Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

21 11 2018

Taal

Kollumkollega is in wurd wat net bestiet. Dochs is Hilda Talsma myn kollumkollega. Se is freeds om dizze tiid hinne te beharkjen. Gewoanwei soe ik sizze dat se dan te hearren is. Mar dan wurd dat letter, as je de tekst opstjoere nei de redaksje fan Omrop Fryslân, dochs wer feroare yn “beharkjen”.

Hilda Talsma hie’t yn in eardere kollum oer har sekslibben. Se sei dat se tidens de hichtepunten dêrfan sin krige oan pindasaus. Dat waard letter yn de tekst feroare yn apenútsaus. Dêr hie se it freed oer. Se sei dat apenútsaus in ûnwerklik wurd is. Dat is ek sa. Ik ha noch nea immen it wurd apenútsaus sizzen heard. Sels net immen fan de Ried fan de Fryske Beweging en dy fertelle de Europeeske Kommisje dizze wike dat wy diskrimineard wurde omt de patatboer net wit wat apenútsaus is.

Yn it wurdboek stiet dat je tsjin pindasaus gewoan pindasaus sizze meie. At je it wurd saus net fertale yn mjuks, dan hoege je de pinda hielendal net te fertalen. Sa bin ik wolris wurden tsjinkaam yn myn eigen kollum, wêr’t ik noch noait fan heard hie. Mar se bin net  konsekwint hear:  Ik skriuw kollum gewoan as it plak Kollum. Fout, sa skriuw je it net yn it Frysk. We soene gewoan c-o-l-u-m-n skriuwe moatte. Mar dat feroaret de redaksje ek wer net.

Dy is dus somtiden frysker as Frysk. De swiere opjefte fan de Omrop. Wannear doch je it. “Weagen fersmodzkje ús iggen”. Ja, tachtich persint fan ús harkers begrypt it net. Dat wurdt dus “golfkes ferniele ús wâllen”. En dan moat je ek wer net safier ferhollânskje dat je it echte Frysk fertuteazje litte.

Neffens Omrop Fryslân bin der ferline wike twa skippen op see botst. Watte, it wurd botsing kaam tsien kear foar yn it berjocht. Tsien kear krige ik de ride oer de rêch. Hylke Speerstra naam my oan as korrespondint fan Schuttevaer en sei dat ik mar om ien ding hoegde te tinken, skippen botste net, dy ha oanfarrings. Ik ha letter wolris in berjocht heard dat de skûtsjes fan Meeter en Zwaga botsten. Dêr sliepte ik trije wike net fan. En dat wie ek wer net nedich, want elk koe echt wol begripe dat se tsjin elkoar op sieten.

CDA-Twadde-Keamerlid Harry van der Molen fan Ljouwert siet ek mei in taalprobleem. Hy hie der sels in wetsfoarstel oer makke. It wurd “studievoorschot” moast “studielening” wurde. It liket my alhiel net fan belang, mar miskien is it yn dit lân wol sa dat foarskotten net altiten werombetelle wurde en lieningen wol. En dat witte se by it CDA.

Oer dit ûnsinfoarstel waard trije kear stimd yn de Keamer. Trije kear lykspul. De lêste kear 73-73. Der wiene fan beide kanten twa Keamerleden net, dus ek at se der allegear west hiene, wie it lykspul wurden. It foarstel is dêrmei net oannaam. Harry sil no wat betinke om dochs gelyk te krijen. Ik hoopje dat der immen yntusken útrekkenje sil hoefolle studinten fiif jier studeare kinne fan it bedrach dat Harry fergriemd oan dit ûnsinniche gedoch.

De oare kant lyksa hear. Fryske Grien Linksers sieten gesellich by elkoar om de tafel. Se dreamden dat se in Klavertje Fjouwer fûnen. Doe sei immen ynienen dat it better is de namme Groen Links tenei net mear yn it Frysk te fertalen. Groen Links dus. Net Grien Links. Gjin i mar in o.

  1. Der bin hjir yn Fryslân dochs in stik as wat gemeenten wêr’t it Grien is. Op de gearkomste waard der lykwols posityf op reageard. Dat wienen groene linksers. Mar at Friezen lid binne fan Groen Links dan sizze dy gewoan altyd dat se by Grien Links hearre. Dat kin aanst net mear dus. Groen.

Mar dan gean al dy grienen dochs wer moai werom nei de FNP. Dat wol mei klimaat en miljeu presies itselde as Groen Links. It liket sa no en dan net sa, mar dat komt omt de FNP yn kolleezjes sit en dan wurd je siz mar wolris wat nonsjalanter yn datsoarte saken. Mar at it giet oer it Frysk stean se oerein. Kom mar groenen, seit de FNP. Wij neame ús tenei GFF. Grien Frysk Folk.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s