Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

19 12 2018

Jittik

Fannewike krige ik in twitter. Werom at ik moarns altyd in sitroen útpers, ynstee fan in sinasappel.

Sil ik dat ris útlizze:

Yn de hiele wrâld wurdt it ferskil tusken ryk en earm hieltyd grutter.  Hjir ek. De riken komme net foar de earmen op. Sterker, se soargje ek noch dat we se net mear hearre kinne.

Rutte sei dat we der allegear op foarút gean soenen. Dat blykt twa moanne dêrnei al net mear sa te wêzen. Rutte besoademitert ús. Dat mei. Wy litte ús besoademiterje. Dat mei net.

De banken besoademiterje ús ek noch hieltyd. De bazen dêrfan strike bakken fol jild op foar it mei elkoar bepraten hoe’t se noch mear swart jild wytwaskje kinne.

Sikenhûzen falle allegear ien foar ien om. It blykt lang om let dat alle jild yn de sûnenssoarch nei oandielhâlders, direkteurs en sjirurgen giet.

Yn de hiele wrâld binne ûntelbere wrede oarlogen oan de gong. Dan kin de wapenyndustrie yn de rike lannen moai bestean bliuwe. It wurdt allegear bepaald troch in lyts groepke Poetins en Trumpen en sa. Dy binne wat oan it boartsjen. Stratego leau’k.

De flechtelingen wolle we ús net oer bekroadzje. Dy ha in oar leauwe. En wat in oar leau’t doogt net. Soms is dat ek sa. Dan wurde se terrorist. Dy libje ûnder ús. Dus we wantrouwe en hate elkoar allegear. En we libje yn in wrâld dat datsoarte minsken harsels opblaze.

De Nederlânske regearing wol de minsken warskôgje foar nep nijs.  Dat it nedich is. Mar at je net mear dogge as wat roppe op facebook, dan feroaret der ommers neat. Hâld je dan ek mar stil.

De kriminele wrâld yn Nederlân wurdt ûnfoldwaande oanpakt. Rike drugsbazen drige boargemasters del te sjitten. Dêrom is it tusken heakjes wat frjemd te lêzen dat in offisier fan justysje, Oebele Brouwer, drok dwaande dy wrâld oan te pakken, no sels boargemaster wurdt.

De drugsmaffia hjirre fertsjinnet 19 miljard oan drugs. Nederlân wurdt hieltyd drokker besocht troch snúvers. We snúve sels ek, en meitsje dêrtroch in kear sa folle ûngemakken. Sielich dat boargemasters dan besykje ien wietplantsje earne op in folkstúntsje  te krijen.

Nederlân krijt der noch wer mear fleantúgen by. En tanks. Dan is takomstich Earste Keamerlid Ferd Crone ek noch bliid. Mei dat se fine dat arbeidsplakken altyd wichtiger binne as hokker prinsipe dan ek, is de PvdA dus ek alhiel neoliberaal wurden.

De boeren ha it lân yn Fryslân ferkloate. Se wolle der wol mei ophâlde, mar dan moat se betelle wurde. Net ien wol dat jaan.  Sterker, ús Fryske oerheid seit “kloat dan noch mar efkes troch”.

We foldogge absoluut net oan hokker klimaatakkoard dan ek. Dat wite we wol, mar we dogge der hielendal neat oan. We kin hjir net iens in wynmûneparkje fan de grûn krije. We wolle net dat op in pear stukjes griene greide no sinnepanielen kweekt wurde. Ek it boaren nei gas giet gewoan troch. Je wurde toch ferskriklike lulk at je lêze dat der gewoan wer konsesjes ferliend wurde. Je soene it yn dizzen lamlendige gemeentebestjoer fan Weststellingwerf wol yn in carbidbus ôfsjitte wolle.

Want dat mei ek wer oerol. Op dy dei dat we alle helpferlieners tsjinhâlde om har wurk te dwaan. Wy wurde in skofterich folk at we in pear hân ha.

Hearrenfean en Cambuur fuotbalje waardeloas. Sven Kramer hat it yn de rêch en Sjinkie Knegt rydt himsels oer mei in sjofel.

 

In steatskommisje seit dat ús polityke bestel alhiel net mear doocht. We stimme, fierder dogge we net mei. Dat moat feroarje sizze se. Mar dat bart net omt de minsken dy’t dat feroarje moatte, net wolle dat it feroaret.

It is dus tiid foar giele oerstroeperkes. Like massaal as yn Frankryk. Allinne plysje en leger bin dêr en ek hjir yn hannen fan de oerheid. Dus wurdt elkenien massaal wer út it oerstroeperke weihuft.

In Sweedske âld minister sei fannewike yn in ynterfjoe dat minsken altyd massaal de strjitte opgean at se earne tsjin binne, mar se bin noait massael earne foar. Dêrtroch bin wy ynienen allegear blokkearfriezen wurden. Ik kin it wurd fan it jier net út bek krije.

Sa. Tink dêr marris oer nei at jim o sa gesellich ûnder dy Krystbeam sitte.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s