Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 02 2019

Snieradio

Hjoed is it ynternasjonale radiodei. In app fan Omrop Fryslân fertelt my dat de programmakkers fan doe en no fertelle sille wat radio foar jim betsjutte kin. Ik sit dêr blykber krekt tuskenyn, bin net frege. Mar dat hindert neat, ik ha ommers dit hoekje noch.

Dan sjoch ik frjemdernôch ek nei de dei fan moarn. Want dan is it presies fjirtich jier lyn dat we fiif dagen sniewinter hienen. Efterôf kin je sizze dat wy doe ynn1979 as radio folwoechsen waarden.

Ik wie de foarige jûns túskaam troch sniedunen. De oare moarns kaam ik net mear fuort, ek al hie’k de skeppe yn de auto. Mei de smoar yn tús, want ja kompjoeters wiene der noch net. Alle wurk lei op it wurk. Doe hearde ik foar radio twa Klaes Wielinga, ús doetiidse baas. It wie sa’n rare tastân dat Radio Fryslân, sa hjitten wy doe noch, soe fan 11 oere de hele dei yn de loft. Moat jim witte dat ús fêste programmearing wie in healoerke middeis, in oerke jûns. Net mear.

Tsjinoer ús wenne in plysjeman. Ynienen in plysjeauto foar syn doar. Wêrhinne? Besykje yn Ljouwert te kommen. Ik njonken de skokbrekkers, dy’t al efteryn leine. In deaderit, want at je op gong wiene moasten je trochfege. Mar ik kaam yn de studio. Dêr wiene mar in pear oaren, we wennen ommers rûnom yn Fryslân. En dat Fryslân kaam linkendewei meters ûnder de Dútse stosnie.

We dienen wat we noait dienen. Telefoantsjes. Elk oere earst waarman Hans de Jong. Dan de man fan de bussen. En Steunebrink fan de spoarwegen, dy’t elk oere fertelle moast dat de treinen ek net rieden. De skoallen hâlden op. Bedriuwen ek. Elk besocht tús te kommen en dat wie in hiele heis. En wy mar sizze wat der allegear net trochgie, oant begrafenissen en houliken ta. Mar we koenen ek net inkeld fertelle wat der wol trochgie, want dat wie hielendal neat.

Let op’e jûn wie it dúdlik dat der gjin  minsken omkaam wiene. Ek net yn de ûndersnijde auto’s. Mar we giene troch, fiif dagen in soarte fan sa no en dan twatalige rampesender.

Wy sliepten yn’e stêd. We koene net mear tús komme. Bert Hooijer de technicus koe ek net komme. Der wiene twa ynstallateurs út Hilversum, dy diene alles, al rûn it swit har tappelings oer de rêch. Soks hienen se noch noait dien. We moasten wize, want se ferstiene ús net. En we ha alle musyk dy’t we hiene yn dy fiif dagen twa kear draait, we hiene fierstentemin. Alfêst wat leard.

We koene amper op reportaazje. Marten van Kammen die in pear pogingen. Gryt en Aly brochten mei in helikopter in molktank by in boer. Oare boeren skillen ús. Dan kaam der in ploech út it doarp en dy skepten harren oprit sniefrij. Boerinnen tanken ús skriemende. Yn de útstjoering. Fryslân skriemde mei.

Wat dy sjauffeurs fan de molkweinen ek net belibbe ha. Want it sniestoode mar troch. Ek dy jongens fan it PEB, it elektrisiteitsbedriuw. Wat jim net witte is, dat it doe trije dagen letter noch hiel wierskynlik wie dat alle stroom yn Fryslân útfalle soe. Hans van der Zee hat my letter it elektrisiteitshokje fan Pikesyl sjen letten, stiet yn de bare rûnte. Doe folstood mei snie en dy jongens klauden  troch trije meter snie dêrhinne, want oars…

Oars hiene wy net mear útstjoere kinnen. En it waard aloan geselliger. Se fûnen út dat at immen in plastiken (dat mocht doe noch) pûdsje oan de doar hong, dan waard dy holpen. Dat koe, want ploegen ferwoeste manlju wrotten troch de snie nei de bakker yn in oar doarp; se kamen mei sliden fol bôle wer werom.

En wy? Wy wiene fiif dagen de spin yn it it web, sa’t Rein Tolsma sei.  Bestjoerders koene elkoar net berikke, mar fia ús wol. Mar se moasten prate mei elkoar yn de útstjoering. Sa waard it transparant foardat it wurd bestie. It sintrale rampesintrum fan de provinsje koe ek net sûnder ús. Sels doe’t  ministerpresident  Van Agt ynflein waard en mompele dat it bag en boos wie, hie ik him al ynterfjoed foardat loko-kommissaris Renkema oan de bak koe. Dat smiet ek gjin sint op. Se ha it dêr noait begrepen. Noch net, at wy no gnize en trochride at se it oer koade  read ha dêrre.

Fiif dagen hie hiel Fryslân de radio oan. It wie de start fan ús nije karrière, in omrop foar alle Friezen. Der wêze at je der wêze moatte.  Dêr ha we fansels ek in hiel moai gewest foar. Elkenien wie dwaande om in oar te stypjen. Moandeis, de seisde dei, wiene we wer gewoan. Rients Gratama moast wat by ús opnimme. Sei dat hy ek harke hie nei radio Grinslân, want dêr lei ek snie. Hy sei, dêr hearden je inkeld : wie sal dat betoalen. En hjir? Hjir wie’t mienskip.

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s