Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

04 07 2018

Oerdreaun

At jim dit rubrykje wat kinne, wit jim dat ik eins de lêste wêze mei dy’t seit dat in oar oerdriuwt. En dochs siz ik it. Fryslân en de Friezen oerdriuwe alderôfgryslikst. As toanbyld derfan komme der yn augustus gjin minsken mar reuzen nei Ljouwert.

Nim no it gas. Dêr moat we mei ophâlde. Bêst. Mar se komme no deistich twa kear oan de doar at ik it gas der ek út dwaan sil. Garyp wol it earste gasfrije doarp wurde. Lokkich ha de Fryske gemeenten in oare Fryske tradysje heech te hâlden en dat is dat se net witte hoe lang at in oere duorret. Krekt as mei de wynmûnen. Dêr bin we al sa’n 12 jier oer oan it praten en dy komme der ek noch lang net. Mar dat komt miskien ek wol omt se wer sa oerdreaun 200 meter hege wynmûnen ha woenen yn in stik lân wat sa’n acht meter ûnder de seespegel leit.

En nim no dat Elfwegentochtgedoch. Prima dat we om it klimaat tinke. Mar om dan fuort twa wiken sá alderheislikst te drammen oer allerhande normale saken is oerdreaun. Der kaam fannewike sa’n fleurich skjin enerzjyfol Elfwegentochtfamke oan de doar en dy frege oft ik myn gehoarapperaten twa wike oan de kant lizze wol, want dy frette batterijkes. Ik ha har net ferstien.

Yn Weststellingwerf, in gemeente dy’t him nea oerdreaun melden hat de lêste 500 jier, hat de ried besletten net mear yn de slach te gean oer fúzjes. Unnoazel, mar goed, se mei sels beslisse. Dus dêr wurdt net oer praten. Mar seit de partij Blijf Stellingwarfs, dy ha twa fan de 21 sitten yn de ried, yn it profyl foar de boargemaster dy’t der yntusken sit, Van Nadorf, stie dat hy fúzjepetearen fiere moat. Want dat soe hý dwaan moatte at de ried dat ek woe. Mar no wol Blijf Stellingwarfs dat soks út dat profyl helle wurdt, mei weromwurkjende krêft. Ik neam dat folstrekt oerstallich formalisme. Dom gepraat, sis mar oerdreaun. Sa oerdreaun dat ik hoopje dat Van Nadorf fannewike mei Harry Oosterman op in terraske sitten giet en de fúzje mei East ree makket.

Drachten hat syn keapsnein hân. As wie de twadde wrâldkriich ôfrûn, safolle lju wiene der no yn de Súderbuorren. Der wiene mear as doe yn april 1945. Dat is oerdreaun. Ik bedoel, dan moat der dus in alderheislikst langstme west ha nei de keapsnein yn Smellingerlân. Mar dan hat de polityk dat tsjin de mearderheid yn noait dwaan wollen en da’s gemeen. Of dy mearderheid hat him altyd de bek hâlden. Mar ja, sa’n earste snein safolle folk en se sil wol in oerdreaun bytsje guod kocht ha, mar de winkellju kin no net mear sizze we binne sa no en dan iepen. Alle sneinen, Drachten moat wat ynhelje.

Toerisme-ûndernimmer Albert Hendriks brûkte foar Omrop Fryslân it wurd krankjorum. Dat is oerdreaun. Der is hjir yn Fryslân in soad ferkeard, mar dat komt net omt we krankjorum binne, mar gewoan dom. Mar it is wol sa at guon oerdreaune wurden as krankjorum brûke, dan moat je al efkes trochlêze, want sa’k sei ek út dizze pinne floeie wolris krankjorum oerdreaune wurden. Bygelyks tsien jier lyn oer it akwadukt yn de Skarsterrien en no krij ik pas gelyk.

Hendriks hie it oer kulturele haadstêd. Hy hie him realiseard dat july mar benammen augustus in eksploasje oan kulturele aktiviteiten hat. Dat hienen we ek al lang sjoen, Hendriks. Ek alris fertelt dat in soad doarpen wat betocht ha, no moai krekt yn 2018. Mar dat is dus hielendal de skuld net fan kulturele haadstêd. Want dy jouwe dêr gjin stoer jild oan. Sette der inkeld sa’n read kopke by at de lju dat wolle. By us yn it doarp hat de kafeehâlder sels kofjekoekjes yn de foarm fan it logo. It mei allegearre.

De mienskip, wy dus, hiene ús realiseare moatten dat we net alle jûnen op trije plakken tagelyk wêze kinne. Mar it is absoluut net oerdreaun om grutsk te wêzen op in provinsje dy’t him yn dizze prachtige simmer sa goed profileart. Ik ha foar it oare wol oanstriid om no oer it ferfolch prate te wollen, mar ik bedimje my. Want dat soe no wer oerdreaun wêze.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s