Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

28 11 2018

Gesellich

Sneintemiddei tsjin healwe trijen, Teater Snits. 600 minsken ferkringe  elkoar yn de hal. Skoue stadich mar fleurich de seal yn. Myn hân wurdt suver fan it liif skuord, ik krij tuten en slaggen op it skouder. Want ik kin sawat de helte fan it oanwêzige folk. Allegear famylje, freonen, kunde en bekinde koppen. Gesellich.

Yn de seal in optreden fan in Ierske musykgroep. The Kilkenny’s. Al in jier as seis komme se yn Snits, want dêr stiet in Irish Pub. Fjouwer man spylje fleurige, romantyske en tryste musyk. Prachtich. It folk stiet oan de ein trije nûmers lang klappend, sjongend en dûnsjend oerein. Nei de tiid noch in hassebasje yn de hal. En je kinne  the Kilkennys dêr ek noch efkes op it skouder slaan. Wat ha je dan in moaie sneintemiddei.

Myn tinzen gean efkes nei Ljouwert. Dêr wurdt op itselde tiidstip ôfskie naamen fan it kulturele jier. Ja, kulturele jierren duorje no ienris wat koarter as gewoane jieren. Se namen ôfskie fan wat de Fryske mienskip Europa biede koene oan kulturele ynhâld. En jeuzelden oer hoe’t it no fierder moat mei de Fryske kultuer, krekt as moat we tenei allegear nije dingen dwaan. Ach, Freark Smink treed sneontejûn op yn Bûtenpost mei Sânman en Sikke. En Jan Arendz en Joke Tjalsma spylje yn maart al wer dat it simmer is, it stik is skreaun troch Bouke Oldenhof en Jos Thie hat de rezjy. Alles wer hiel gewoan, âlde lju yn nije jaskes.

Mar sa lang at wy op in sneintemiddei 23 euro betelje mei syn 600-en en dan in gesellige en kulturele middei ha mei Kilkenny’s, is der neat oan de hân en hoege de oerheden har inkel mar drok te meitsjen oer it bestendigjen fan de besteande kultuer mei wat romte foar in snufke nije saken. Ornaris betinke de kreatieve lju yn Fryslân dy sels wol. No ja, dat hat Roel Oostra juster al útlein.

Eeh, Kilkenny’s. Ik sjoch om my hinne. Deun by my sit in CDA-wethâlder út in oare gemeente. Sterker, der sitte allegear ferskillende leauwers yn de seal en dy klappe like hurd mei yn de lieten weryn de whiskey hast fan de instruminten ôfdrupt. Ik gniis wat yn my sels. Kin no begripe dat de CDA-ers yn Súdwest-Fryslân sneins fergees parkearen hanthavenje wolle. In sjoernalist hie der by set dat soks foar tsjerkefolk wie, mar it blykte no ek dat it om teater giet.

It wiene parkeardikusjes om ek troch de wike wat mear fergees parkearen yn te fieren yn gruttere plakken. Nedich, omdat wy as folk no ienris net sa gol eurootsjes yn in pealtsje stekke. Dêr wurde we hieltyd hurder yn.

Sowieso, we sitte yn in oare tiid. Sneins en tsjerke seit ús ek al net sa folle mear. It ambtsgebed waard de gemeenteried fan Achtkarspelen ek al útsmiten. Omt, sa’t letterlik de VVD en FNP seine, der hieltyd minder kristlike riedsleden binnen dy’t efter it gebed steane. Unbegryplik, dat seinen se op deselde dei dat it CDA wer wûn yn Noardeastfryslan. VVD en FNP hiene der noch in frjemde útering by: It gebed soe net passe by in ried dy’t him ynsette moat foar álle burgers, wat foar leauwe dy ek ha.

ChristenUnie-minsken ha in leauwe. Dy stimden yn Achtkarspelen net mei om tenei dan mar in momint fan besinning te nimmen. Dat is der ek altyd at fuotbalers in goal meitsje. Dan gean  se efkes op de knibbels en dan hannen en eagen nei boppe. Sa fan ik ha’t net allinne dien. Dat fynt de ChristenUnie yn Achtkarspelen neat.

Se wolle dat de kristlike gemeenteriedsleden yn in apart keamerke krekt foar de riedsgearkomste efkes net troch de knibbels mar wol yn gebed gean. Prima, alles mei. Mar dan mei ik sizze dat it net helpt at je de beslissing nimme moatte at Achtkarspelen no al of net fierder moat mei Tytjerksteradiel, want dêr wurd je echt net by holpen.

Ik wie suver wat fan de wize. Fan de Kilkenny’s fuortdreamd nei it ambtsgebed yn Achtkarspelen. Hoe kom je der op. Gau wer konsintreare. Och heden, se spylje en sjonge “het kleine café” fan Vader Abraham op syn Iersk. Meisjonge. “….allen gelijk en tevree”. Gesellich.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s