Eelkesweblok

1 reactie

31 10 2018

Grip

Der is in nij wurd yn de polityk. It wurdsje grip. As oerdrachtelike foarm fan immen of guon by de strôt ha. Grip. It is snein yntroduseard troch Aukje de Vries. Aukje siet eartiids yn de Ljouwerter gemeenteried en is opklom nei de Twadde Keamer. Aukje is in fleurich frommis, hat net folle strapatsen. En dan kin je yn in partij as de VVD maklik opklimme. Want dat is de partij fan Aukje. It makket net út wat dy partij seit of docht, Aukje rint der like goed efteroan. Of foarop.

Dat lêste omt hieltyd mear VVD–ers te fleurich binne en dêrút wei sels ondogens wurde kinne. Dêrom wie Aukje oan bar om de dividintbelêsting ôf te skaffen. Dat wol sizze, dat soene Rutte en syn jongens en famkes dwaan. Dan soe Aukje yn de Twadde Keamer sizze dat se it dêr mei iens wie en dan hie it foar de reade en brúne jonkjes en famkes gjin doel mear en lul der op troch.

Mar ja, ús kening is noch ondogenser as VVD-ers. Hy sei ynienen tsjin Ingelske kranteskriuwers dat de Brexit net trochgean moat. Hy sei it letter ek tsjin de Ingelske keninginne, mar doe hiene de grutfertsjinjende Ingelske ûndernimmers al sein dat se neat mear mei dat oranje lântsje te krijen ha wolle. At dy Rutte syn kening net iens yn de hân hat, gjin grip op de kening hat, poeh. Dy grip wie noch net fan Aukje.

It hie lykwols fan gefolgen dat dy Ingelske dikfertsjinners net nei Hollân giene en dus moast Aukje ynienen yn de Twadde Keamer sizze dat de dividintbelêsting bestean bliuwt. Besykje Aukje no net te fergjen op wat se no echt fynt, dividintbelêsting of gjin dividintbelêsting. Dat andert hat se net. It makket har gjin soademiter út, se folget blyn  Rutte. Dy bepaalt wat Aukje tinkt.

Aukje wennet noch yn Ljouwert. Se sil de Ljouwerter Krante ek noch wol lêze. En dêr lies se dat ROC de Friese Poort net mear wol dat de lêsnimmende famkes oerstjoer reitsje fan dy tatoëerde Cambuur fuotballers. Sterker, de hiele Friese Poort is foar de bou al fan de tribune ôfgien.

Ferline wike wie’t hjerstfakânsje. De Twadde Keamer hâldt dan altyd efkes op mei regearen, want Twadde Keamerleden witte mar al te krekt dat de oppassintrales djoer binne. Aukje hie’t oan tiid en koe wol efkes fleurich foar de radio. Buro de Vries, it programma is yndertiid al nei har neamd. Se hienen it dêryn oer dat it yn Fryslân no sa is dat al of net in fuotbalstadion ôfhinget fan hoe’t ûnderwizers yn de fakânsje fan bêd komme. Dat fynt Aukje net goed.

Mar Aukje helle ek in soad oare âlde Ljouwerters út de bûse en lies deryn allerhande saken fan  Ljouwert. Ferkearde saken. Der skynt dêr ferlet te wêzen fan immen dy’t goed siferkes optelle kin. Yn elk gefal kaam Aukje ta de ferskuorrende konstatearing dat it gemeentebestjoer fan Ljouwert syn grip oan it ferliezen is.

Ik ha it no efkes net oer al of net goed bestjoer. Net oer dat it tiid wurdt dat dy oeral oanwêzige wethâlders fan Ljouwert no ek ris wat opskriuwe of opskriuwe litte, at se wat tsjin ien of oar tasizze. Nee, ik wol it ha oer dy grip. Want ik ha gjin grip op alles wêr’t  Aukje grip op ha wol. Betsjut dat at oerheden goed funksioneare dat se dan de befolking yn har grip ha? Us sadanich by de strôt ha dat we inkeld noch wat rocheljend oer strjitte swalkje? Dat goede funksjonearende oerheden ús ta smots wurgje? En dat de saken ferkeard geane at oerheden dy grip ferlieze?

It is sa linkendewei ferbjusterjend dat bestjoerders, keazen bestjoerders ek noch, sá tinke. Dat je grip op de mienskip ha moatte en dat it dan allegear wol goed komt. Polityk sei dat se hieltyd transparanter wurde en se freegje de minsken hieltyd faker om mei te praten. Mar we ha dus blykber wol in hâlsbân om. En at in bestjoerder dy bân efkes wat loslit wurdt dy bestjoerder ûntslein. Dy is skuldich, opsoademiterje. Want frijheid foar it folk bestiet net mear. De oerheid regeart mei fêste grip.

Advertenties

One thought on “

  1. Un hiele sterke colum, un terjochte draai om de earen foar Aukje de Vries!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s