Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 01 2019

Ramp

Ôfrûne freedtemiddei sei Arno Brok op de nijjiersresepsje fan de provinsje dat provinsiale bestjoerders kontakt ha moatte mei de mienskip. Spitich, de mienskip hearde it net, dy stie rotsoai op de eilânnestrannen op te rêdden. Brok gie de oare moarns sels ek. Nei Skier. In nije mienskip stie yn in lange rige foar de boat. Sy dienen dêr wat, Brok seach inkeld efkes. Dan tink ik, bliuw tús en lit dy minsken en militêren dêr wurkje. En sjoch op de tillefyzje grutsk nei dyn mienskip.

Neffens de FNP bestie dy mienskip fan de freeds allegear út FNP-ers. Us mienskip. It CDA die it noch grouwéliger: Sander de Rouwe rôp elke CDA-er op om sneons nei Wierum te kommen. Dêr massaal de dyk op te gean mei pûden. Dan koe der ek noch moai in foto makke wurde. Se hienen allegear griene jaskes oan, stiene om Sander en  Harry van der Molen hinne. Joechhei op in smoarge dyk. In sielige foto.

Sowieso koene je ferbjustere wêze oer it CDA. Harry van der Molen twittere dat hy kontakt hie mei Sander de Rouwe. Wêroer? Wist Sander noch neat? Of soe Sander allinnich dy konteners oprêdde. Harry skreau ek noch dat it CDA der boppe op siet. Wêr boppe op?

No, kollega Keamerlid Maurits von Martels fan it CDA stelde freed al fragen oan de minister. Hoe koe it dat dy konteners yn see bedarre wiene? Ja hoe sil dy minister no soks witte, it mins lei siik op bêd. Siet it CDA dêr ek boppe op? Fraach twa: de minister moast al efkes regelje dat de boel skjinmakke waard. Ja dat wyt dy minister ek wol. Noch slimmer: hoe wurdt de skea ôfhannele? Dat moast de minister dus witte, wylst dy rommel noch oeral oanspielde. Us strannen bin smoarch, mar it ferkiezingsgedoch fan it CDA ek.

Okee, it wie in ramp. Mar dy hienen we al hiel lang foarsein. We moat it Waad wapenje tsjin ditsoarte dingen. In skerm fan dampeallen om de waadeilannen hinne, dan bliuwt dy rommel teminsten hingjen. Of sa. Ik wit it dus ek net. Mar sa trochgean kin ek net. Oer in jier as fiif waait it wer in kear hurd en is der wer in skipper te hastich om út de ferkearde faargeul te kommen.

Fryslân, okee in part fan Fryslân, okee inkeld Sander de Rouwe, hie ynienen in mispleatst regiogefoel. Sa fan Den Haach komt hjir net iens hinne. Sander wie yn de sniewinter fan 1979 18 jier âld, dus hy hie al witte kinnen dat we by rampen ússels wol rêdde. Hagenezen en oaren moatte ús net yn it paad rinne.

De mienskip sjouwde dus troch, en rêdde de troep op. Dat kin net sa mar yn dit formalistyske lân. Soks moat koördineard wurde. Je soenen je  dealaitsje, sels dy liedingjaanden woenen dat ien de lieding naam. Van Klaveren rôp hea en Ineke van Gent strie. Guon boargemasters rôpen dat we net komme moasten, mar dat diene we al en we krigen ús pûdsje ek noch moai fol.

Dat fûn de Feiligenstsjinst geweldich, mar om dy earme boargemasters te helpen ha se úteinlik dochs mar Ferd Crone de lieding jûn. Dat hie ek net hoechd want yntusken hat in stoarm der foar soarge dat der gjin sân mear is, dat hoech je dan net mear skjin te meitsjen.

Likegoed moat der omraak fergadere wurde, want we moat nei dit akkefytsje fansels in rampeplan ha. Sadat alle boartersguodbearkes oprêdden wurde as wie’t oalje. Sterker, we moat earst ek noch mei oalje oan de slach want lykas at we ek al jierren foarsein hiene dondere de âlde boartoer by Amelân om.

It sil 25 jier duorje foardat sa’n rampeplan ree is. Want der bin mear oerheden  en Waadorganisaasjes as at der minsken op Skier wenje. Hoewol, we moat al efkes goed útsjen. It bin wat oare tiden. De kontenermaatskippij hat sein dat se it oprêden betelje wolle. Ja, dan hie de mienskip der net iens hinne hoechd. Dan hiene we daliks grutte bedriuwen ynhiere kinnen foar dat oprêdden.

De mienskip kin dat ommers ek net. Dy sjouwe mei klapstuoltsjes. Lit dy stean. Dan kin we dêr fan’t simmer moai op sitte at we  op it strân  binne.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s