Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 01 2019

Boargemaster

Der bin mar tolve kandidaten foar de funksje fan boargemaster yn  Smellingerlân. Ja, ik sei “mar”. Der moat optheden dochs folle mear aan wêze nei soksoarte wurk. Eartiids koenen je net iens sollisiteare. Dan smoezelen de grutte polityke partijen wat mei elkoar. Jim dêrre, dan wy dêrre. Yn in kristlik stimmende gemeente waard it in CDA-er, yn in readen in PvdA-er. En omt se sa goed yn it boargemastersjaske pasten mocht de VVD ek wol in pear leverje.

Der waard amper oer praat. No ja, soksoarten as de FNP ha 25 jier of langer sangere. Se krigen úteinlik ek ien, Piersma. Mar as lytse partijen hoegden je dêr net iens bliid mei te wêzen. Ik bedoel Ljouwert wie read, dus wisten je eins hielendal net dat Hayo Apotheker neo-liberaal wie. Dat die der net ta.

Minsken kin har no dus opjaan. Wat wy net witte is hoefolle fan dy bryfkes Brok daliks fuortsmyt. De ried dy’t no beslisse moat, krijt lang net alles ûnder eagen. Ik bin eins wol nijsgjirrich, soe bygelyks Max Aardema ek sollisiteard ha yn syn Drachten? Der stiet gjin PVV-er op de einlist.

Wol twa partijleazen. Soks kaam eartiids ek net foar. De heit fan de bruorkes Anker wie in lichtreade  boargemaster yn Utingeradiel. Mar Tien over Rood gie de evenredige man te fier. Hy waard partijleas. Mar hy koe noait mear nei in gruttere gemeente, hy siet net mear yn de polityke draaimoune. No bin partijleaze boargemasters net inkeld mear VVD-ers dy’t út lulkens oer Dijkhoff en Rutte út har eigen partij stappe. Elk kin meidwaan.

Want de boargemastersfunksje is feroare. Se bepaalden seker yn lytse gemeentes it polityke belied. De gong fan saken op it gemeentehûs wie dan foar de gemeentesiktaris. In boargemaster hie helemaal net safolle te dwaan. It wurk wie dan efkes dit en dan efkes dat. By elkoar propt hie’t wol yn twa dagen kinnen. It wie net foar neat dat boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerteradiel, dy’t  ôfskie nimme moast fan syn ferdwinende gemeente, sei dat hy noch wol trochgean wollen hie. Safolle hie die man noait dien.

Tsjintwurdich is de boargemaster de manazjer. Je hoege net mear út de polityk te kommen, jo kin no likegoed in bank, in grut bedriuw of in sikenhûs bestjoerd ha. En krekt dy bedriuwen skite safolle bestjoerders út, dan sollisitear je dochs ek in kear as boargemaster. Offisier fan justysje Oebele Brouwer die dat en hupsee hy waard sa mar beneamd yn Achtkarspelen. Ferrassend, mar at je der oer neitinke, de Harkema….. eh no lit mar. Wol in sein foar oare manazjers. Mar it barde dus yn Drachten noch net massaal.

Boargemasterje is optheden de gong fan saken yn de hiele gemeente hoedzje en noedzje. Wethâlders en riedsleden bepale it polityke belied wol. At de rommel op it strân oprêdden wurde moat, sitte dy tús en moat de boargemaster himmelje. Of regelje. Dêrom is der tsjintwurdich yn in gemeente gjin boargemastersleas tiidrek mear, der wurde oeral waarnimmers optrommele. It is gewoan wurk.

Waarnimmers meitsje ien flater. Se sizze dat de gemeente wêr’t se efkes hoedzje sille, in moaie, noflike en warbere gemeente is. Mar dat seine se fan har echte gemeenten ek. Dat is it stomme gedoch wat net feroaret: dat in boargemaster de flaggedrager fan de gemeente is. Oates en toates opdrave moat as in úthingboerd wêrûnder je nije boeken, herbouwde gebouwen, ynisjatieven, lju dy’t hûndert wurde, de reinbôgeflagge en wat al net deldonderje kinne. Altyd wurde se optrommele.Guon dogge har bêst om net altyd foaroan te stean, se wurde der like goed hinne treaun.

Ek wy as media dogge dat. Elkenien lêst en heard dat de gemeente noch altyd personifieerd wurdt troch de boargemaster. Dus wurd der, at men it net iens is mei it belied fan de gemeente, oan de boargemaster skuord. Guon bedriigje him sels. Dat makket it meast toanber dat it in oare funksje wurden is.

En dus kin je je ôffreegje at de úteinlike beneaming noch dien wurde moat troch de riedsleden. Dy kieze meastentiids toch ien út it eigen krinkje. Dat is it maklikst.

Ik wit net wa’t it binne, mar se moat dêr yn Smellingerlân dochs mar efkes goed sjen nei dy twa partijleazen.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s