Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

11 07 2018

Mûskopje

De televyzje lit optheden it Frânske lânskip sjen, begelaadt troch twa ientoanich jeuzeljende ferslachjouwers. Wat in monotoane stimmen en teksten ha dy mannen, dat lânskip wurdt der suver lillik fan. De Belch is it alternatyf. Ek by it WK-fuotbaljen. Want at ik sa’n Borst dêr eigenwiis yn syn leunstoel hingjend eameljen sjoch, moat ik elke kear wer oer de nekke. Unbegryplik dat se dat gewurde litte. Of se wolle der sels foar soargje dat de publyke omrop sa’n bytsje mear foarsteld, dat de oerheid it maklik fuortsmite kin.

Wêr’t de Belgen neat oan dwaan kinne, bin de úterlikheden fan  dat WK-fuotbaljen. En dan ha’k it net iens oer dat fuotbaljen no echt ferwurden is ta elkoar de poaten stikken te skoppen. En tagelyk at je net rekke wurde, as in fermoarde embryo út te razen boppe 40.000 minsken dy’t har folslein idioat ferklaaie en der inkel op út binne om te wiuwen at se yn byld binne. Of dat oeverleaze gelul fan dy skiedsrjochters dy’t hieltyd yngeane op dat geâldehoer fan al dy fuotballers lju dy’t miljoenen fertsjinje en dus folslein ûnearlik binne. Dêr ha’k it net iens oer.

Ik ha’t inkeld oer dat je noait mear in fuotballer of trainer praten sjogge. Je witte net iens at se wol prate kinne. Se ha allegear hieltyd de hân foar de mûle. Ja, dat is netsjes at je prúste of kropje moatte, mar sy dogge it at se wat sizze. No kin ik it my foarstelle dat at de iene fuotballer stiekem tsjin de oare seit dat dy Erwin Zeinstra wol in moai  kontsje yn it broekje hat, dat je dan net wolle dat dy liplêzende frou fan Erwin soks begripe kin. Mar se ha it net oer Erwin syn kontsje. At in assistint tsjin de trainer seit dat se eins in meterke nei foaren spylje moatte, dan hat hy de hân foar de mûle. En at dy trainer dan antwurdet fan “ja”, dan hat hy ek de hân foar de mûle.

Soks is yntusken sa massaal oan de gong, dat se it allegearre altyd dogge. At nei de wedstrijd twa jongens fan sis mar Manchester City elkoar felisiteare of kondoleare omt se yn ferskillende lânnneteams sitte, dan ha se de hân ek foar de mûle. “Felisiteard”. “Tanke, mar spitich foar dy”. “Ja, mar it is net oars”.

Dy fuotballers sitte fan achillespees oant de strôt yn de tattoos. Ek elkenien dy’t net fuotballet, apet soks nei. Fuotballers besteegje har tiid yn Ruslân oan trainen, sliepen, ûnderhanneljen oer in nij kontrakt en nei de kapper gean. Elk op de tribune en tús giet nei de kapper, “ik wol in Neymarkapsel”. Sa sil dat hân-foar-de-mûle-gedoch ek neidien wurde. Watte, we prate aanst allegear mei de hân foar de mûle. Want der kin oeral wol immen mei in telefoantsje wêze dy’t it opnimt en o wat kin der net barre at je tsjin de buorman sizze dat it moai waar is. Dat kin tsjin je brûkt wurde, at it waar wer minder wurdt.

Hoewol….. Stel je foar dat ferslachjouwer Gerrit de Boer nije wike in kameraatsje hinget boppe de gearkomste fan deputearre steaten. Dy dogge krekt at se it net witte, mar efter syn hân seit Jehannes Kramer dat Gerrit dêr hinget. Sietske gniist, efter har hân. Mar dan begjint it: “Cambuur”, seit Brok streng. Dêr jeuzelje se lang op om. Sietske en Klaas tsjin Jehannes en Michiel. Sander mei net meidwaan. Mar hy sit te skodzjen op‘e stoel.

Ynienen skuord hy de hân foar syn mûle en brobbelt tsjin Arno Brok “mar myn broer dy’t by Bjinse Dykstra wurket hat sein dat we foar nije wike 11 miljoen op it kleed lizze moatte, oars komt dat Cambuurstadion der net”. En dan krûpt Hearrenfeansupporter Jehannes ek efter syn hân en seit dat de sportklub gjin jild krige, mar de sportstêd. En Klaas en Michiel begjinne oer de 5 miljoen foar de Blokhúspoart, elk ek mei de hân foar de mûle. Brobbel, brobbel.

Dan slacht Arno Brok al dy hannen foar de mûlen wei. En seit dúdlik dat mûskopjen tige ûnfrysk is.
Mar no witte al dy Ljouwerters noch neat. Want it wurd mûskopjen ha se noch noait fan heard.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s