Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 03 2019

Formaasje

Wetterskip Fryslân. Je hearre der eins noait safolle fan. Inkeld at se werris in miljoentsje of sân kwyt rekke binne. Dat merke wy oan it jierlikse rekkentsje, mar dêr steure we ús net oan. Dat heart sa, tinke we dan, dy lju dogge toch goed wurk. En der komme lytse priizgjende stikjes yn de krante at ien of oare seedyk sân meter ophege is of at der fiif muskusrôtten fong binne.

Ferline wike barde der lykwols echt wat. Ik riidt yn de nacht fan woansdei op tongersdei troch de Lege Midden. Ynienen sjoch ik in skym op it Prinses Margrietkanaal. Wat is dat? In pream mei in oanhingmoterke. En in skipper. Hy hat in pet op. Op de Krúswetters gie de tsjustere kombinaasje rjochting Warten. By de brêge, dy’t ’s nachts net draeit en yn maart hielendal net, moat de mêst efkes del. Dan fart hy stadich nei de kant. Der stiet in frommiske. De man krijt in knuffel. En tegearre, hân yn hân, skoue se it Earmhûs yn. Dêr wennet net ien mear yn, want der bin gjin earme minsken mear, seit Rutte. It is no in museumpke. Ik slûp tichterby. Kin alles sjen, want in Earmhûs kin gjin gerdinen betelje.

It frommiske docht de lampe oan en har kapusjon del. Bliksems, dat is Tineke Cleveringa. Dat is eeeh sy fan Water Natuurlijk. Hat ommers oan de wetterskipsferkiezings meidien. It twatal rint troch nei de grutte keamer, foarsafier der grutte keamers yn in Earmhûs binne. Der sitte in stik as wat lju. Och heare, allegear heale en heule wetterskipsbestjoerders. Natoerlju, mar ek Bram Bonnema fan de FNP. En sy fan Van Asten fan de PvdA sit der ek. Dan docht de tsjustere preamskipper syn pet ôf. No ju, it is Gerben Gerbrandy (boeresoan-wetterskipsbestjoerder-wethâlder-boargemaster-takomstichearstekeamerlid). Wat moat dy hjir? Him wurdt gol de hân skodde. Dan begjinne se te mûskopjen.

Njonken my ynienen wat geritsel. Der dûkt noch ien út de strûken. Dat is eeeh dy eardere CDA-wethâlder fan Skarsterlân, dy Bé de Winter. Ferhip, dy sit ek yn it wetterskip. Hy sjocht nei it mûskopjen.  Hy is CDA-er, mar hy flokt súntsjes. Dan stekt hy de fûst omheech en ropt ynienen oer it stille Warten: “wy bin de grutste, wy bin de baas, wy beneame ek in formateur”. Dan rint hy mei brede stappen fuort en skuord rjochting Hartwert. Boerebestjoerder Sjoerd Galama leit noch op bêd, want hy hat de moarns nei ferkiezingen altyd in melker. Mar Bé de Winter skuort him der ôf. Oan it wurk!

Sa sitte se yn Warten en Hartwert om de tafel. Tineke hat  fantefoaren al wat maten opsocht en seit, mei de twa natuerminsken dy’t net troch ús mar troch harren organisaasje beneamd wurde, dat sy de grutste is. Dus hellet Bé de lanboulju op, dêr wêr’t wy ek net oer stimd ha. En dan de oaren. It is een race tsjin de klok. It bard sels dat in nije wetterskipsbestjoerder skille wurdt troch Tineke en Bé tagelyk om op kofje te kommen. Dan moat je frekte hurd ja en nee sizze.

It hiele wykein wurdt der troch eamele. Want dat de grutste yn polityk en wetterrskip altyd de formateur beneamd is inkeld mar in oanwenst. It stiet nearne. Moandeitejûn moat no it hiele nije wetterskipsbestjoer dêroer oardiele. Se hienen noch net iens de eed ôflein dat se gjin muskusrôtten ferkeapje soenen.

Stimme. Foar lânbou út Hartwerd of foar natoer út Warten. Je kin beide roppe dat je dêrmei fuortendaliks net tsjin it oare binne, it bliuwt lânbou-natoer. Dan is it 12-12. Der is noch ien oer. Se sjogge allegear nei Annet van der Hoek. Se hat in fêste beneaming fan de Keamer fan Keaphannel yn it wetterskipsbestjoer. Se is ek PvdA-koryfee, hat yn it read yn steaten en Twadde Keamer sitten. De keazen PvdA-bestjoerders sieten yn it Earmhûs. Mar Annet van der Hoek fielde har better tús in Hidaard. Dat wûn mei 13-12.

In formaasje dy’t oars wiken duorret is no yn trije dagen dien. Prima. Mar Bé en Sjoerd kieze no fansels inkeld allegear eigen kofjefolk yn it bestjoer. Dat hienen Tineke en Gerben ek dien as it oarsom west hie. De lânbou is fjouwer jier de baas oer de natoer yn Fryslân.

 

Plaats een reactie