Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

06 02 2019

Net bêst

Net in bêste wike foar Fryslân. Justerjûn wie de limit doe’t we hearden dat deputearre Poepjes meidwaan sil oan Heel Holland Bakt. Jig.

Justerjûn 5 febrewaris wie de nijjierresepsje fan de SC Hearrenfean. It is al hast wer Kryst, mar krekt as de fuotballers fan Hearrenfean bin ek de oerbleaune bestjoerders hieltyd te let by de bal. En jim ha yn it nijs al hearre kinnen dat soks wol it hiele jier sa bliuwe sil. At it al net te let is.

Wis te let is it gesoademieter op de ôfdieling reumatology yn it sikenhûs fan Snits nei bûten kaam. Noait bekind makke oan de pasjinten. Dy’t net holpen wurde, omt it pear dokters it net mei elkoar iens binne. Tekenjend foar de sûnenssoarch yn dizze tiid: inkeld eigenbelankjes.

Pyt Paulusma moat noch alve moanne ‘oant moarn’ roppe by SBS, mar de media skriuwe no al in “yn memoriam”. Net wittende dat hy al folle langer waarman fan Omrop Fryslân is. At hy dêr ferdwine soe, dan is it pas slim. Omrop Max wol him ek ha, mar at je dat roppe sûnder earst mei him te praten dan wol je inkeld misbrûk meitstje fan de publisiteitsweach.

Gaston fan de Postkoadelotterij kaam yn Holwerd. Marco Verbeek ropte enveloppe iepen. Bliksems! 15 miljoen. En net iens in lot kocht. Mar at je dan op twitter sjogge nei de orgastyske bliidskip van politisi, dy’t sels Holwerd jierren lang op de tok hâlden ha, dan sakket my de broek ôf. Tink der marris oer nei, dat dit net betocht is troch de polityk, mar troch fjouwer entosjaste jonges. Dat partikulier ynisjatyf hat no partikulier jild opsmiten. Mar no moat dat taseine oerheidsjild der noch gau by, oars is it inkeld in drip op de gloeiende plaat.

Partikulier, dat wol trouwens bêst. De Tsjûkemar hat no ek sa’n ploechje. Moai ferbetterplan makke. At de minister gjin akwadukt wol, dan komme sy mei in fytspontsje oer de Skarsterrien. De oerheid seit at se ek meidogge, mar ien fan dy mannen sei: “no ja, we zetten ze aan tot meer tempo”. Itselde as yn Holwert. Dwaan. Op’e nij in blide bestjoerder, deputearre Kielstra. Dy’t yn oermoed rôp dat Hearrenfean no ek mar oer it wetter tichter by de Tsjûkemar komme moat. Dat kostet noch al wat Klaas. En do wolst ek noch dat dy gemeenten mei elkoar gearwurkje. No dan silst it net mear belibje.

No hat hy dat hielendal net oan tiid, want syn Ofslútdyk blykt in libbensgefaarlik rûte te wêzen. Want de kompjoeters doge net en de minsken moat it hieltyd sels dwaan. Dat is tricky. En it is dochs net te leauwen dat je oardel jier nedich ha om in kompjoeterprogramma te bewurkjen. Of it bin seldseme kloaten by rykswettersteat. Beide leau ik net.

Der is wat oars oan de hân. Tink dat it in opsetsje is, de publisiteit sá negatyf meitsje dat it jild foar in nije slûs der wat gauer komt. It gemekker yn de Fryske hoeke kin foar my wol ophâlde. Dat los je simpel op: wy gean fanút Fryslân net mear de ôfslútdyk oer. En we litte der ek gjin minsken mear oer ynkomme. Sjoch dan mar hoe gau dy nije slûs der is.

Olaf Storms wol graach sân winne en hy krige alfêst in stien troch syn  ruten. It duorret wat te lang om dêr sân fan te meitsjen, dus in Limburgske oannimmer moat it neffens him mar út de Iselmar helje. Dat wolle in hiel soad minsken dy’t yn Gaasterlân wenje net. Rêst en útsicht nei de bliksem. It is frjemd dat de provinsje it goed fûn. Ek it kolleezje fan Fryske Marren seach mear jild as swierrichheden. En no moat de ried kedize.

Se bin dêr krekt begûn om de minsken mear meiprate te litten. Yn petear. Moandeitejûn. Doe sei in ynwenner dat troch dy sânwinning der folle minder toeristen nei de kust komme sille. Doe frege ien fan de gemeenteriedsleden út hokker ûndersyk dat blike soe. At jo op dy toan en wize yn petear geane mei de mienskip en de oannimmer mei sizze dat ynsprekkers ûnnoazele lju binne, dan is der folle mear mis as dat je in inkeld in ferkeard eilân oanlizze wolle.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s