Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 02 2019

Earlik is ek moedich

Der giet in flústering troch in hiele lân. Elkenien huvert der súver fan. Want we bin wer werom yn 1345. De hjoeddeiske fryske politisi blike ûnferskrokken Grutte Pieren te wêzen. Dy doare alles. Alles! Fryslân is de ienigste provinsje dy’t in mei-stimwizer krijt. Ja in mei-stimwizer. Wit jim net wat dat is? Dan stiet der in kear wat te pronk yn de Fryske polityk en jim witte net iens wat it is? Skandalich.

Jim wurde fia de sosiale en echte media de kommende wiken teistere troch ferkiezingsgedoch, grutspraak, nepnijs en loaze beloften. En stimwizers. In stimwizer freget bygelyks at jim foar wynenerzjy binne. Dan seit 98% ja. Want hy freget net at je ek sa’n ding njonken de doar ha wolle. Neuh, hy giet gewoan fierder en freget nei it sân by Mirns. Dan seit 60% nee. Moai, dan stimme jim neffens him op it CDA of de VVD. Noch ien fraach, jim hâlde mear fan jimsels as fan in oar? Ja. Dan bin jim VVD-er. Dan seit Maurice de Hond dat in soad lju VVD stimme sille. En wy  wolle ek winne, dus stimme we op winners. Dus de VVD wint. Sa wurket dat ûngefear.

In mei-stimwizer is nochal wat oars. Dy sjocht nei wat der ôfrûne fjouwer jier bard is. En wat wy dêrfan fine. Dan krij jim de fraach…… eeh: de provinsje hat beslúten dat it wetter yn it feangreidegebiet noch mar net tsien sentimeter heger moat, hoewol elkenien seit dat it wol better wêze soe. Bin jim it mei dat beslút iens? Nee fansels. Dan falle partijen as FNP en SP, dy’t harsels o sa grien skilderje yn de ferkiezingsbeloften, dochs ôf. Mar dat let neat, want ik kin tsientallen saken betinke fan de ôfrûne fjouwer jier en dan lizze alle partijen op’e dwinger. In mei-stimwizer soarget dus foar in tige lege opkomst.

Sa’n mei-stimwizer, eins in tsjin-stimwizer, hat gjin doel. Utsein dat wy ôfrekkenje mei de bestjoerders dy’t we de ôfrûne fjouwer jier hân ha. En dat is no krekt de moed dy’t Fryske politisi ha. Want se plege fansels harikiri. Dat kin net oars. De meistimwizer lit sjen wat we fan it belied fûnen en ik ha mar in hiel lyts bytsje minsken heard dy’t it dêr mei iens wiene.

We krije ferdomme in grut wynpark yn see by Makkum en deselde man dy’t de Iselmarkist sa moai fynt regelt soks. Dach Sander. We stride tsjin fersakkingen, mar we krije in boaring by Ternaard. Dach Michiel. We ha in moaie nije Ofslútdyk, mar we kin’t net belibje, want de brêge wol net ticht. Dach Klaas. De lânbou hat de natoer yn Fryslân ferdreaun. Dach Jehannes. Ja kulturele haadstêd moai, mar wat hat dat in slompe jild koste en inkeld de kroechbaas hat der oan fertsjinne. Dach Sietske.

Mar dy partijen smite harren der echt net mear út. En sa wurdt de ôfstân tusken polityk en gewoane minsken inkeld mar grutter troch in yn Arnhim betocht spultsje wat net ien doart te brûken. Inkeld wy bin sa ûnnoazel om der mei te boartsjen.

Smyt al dy wizers fuort. Lis je publyk net altyd sa leech dat je hiele simpele fraachjes nedich ha om elk in miening ta te skikken.  Elkenien is âld en wiis genoch om sels te beslissen wêr’t se op stimme. Hâldt ek mar op mei al dy kampanjes. Ha jim se stean sjoen te sjongen op it stasjon yn Ljouwert?

En at se mei dy folderkes by de doar komme wurd ik aggresyf, krekt as by Jehova’s, Leger of oaren. Ik bin ommers oan it tussjettriedzjen. En ik wol ek net at ik om in pear skuon moat, oanhâlden wurde troch allerhande lju yn griene of reade jaskes. Dy behannelje ik as dy studinten dy’t der altyd mei de NRC stean  te swaaien. Bliuw fan my ôf.

Debatten en diskusjes is noch wat, al soe’k de politisi oanriede wolle deryn ris wat dúdliker en foaral earliker te wêzen. We ha ús nocht fan paaiferhaaltsjes dy’t dochs efterôf net wier blike te wezen. Ja, dat soe de echt wat wêze fan de polityke Friezen. De wierheid sizze. Dat soe pas echt moedich wêze.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s