Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 01 2019

Jehannes Hulk

At je de túnfûgels telle moatte, blykt dat der noch in soad mosken binne. Dy sjoch je eins noait. Inkeld at se je koekje by de kofje op it terras weipikke. Ik sjoch troch de moskjes hinne yn myn tún in winterkoaninkje. En de kleurde finkjes en mieskes. Je sjogge ek yn de greide net de blaue mar wol de wite reigers. Dy bin opfallend tusken it grize guozzeguod.

Kleur en status meitsje it ûnderskied. We bin o sa bliid dat de Frânsen ús skriezen net mear ôfsjitte meie. Mar we roppe net hurd genôch dat se ek fan ús ljippen ôfbliuwe moatte. En se sjitte ek noch wol in skries. Sterker, ús fjildminsken sjitte ek wol in soad beskerme bisten. Der sitte ommers fierstentefolle mûzebiters op de hikke. Ja, inkeld op papier bin we roomser as de paus sels.

Dat moat oars tocht in man yn in fûl blau-eftich pak. Ynienen stie hy foar ús as de Hulk. Hielendal grien wurden. Hy sloech alle piketpealtsjes oan smots en raasde: wy! Wy, al ús boeren moatte alhiel biologysk buorkje. Fryslân ien  grutte ienheid fan biologysk fee, fleis, molke, greide en maïslân.

Jehannes Kramer hat no dus in trijefâldige persoanlikheid. At jo him oansprekke as deputearre dan seit hy dat hy der noch efkes nei sjen sil. As FNP-er seit hy  dat we like grien wêze moatte as Grien Links. Mar as griene Hulk is hy listlûker fan de FNP yn de kommende ferkiezingstiid. En dan moat je sweeslaan.

Jehannes Kramer de deputearre en Jehannes Kramer de FNP-er witte ek wol dat Jehannes Hulk in te oerdreaune skets makke fan de takomst fan de Fryske lânbou. Dy boeren krewearje no foar de wrâldmerk, mar dan inkeld noch foar de wrâldwinkel. En wy folk, dat altyd tefreden is, sels al ha we gjin stoer mear, betelje dan ûngefear  trije kear safolle foar ús iten.

Jehannes Kramer hat lykwols it folsleine rjocht dat te roppen. Hy wol dat. Hy krige sels de Ljouwerter Krante mei. No, je moat wol hele brike stânpunten ha wol je dêryn trije pagina’s krije. Se skrokken har dea by it CDA en VVD. Dy skriemden, spuiden dat ferhaal fan dy sinten daliks út. Bliksems de FNP yn it sintrum fan de gewoane en sosiale media. De PvdA koe net oars as súntsjes sizze dat Jehannes Hulk wol wat gelyk hat. Se prakkeseare har dêr dea oer hoe’t se de FNP no wer foarbygean kinne yn de belangstellingsfear. Je kin toch net wat roppe wat net kin?

No ja, Jehannes de Hulk seit net mear as: at jim no op ús stimme, dan besykje ik as Jehannes Kramer de FNP-er, deputearre Jehannes Kramer sa fier te krijen dat we mear biologyske lânbou krije. Yndachtich it kringlooplânbouferhaal fan minister Schouten is dat goed. Fryslân moat gebrûk meitsje fan de sinten dy’t dêr wei komme. Net seure at it no biologyks of kringloop neamd wurdt. De FNP wol inkeld dat der in eigen spesiale nasjonale toansetting komt fan de Fryske lânbou. It liet wurdt dêrfoar makke troch Jehannes Kramer de komponist.

Hy hat de Ljouwerter al yn’e bûse. Jim  hearden de Hulk sakrekt op de Omrop. Gewoan nei bûten ta krekt dwaan as is Fryslân sa biologysk-kringloperich as de pest. Dat moat it byld wurde. Dan wurdt der op je stimd. Dan moat der ek wat mear biologysk-kringloperich wurde as de tsien persint fan no. No ja, at der mar ien of oar ûndersyk sa’n útkomst hat, da’s ek al goed.

Mar, en dêr prate we dan net sa lûd mear oer, in part fan de wenstige Fryske lânbou bliuwt gewoan bestean. Ja, wol it wetter wat omheech; oars hâlde we gjin feangreide oer. Mar trochwurkje foar de wrâldmerk, útsein Bhutan. Dan kin al dy suvelfabrykjes hjir teminsten ek bestean bliuwe. Mar dy fabrieken moat fan de Hulk wol bytsje reklame meitsje foar dat wrâldwinkelguod. Dus de affiche meitsje.

Omt Jehannes de burger, dy’t op de tribune sit by SC Hearrenfean, dat dêr leard hat. Dy ha in degradaasjeploech mar sizze dat se gean  foar Europeesk fuotbal. Sa ûngefear. Wat kleurde fûgeltsjes dy’t de moskjes net de eftergûn triuwe. Dy ite dan de koekjekrommels wol op.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s