sjen, want der stiet, leit of hinget ek noch wol it ien en oar.

Sense of Place giet net inkeld foar de eilannen. De hiele kust docht dus mei. En it is moai dat se sizze de legacy, de erfenis fan kulturele  haadstêd moat wis in legacy fan Sense of Place wurde. Joop Mulder lit dy legacy  op 1 jannewaris 2019 begjinne yn Holwerd. In tal frutsels, ik bedoel foar-  en útstallingen bin dit jier ek al yn Holwerd. Makket de gong nei dit plak nofliker. Mar der sit yn Holwerd in ploechje minsken dy’t folle folle mear wolle. Dy wolle Holwerd aan Zee. Dat moat de úteinlike legacy wurde. In trochbraak troch de dyk en it Waad ferbine mei it lân dêrefter. It moat net ophâlde by de kust. En der moat wer libben yn Holwerd komme.

Dy mannen fine it stribjen en de stipe fan Joop Mulder wol moai, mar se wolle mear. Se wolle jild. Se wolle los. In pear jier bin se al oan de gong, mar it begjint mar noait echt, it is inkeld geâldehoer. Elkenien is it wol mei harren iens, mar at se ta de beurs moatte bin se der net. In pear moane lyn ha se no de provinsje frege om wat sinten. Dan kin we begjinne. Je moat minsken net allinne in Sense of Place-spegel foarhâlde, mar ek echt wat sjen litte wêr’t je wat oan ha. De stilte op it provinsjehûs is oerweldigjend. Moaie dingen prima. Ynitiatieven om de waadkust te ferbetterjen en it promoten dêrfan, prima. Mar at der echt risseltaat komme moat, dan is it stil. Ja it CDA ropt wat mar neamt gjin sifers.

Mar ja, ik stean hjir op Skylge ek mar inkeld tusken de frutsels te roppen dat it oars moat.

0:001:32

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s