Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 10 2018

Unsin-perfesser

Perfesser dr. Caspar van den Berg is heechleraar global en local governance oan de Fryske kampus fan de Grinzer universiteit. Ik wit net wat soks ynhâldt, mar hy wit mear fan ús as at we sels witte. Sokke heechleraren wurde al gau ta God útroppen. Van den Berg foar syn opmerking dat it logysk is dat Fryske jongens in bus mei anti- swarte-pitefolk tsjinhâlde, omt de Friezen no ienris sels bepale wolle hoe’t it hjir om en ta giet.

Ik ming my net yn dat sware-pite-geâldehoer en dy rjochtsaak. Ik fyn it wól moai dat der net safolle minsken wiene op de manifestaasje om sjen te litten dat der ek oare Friezen as blokkearders binne. Moai, omt de grutte mearderheid altyd stil en tefreden tús sit, bliid dat der sokke striders as Ate de Jong besteane. Yn’e stoel lêst dy mearderheid de wurden fan perfesser dr. Caspar van den Berg. Se lêze dus dat sy sels bepale wolle soenen wat der hjir bard.

Wat in ferskrikkelike ûnsin. Dat soe betsjutte dat de measte Friezen wolle dat wy ús fan Hollân en Grins ûntdogge, as Frij Fryslân trochgeane en sokken as Caspar van den Berg hjir net mear ha wolle. Dat wolle de measte Friezen net. Hy mei hjir bêst dekaan op dy kampus boartsje. At hy mar net seit dat wy alles sels bepale wolle. Want dat is net sa.

Ja, der binne Friezen dy wolle dat wy wat mear foech krije. Dy sitte yn de boarterstún fan de FNP. Wy Friezen litte lykwols hieltyd sjen dat wy hielendal neat mei foech kinne. Nim simpel mar it ûnderwiis yn it Frysk. Guon fine dat sa min, dat der no ien is dy wol dat alle yngreven Friezen nei de skoallen geane, de masters en juffen oan de kant skoue en de bern dan de krekte wurdsjes leare. Alders fine it bêst  dat de bern wat Frysk krije, mar net dat at se tus komme en sizze dat “it sa linkendewei skoof en skande is, sa’t boeren de hommaije fertuteazje litte”,  at der inkeld in te brede trekker tsjin in pealtsje riden is.

Wy kinne dat net. It Polderhoofdkanaal is in moaie farwei, mar der mei net mear fearn wurde. Want we libje yn it moaie natoerrike Fryslân, mar we ha te min natoerkompensaasje foar dat kanaaltsje  regele. Dan kin je wol sizze dat dy rjochter him net mei ús gedoch mei dat kanaaltsje bemoeie moat, mar oer te min natoerkompensaasje soenen we noch jierren en jierren oer hottefylje. Lês dêroer it skitterjende ferhaal fan ôfskiednimmende tige wurdearre kollega Halbe Hettema fan sneon yn de Ljouwerter.

We kin net iens diskusieare. Want at twa wethâlders yn Ljouwert in finansiële kompensaasje regelje mei in skoalle, skriuwe se mar net iens op wat der ôfpraten is, want dan kin je der sá lang oer hottefylje, dat Cambuur al lang en breed yn it Abe Lenstrastadion yn Hearrenfean  fuotballet.

Altyd at dy FNP-ers it oer eigen foech ha, dan neame se it gas wat hjir en dêr fûn wurdt. Dat soe dan hielendal fan ús wêze. No dan is it Grinzer gas dus fan de Grinzers. Dan wik ik jim dat der dêr noch folle mear út de grûn helle wie. Want gas kin je ferkeapje en Grinzers bin sljocht op jild. Dan hie hiel Grinslân no twa meter djipper nei ûnderen lein. Mar se hiene alle peallen om de hiele provinsje omheech te krikken sels betelje moatten. Dat hiene se net kinnen. Set dat mar oer nei Fryslân en je witte dat dat soarte ûnsin hjir net ferkocht wurde moat.

Ja, ûnsin perfesser. Lês ris in krante. Sjoch yn de wrâld dat net in lân mear syn eigen wil útfiere kin. No, Saudi Arabië miskien. Fryslân seker net. Sjoch perfesser, dy 200 Friezen yn de Prinsetún, en al dy minsken yn de stoel, sizze net sa folle. Ha wol in eigen miening, stimme, mar dogge dêrnei gewoan yn it gehiel mei. Harren frijheid yn hanneljen en dwaan, eigen wil, is nammentlik hiel wat oars.

Dat komt net fierder as: “Wat wolst foar ijsko ha, wy nimme allegear in readen of in gielen”. “Ik wol in grienen”. Da’s Frysk.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s