Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

23 01 2019

Skrieme en flokke

Freark Dam, de lettere konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumentaasjesintrum wie yn 1950 haadredakteur fan de Drachtster Courant. Dam wie in hurde wurker. Hy hie der dus foar soarge dat er doe sawat elkenien yn Drachten wol koe. Mar dat wie yn 1950 ynienen oer. Philips-Eindhoven kaam nammentlik ek yn Drachten. Se begûnen op 13 novimber yn it âlde VVV-gebou. Dêr wie wol wat romte foar benammen froulju om lyts guod yn elkoar te prutsen.

Net dat ik dat sjoen ha hear, ik wie noch mar in pear moanne. Doe’t wy dêr letter basketballen, wie Philips al ferdwûn nei in eigen fabryk tusken it Mûnein en de Lange West. It bedriuw luts meiwurkers oan út de hiele Wâlden. Spesiale bussen rieden lâns de doarpen om wurknimmers op te heljen. Letter liet Philips wiken fol hûzen boue yn Drachten en se treauwen al dy arbeiders yn sa’n Philipsgetto.

Drachten wie foar 1950 net mear as wat hûzen om de Compagnonsfeart hinne. Philips makke Drachten dus grut. De fabryk hat lykwols sa no en dan ek  faai stien. De feroaringen yn wat minsken oan apperaten brûkte gienen hurder as at se it guod meitsje koenen. Mar je moat je altyd skeare, dus Philips bleau yn Drachten. Der wurkje no noch sa’n 1500 man. Niks mis mei.

Baron von Knobelsdorff, ein 60-er/begjin 70-er jierren boargemaster yn Drachten hie in hekel oan inkeld de flagge úthingjen. Hy gie leaver nei Sweden, en helle dêr gâns yndustrie foar Drachten op. Hy siet fierder ek net stil en sa groeide Drachten út ta twadde plak fan Fryslân .

Glemsford yn Ingelân hat ek in festiging fan Philips. Dêr wurkje 400 man. Mar ja, Brexit. Dus Philips pakt it spul dêr op, en bringt it oer nei Drachten. Ingelsen kin net sa mar de grins mear oer, dus Drachten krijt mear wurknimmers, al sil der wol net 400 bykomme. Mar de festiging Philips Drachten sil nea mear faai stean.

Hearrenfean kaam ek al op de foarside fan de Ljouwerter Krante. It krijt miljoenen foar in projekt om plestik op’e nij brûke te kinnen sadat je it net mear yn see hoege te donderjen om it kwyt te wurden. Wy rinne sizze se yn Frylân foarop yn wat se de circulaire economie neame, yn gewoane taal it wer brûken fan rotsoai.

Der is no sels in bedriuw yn Fryslân wat bitterballen fan  puoddestuollen makket en dy kweke se op kofjegrom. Oer lânbou sprutsen , it ynfieren fan de kringlooplânbou smyt goede saken foar it miljeu op, mar tagelyk komt der dêrtroch ek mear wurk yn de lânbou. It is gewoan in lannelik ferhaal, wat we lykwols hjir yn Fryslân hartstikke goed brûke kinne.

It wie dus in moaie wike. Wurk en sinten nei Fryslân ta.

It is fermakelik dat de boargemasters en wethâlders, dy’t faak al stean te dûnsjen at der in bedriuw mei fiif minsken komt, no net út de ploai kamen. Hearrenfean en Drachten hienen rêstige wille.

Mar ja, dat kaam in pear dagen letter út. Een grut hotel yn Hearrenfean, net elk hat dêr wille fan.  En Ie Sicht wurdt ôfbrutsen. Ie Sicht op de Headammen. It gesellige hoteltsje en kafee. Mei dat prachtige útsicht oer de Drachtster Wide Ie en it Grytmansrak. Der wer’t we oanleinen as we mei de boat fan Drachten kamen. Dêr hiene we sylwedstriden. Skûtsjesilen. Der sieten we noch efkes oan de grutte tafel at we reedriden oer Earnewâld, Grou en dan werom. Ik wit wol, de âlde klinte fan Durk Bakkker wie al in pear kear ferboud en it waard al wat nijmoadriger, mar Ie Sicht bleau altyd Ie Sicht. Us Ie Sicht.

Gerlof Bleeker hat it lykwols ferkocht, alles giet plat. Der komt in grut heech hotel. De rillings giene my oer de rêch. Ik wit, mear wurk, mear rekreaasje, mear fertsjinsten, ik soe der like bliid mei wêze moatte as mei Glemsford. Mar ik bin it net. Dêr giet no wer in stikje fan myn en in hiel soad oaren har ferline nei de bliksem.

Ik ha juster nei boppe west en in âld fotootsje dat ús mem makke hie fan de boat foar Ie Sicht opsocht. Ik ha flokt en skriemd.

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s