Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

02 01 2019

Meldpunt

De FNP wie eartiids in polityke partij. It wurdt no in meldpunt. Dêr kin je dan melde at Fryske plattelânstradysjes tsjinwurke wurde troch de oerheid. Wêr’t de FNP nota bene sels faak yn sit. Mar je kin better meldpunt wêze as in polityke partij. Je ferwachtsje stânpunten fan in polityke partij. Sa’n FNP soe no bygelyks sizze kinne dat der gjin sânwinning yn de Iselmar by Mirns komme moat. Fan in meldpunt hoege we dat net te ferwachtsjen.

In meldpunt is inkeld in punt wêr’t je wat melde kinne. Dêr dogge se neat mei. Maklik skoare sa tsjin âld en nij. Elkenien tinkt bygelyks dat fjoerwurk in tradysje is. Dat is net sa. It is in út de hân rûne ôfwiking. De FNP wol it karbydsjitten behâlde. De tradysje dêrfan is dat de boer eartiids ‘s nacht om tolve oere in molkbus kalk ôfskeat. At hy twa bern hie miskien noch in kear. Dan wie it oer. No is it in oarlochsfeest wêr’t smites dronken jongfolk har mei fermeitsje, mei soms earnstige gefolgen.  De oerheid docht wat se altyd dogge: neat.

Dy oerheid  fynt it bêst dat yn elk doarp optochten hâlden wurde mei de doarpsfeesten. At de minsken der gjin nocht mear oan ha om in wein of in gondel te bouen hâldt it fansels op. Dat doarpsfeest is der like goed, musyk en sûpe yn de tinte. Dat neame se tradysje, it is gewoan ús karnaval.

De oerheid leit ek it tradysjonele keatsen gjin hânbree yn de wei. Dat is gewoan njonken de tinte. Inkeld der sjocht net in hûn mear nei. Ek Boerebrullolft, kokedagen en sa bin as hichtepunt fan it doarpsfeest net ferkeard. Sels boargemasters stean sokke dagen yn de kroech of tinte. De oerheid komt inkeld yn aksje at guon jong doarpsfolk in âlde tradysje herstelle wol en it buordorp de harsus yn slacht. Dy melde dat net by de FNP, mar slaan werom.

Fryske hynders meie ringstekke. Se bringe de boer sneins net mear nei tsjerke, al soe it wol meie. En Campina betellet dat de tradysjonele ko ek wer yn de greide komt. Skûtsjesilen is ek sa’n tradysje. Mar de FNP kin net safolle ketoen breidzje, dat de seiltsjes wer tradysjoneel wurde. Krekt as fierljeppen en oar guod, it libbet syn eigen libben sadanich dat it pyblyk belutsen bliuwt. Wy kinne omraak eveminten organiseare op in min of mear tradysjonele basis. Dat is it dan. Mar we ha echt gjin meldpunt nedich.

Sûkerbôlle en oranjekoeke wurdt troch de oerheid neat yn de wei lein. Sterker, se keapje de sûkerbôlle , smarre der boerebûter op en keapje dermei hollanders om.

Fryske plattelânstradysjes bin der inkeld noch op de eilannen. De Partij voor de Dieren wol dat se op Skier by Kallemooi net in hoanne yn de mêst hingje. Dy partij soe him better te skoar sette kinne tsjin it domme aldjiersfjoerwurk, as ús hûn yn de hoeke fan de keamer skyt fan benaudens.

De oerheid docht ek hielendal neat tsjin it Sunderklaazjen op  Amelân. Prima dat wy der net hinne meie, want dan waard it daliks wer in te grut evenemint. En dat Sint Pieter yn Grou nasjonaal erfskip wurden is hâldt net yn dat de oerheid yngripe moat omt de bern yn Grou én op 5 desimber én op 21 febrewaris in kadootsje krije.

De ienigste tradysje dy’t de oerheid rêdde kinnen hie wie it aaisykjen. Mar ja, we hiene in FNP deputearre dy’t dat beoardere. Da’s dus neat wurden. We kin it miskien wol melde, mar dan seit hy dat de frânsen, mûzebiters, foxen en stienmurden him oan de kant skood ha.

Dy deputearre, Jehannes Kramer, wie âldjiersdei mei in koptillefoan op by karbydsjitters. Watte, de hiele FNP besocht alle karbydsjitters en traktearde op oaljekoeken en stikkers. Dat wylst de mearderheid fan folk en de bisten al lang tsjin fjoerwurk is. Stikkers op de karbydbus. Kleuters. Sorry beukers.

 

Want Den Haach tinkt no fansels dat it Frysk net mear is as in plattelânstradysje, at de FNP him dêr sa drok oer makket. Dan hoecht  nimmen mear omtinken oan de taal te jaan. At je dêr oer seure wolle, dan kin dat toch moai by dat meldpunt?

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s