Eelkesweblok

1 reactie

12 12 2018

Lokkich?

Der komt in nije krantsje. Dat hjit ek “de Nije”. Dat is foar it oare in âlde namme. Yn de 70-er jierren fan de foarige iuw hienen we hjir al in krante dy’t de Nije neamd waard. Dy waard makke troch read/griene lju mei in Frysk flachje yn de hân. Dat is no in flagge wurden, want dizze Nije wurdt stipe troch de Ried fan de Fryske beweging.

Dy fynt dat der better tafersjoch wêze moat op ûnderwizers dy’t de bern Frysk leare. No, ik ha it bejaarde selskip oersjoen, dat ûnderwiis sil neffens harren nea goed wêze. Smite se dan de ûnderwizers der út? Dan is der hielendal gjin Frysk mear. Mar dat let ek wer neat, ûndersyk hat ommers útwiisd dat Friezen, al bin se útklaaid oant it himd ta, lokkich bliuwe.

De nije Nije is dan ek gjin geel oerstroeperke, wat de eardere Nije wol wie. De nije Nije skriuwt oer ús weelde: iepenbier ferfier, reedriden, de Waadsee, enerzjy en nije boeken. Friezen wurde dêr noch lokkiger fan en keapje enerzjyk in nij boek oer de Waadsee.

Reedriden? Je wurde dochs wat ûngelokkich as je nei de World Cups sjogge. Gjin prestaasjes, gjin publyk. No ja, dy lokkige Friezen sille kommend wykein wol wer gewoan nei Thialf sokkebolje. Miskien jusjes minder, want lokkige lju kin likegoed benaud wêze en dy iishockeyhal dondert sa yn elkoar. Ek sitte we yn oer de rêch fan Sven. Neffens Erben Wennemars in grutter probleem as de oarloch yn Jemen. Lokkich, it oarlochsslachtoffer riidt al mei.

Waarman Pyt Paulusma is in man dy’t it folk altyd lokkich meitsje wol. Hy hat sein dat it fannewinter wol -20 wurde kin. Kin. Ja. dat is al iuwen sa. De rânnestêd rekke lykwols oerstjoer en sette it alvestêddebestjoer ûnder druk. Dy sil no, at de rayonhaden har gele oerstroeperkes oanlûke, binnen 48 oeren de tocht organiseare. En dat kin ek, want dy rayonhaden krigen in appke. Se kin tenei samar sjen wat kollega’s foar iisdikte ha. Eartiids bellen se wolris mei elkoar, mar dat is no foarby. Net dat sa’n app wichtich is, jo eigen iis moat tsjok genôch wêze. En je moat der net in sentimeter by dwaan, omt buorman-rayonhaad dat ek hat. Mar de koppen stiene breedút yn de kranten: Frysk folk lokkich mei appke foar rayonhaden.

Krekt as provinsiale wettersteat. Dy ha no in digitaal masjientsje, dat telt automatysk skippen en boaten dy’t troch in brêge of oer in mar farre. Eartiids, oant en mei juster, setten brêgewachters streekjes op in kladblokje, mar dat kin se blykber net mear. Der hat miskien ek wol te min tafersjoch west op it rekkenjen yn it ûnderwiis.

Ja mar, sei dy man fan wettersteat, dat masjientsje telt ek de slûpkes dy’t ûnder de brêge trochfarre. Ja, no en? Dy brêge hoecht dêr net foar iepen. En it masjientsje seit net hokker skip dy dampeal stikken fearn hat by de brêge. Dat soe die ienigste ynformaasje wêze wêr’t je wol lokkich fan wurde kinne.

Je wurde as Friezen fansels hielendal lokkich at je it oer iepenbier ferfier ha. Grut nijs, want ek Fryslân mei besykje mei in snelle trein nei de rânnestêd te komen. Jehannes Kramer fertelde it mei triljend lûd. Want ja, earst krige Grins sa’n proef op Sinterklaas en doe hat Jehannes roppen: “ik wol ek meidwaan”. No, se seagen him skriemen en no docht hy mei. Zoef, mei de trein fan Ljouwert nei Amsterdam.

Eeh Jirnsum, neuh; Akkrum neuh; Hearenfean ek net; Wolvegea, Stienwyk, zoef zoef. Logysk, oars kom je net oan dat heal oere tiidwinst. Jehannes Kramer hat it noch noait oer Hearenfean hân. Mar hy hie de minsken yn Grou, Akkrum en Wolvegea dochs tasein dat er syn bêst dwaan soe dat elke trein dêr ek ho hâlde. Hy hat it allegear net neamd. Snelle trein fan Ljouwert nei de rânnestêd. De rest fan Fryslân moat, at se der yn sitte wolle, earst mei it boemeltsje nei Swolle.

Sa wurdt der wol folle mear ellinde oer it Fryske folk útstoarten. Mar dat bliuwt gewoan lokkich. En at der wat lju mei in geel oerstroeperke rinne, dan tinkt dat folk dat de alvestêdetocht los gien is. Dan kin je echt lokkich wêze.

Advertenties

One thought on “

  1. Pingback: Blog Eelke Lok: Lokkich? | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s