Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

29 08 2018

Oergong

We sitte yn de oergongs wike. En de oergong is, froulju witte dat it alderbêste, in kloateperioade. Harkje mar.

Ik siet sneon yn Lemmer op in grôtfol terraske yn de feestlike skûtsjedrokte, doe’t de kampioensskûtsjes fan de IFKS it Dok ynfarren kamen. Fleur. Efter my siet in timmerman. Dat hiet tsjintwurdich fansels oars, mar ik neam immen dy’t yn de bou wurket noch gewoan in timmerman. “Moandei wer oan it wurk “, sei er en helle de skouders op. “Eins ek wol wer moai, mar je moat wol wer omstean”. Ik knikte hoeden, mear mei in pensionado net dwaan.

Op de ek grôtfolle strjitte rûn wethâlder Jehannes van der Pal fan Grut Fryske Marren lâns. In glimk en in hastige hân. Want we hienen noch net echt in ûnderwerp om oer te âldehoeren. De polityk stiet nammentlik fan maaie ôf stil. Dy begjint pas yn septimber wer. Nije wike. Jehannes is ek yn de oergong.

By Spannenburg ynienen in pear hûndert ljippen dy’t oer de dyk hin en wer fleagen. Se makken har klear foar de groepsreizen nei it súden.

Doe begûn it ek noch swier te reinen. De simmer wie foarby.

Dus sneins mar om de fuortridende campers hinne, en wer gewoan nei it fuotbaljen yn Hearrenfean. Dêr wienen wy ek noch net echt klear foar. At Feijenoord komt sit it Abe Lenstra stadion meastentiids toch hielendal fol. No, no net koe’k sjen. Dêr hie ik echt net it ûndersyksburo Locatus út Woerden foar nedich. De fuotballers dienen ek noch noch zomeravondvoetbal. Boppedat wie it net gesellich. Fûn ik. Miskien ha ik wol wat mear lêst fan de oergong.

Mar dat ha mear minsken. We dogge mei syn allen sa’n waarme simmer neat oars as yn en yn tefreden sykhelje, omt je net mear oan de holle ha as hoe krij ik in pilske op’e tiid en wat foar fleis moat op de barbecue. En dan is der ynienen dy al sketste hurde oergong.

Eins hat Fryslân it hielendal net oan tiid om de oergong yn. Ja de bern moat nije wike wer nei skoalle en ús hûs moat noch ferkocht wurde, mar foar it oare davert Fryslân evenemintelân gewoan troch. De gondels en praalweinen rukke massaal ut, want de jierdei fan âlde keninginne Wilhelmina wurdt noch altyd fierd. Heineken en Hertog Jan komme mei frachtweinen fol suertsje bier nei de talrike doarpsfeesten. En it klubkrantsje fan kulturele haadstêd Ljouwert, de Ljouwerter Krante, fertelde dat der noch rom 300 eveniminten efter dizze prachtige simmer oankomme. Der sit hielendal gjin oergong yn, de skûtsjes wienen noch oan it silen yn Lemmer, doe’t op it strân Glemmer Beach al opbout waard.

Dan kom je tús, sla de krante iepen of lêze op twitter: Nederlanders ha neffens it safolste ûnnedige ûndersyk yn Europa de bêste ferhâlding tusken wurk en rêst. Tsja, we witte bêst wat wurkjen is, mar it moat ek wer net te lang duorje. Dêrfoar ha we dikke cao’s ôfslúten en dy hinderje ek neat, want de wurkjouwers gedije geweldich, al moat de allergrutsten miskien toch mar gjin dividind belesting betelje seit Rutte, oars moat elkenien dêr fjouwer oeren langer wurkje.

Eartiids sei de de âlde Wiegel dat Friezen hurder wurkje as normale minsken. Dat is al lang oer. Der is nea ien Fryske cao ôfslúten , dus we ha gjin aparte posysje mear. Nederlanders wol. Nederlanders ha fan de kristlike feesten in dûbeld oantal frije dagen makke, dat is unyk yn Europa. En dêrom stean we boppe oan dat ûndersykslistje. We bin faker frij as in oar en fertsjinje ek noch mear. Sterker, dan bliuwt der safolle jild oer, dat we dy frije tiid ynfulle kinne troch bygelyks nei in festifal te gean. Dat bringt oare minsken har rêstgefoel wer nei de bliksem, mar sadré at blykt dat Hearrenfean de festifals wol ha wol, dan harket Ljouwert net mear nei seurend folk. No, der sil lang om let wol in ûndersyk komme hoe’t dat fierder moat.

Want o wat kinne wy al net ûndersykje. It lêste ûndersyksrisseltaat wat ik fannewike hearde wie dat Nederlanders lokkich binne mei de útkomsten fan ûndersiken. Dêr ek noch yn leauwe. En neffens libje.

We bin eins in tige dom folkje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s