Eelkesweblok

1 reactie

13 03 2019

Formalisme

Somtiden sjoch ik wat. Dan ha’k in freeslike gedachte en dan moat ik efkes wreed gnize. Sa seach ik ferline wike in fotootsje fan Sander de Rouwe en Marijke Roskam dy’t op in middelbere skoalle in ferkiezingsdebatsje dwaan moasten. Se foelen helendal net op tusken al de oare bern.

Hawar, jim meie nije wike stimme en jim bin âld en wiis genoch om dêr mei te rêdden. Boppedat is it oant no ta iggeleas geâ;dehoer. Ek at ik sis dat ik graach wol dat jim op ien stimme dy’t net inkeld praat, mar wat docht. Ik wit ek net wa’t dat is, mar hy of sy hat noch in wike.

Foarbyld. Van 2015 ôf wiene we stjûrleas, mar we ha no eindelik wer in fizy wetterrekreaasje. Elkenien entosjast. Oannaam. Mar sûnder dán dogge we dat en dat. Sûnder sinten. It safolste plan wat net fuort útfierd wurdt. Want wetter is foar Fryslân wichtich. We meitsje der drinkwetter fan; we moat soargje dat we droege fuotten hâlde; de lânbou moat kwalitatief foldwaande wetter hat, ek wer net tefolle; we ha wetter yn en as natoer, as leefomjouwing en we meitsje der beropsmjittich gebrûk fan yn de ekonomy, toerisme, ferfier en fiskerij. En ús otters swimme der yn om.

It fiert wat te fier om oan te jaan wat der allegear yn dy fizy stiet, mar ik ha’m lêzen en nim mar efkes fan my oan dat op alle fronten yn dy fizy besocht wurdt om minimaal te behâlden wat we ha en dat eventueel ek noch te ferbetterjen. Benammen it jeugdplan, wat kin we mear mei wetter, út de jeugd wei sels betocht, docht aanst fertuten. Dat soe Sander en Marijke oansprekke moatte.

Soe fertuten dwaan kinne, de fizy leit yn in laad. It is toch wol in hiel pakket yn ien kear foar de steaten, en we ha ferkiezings, bla, bla. Begjin no ris. Al de lju dy’t meipraten ha, ha rjocht op dat der foar kommende simmer wat dien wurdt. Nee dus.

Want de fizy hat it breed makke. En dan begjint it geseik. Elkenien wol syn eigen nuanse oanbringe. Sa bin we ommers grut wurden yn dit formalistyske Nederlân. Dêr soene we as Friezen troch hinne brekke moatte. Smyt it wetterskip yn de provinsje. Sis tsjin de gemeenten dat hun plannen wêr’t wetter ynstreame kin, foldwaan moat oan de provinsiale fizy. Dat en dat dogge we allegear, en we dogge it mei syn allen. Ien skip, ien kaptein.

Want wit jim hoe’t it no bygelyks giet? Oeral hast lizplakferoardeningen, en dat betsjut dat oeral ynhamkes makke binne foar wenarken. Yn Opsterlân leit it gehucht Klein Groningen. No dy namme jout al oan dat it dêr oars is. Oer de Kompagnonsfeart leit dêr in brêge. By de brêge leit in wenarke op syn âlde plak. De trochfaart troch dy brêge is in heale meter minder, want dy arke leit der foar. Der is al jieren en jieren praat oer om dat oars te meitsjen.

Sterker, der is in goed plan om dat te feroarjen, kostet net iens safolle. De wenarke efkes fierderop yn in ynhamke, sadat net ien der lêst fan hat en de bewenners der wenjen bliuwe kinne. It bard gewoan net. Dy hat dit, dy hat dat en it saakje wurdt hieltyd wer yn it laad dondere. Blykber ha lju dy’t by de brêge wenje der ek noch wat oer te sizzen. Hoe at de saak ek begûn is, ynteresseart my net, los it op. Doch wat. Sels as wettersportprovinsje Fryslân kin we soks net oplosse

Sa giet it mei alles.

Guozzen. Feangreidegebiet. Wenjen yn doarpen. Wynmûnen yn doarpen. Krimp. Holwerd oan See. Iepenbier ferfier. It Waad. Kultureel trochgean nei kulturele haadstêd. Gasboaringen. Stânpunt oer Lelystêd. Frysk op skoalle. Poalen  yn Hearrenfean. Skriezen. Ofslútdyk. Lânskip. Natoer. Lânbou. Wetter.

Dêr wurdt oeral oer praat. Der wurdt neat dien. Earne yn Fryslân moat eins in stikje wâl efter reid ferbettere wurde. Foarjier, net oankomme, fûgels. Simmers, toeristen. Winters, iis. Miskien dat der op 12 septimber efkes in skip hinne kin. Mar dy dei hat de Noarse wrotmûs syn skoalreiske. Dan moat we it takom jier mar ris besykje.

Dan sizze we ek noch dat we grutsk binne op ús provinsje.

 

 

Advertenties

One thought on “

  1. It is moai om wer in Frysk artikel te lêzen!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s