Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

07 11 2018

Ternaard

Yn Amerika wiene juster ferkiezings foar it Senaat en Huis van Afge vaardigden.  Normalerwize ha we dêr net sa hiel folle omtinken foar, mar omt yn Amerika lange rigen foar de stimburo’s stiene en omt Trump fia de ferkiezings sterker of swakker wurde soe, stienen we  hjir op de earste rige.. Ik hearde Jouster Charles Groenhuizen oates en toates fertellen hoe’t it 20 jier lyn yn Amerika wie.

Op 21 novimber bin der gemeenteriedsferkiezings foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Op in gewoane ferkiezingsdei soenen we der totaal gjin omtinken foar ha. Mar no bin se ynienen wichtiger as de provinsiale ferkiezings. Miskien altyd wol, mar dêr ha we it no net oer.

Njoggen partijen dogge mei. Hoe kin der njoggen minsken yn Noardeast-Fryslân sa ferskillend fan elkoar tinke dat se in partij oprjochte ha. In ellinde foar in gesprekslieder fan in ferkiezingsjûn want se ha alle njoggen rjocht op praten. Dat wie fannewike ek sa. Se wiene yn Ternaard. Dat wie moai, want der is wat mis mei Ternaard en at se dy ferkiezingsjûn net hân hienen, hienen we it noait witten. Gas. Dat wat we noch brûke meie yn Nederlân, moat ûnder Ternaard wei komme.

Ternaard leit net sa fier fan Grinslân ôf. Dat is fanwege gasboarings sa fersakke dat de NS no betocht hat dat je der mar wat hurder weikomme kinne moatte. It is net mear as in  kertier, mar it moaie dêrfan wie dat Jehannes Kramer en Assen lilk waarden en dan krij je as Grinzer wer wat mear selsbetrouen.

Ternaard. Besoargd dat it ek fersakje sil. Miskien dondert de hiele seedyk wol yn elkoar. Jehannes Kramer en al dy oare provinsiale hotemetoten soenen folle hurder oan hokker belle dan ek skuorre moatte, mar se litte Ternaard iensum modderje. Dat dogge we allegearre. At Holwerd-aan-Zee triomfantelik fuortdroegen wurdt troch Sybolt Buma, dan sizze dy Holwerters net: set ús efkes del Buma, want we moat it earst efkes oer ús buorlju ha. Nee. Dus gjin wûnder dat it de hiele ferkiezingsjûn oer it gas gie yn Ternaard.

In folslein ûnsinnich debat. Je kin alle njoggen wol wat ferskillends  fine, mar de ien komt no ienris út in gruttere partij as in oaren. Je kin op sa’n ferkiezingsjûn as ienling wol wat lûder roppe as ien fan it CDA, at de stimbryfkes ynfuld wurde hat it CDA der fansels alles te sizzen. Ik kin dêr wol in hiel ferhaal oer hâlde, mar dan noch sizze de measte lju dêr dat se krekt sa stimme sille as at heit se yndertiid leard hat.

It CDA, Liuwe Sytsma, hie op de jûn in skitterjende ûntwykferhaal. Ja miskien soe it better wêze dat der net nei gas board wurde soe, mar yn elts gefal moat der wol los gien wurde mei in nij ynisjatyf fan de ryksoerheid. In omgevingsvisie, ik lit it mar hollânsk. Prate mei de befolking fan Ternaard. Dan kin se dêr fertelle wat se graach oan betingsten ha wolle soene, at der board waard. Dus net: der mei al of net board wurde. Nee, wat at der wol board wurdt.

Ternaard leit flak by Grins. Grinzers ha kopertried útfûn doe’t se fochten foar in sint. Dus der wiene op dy jûn nochal wat lju dy seine: dan kin we moai wat jild freegje at der board wurdt. No, dêr krij je dan as it de NAM de boaren yn’e grûn stekt miskien de helte fan. As je foar it omgevingsproces binne, bin je foar boaren, seinen oaren.

Sterker, de partijen Sociaal in Noardeast-Fryslân en de Waddenpartij krigen applaus fan de soarglike Ternaarders, doe’t se seine dat se net mei in partij yn it kolleezje sitten gean dy’t in omgevingsproces wol ha wol. Ja, dat kin se maklik sizze, it is net wierskynlik dat se frege wurde sille om yn it kolleezje. En at dat wol sa wêze soe, kin je better yntern fechte, as dat je net mei dogge, want dan bin je mar ien dei de held fan de befolking.

Mar tink jim no echt dat al of net gas yn Ternaard beslikke wurdt troch gemeentlike jonkjes en famkes. Dat beslisse oaren. Foardat de gemeenteried ynstalleard is, is der al lang board. Sa’k sei, in ûnsindiskusje. Want we wit no noch net op wa’t we stimme moatte.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s