Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

17 04 2019

Frysk

Ik lies moandei de kollum fan Nynke van der Zee oer har seksuele ynburgering. Ik bin nochal wat âlder as Nynke, by ús gie it noch oars. Mem sei neat, mar joech, doe’t ik nei de HBS soe, my swijend it boekje “Mammie waar kom ik vandaan”. It wie fan de ferieniging foar seksuele herfoarming, de NVSH. Ik ha’t boekje lêzen en fierder rêdde it him wol. Inkeld oer soksoarte saken as homo’s en dûbelfluiters wisten wy doe hielendal noch neat.

Tsjintwurdich witte bern soks al, at se by wize fan sprekken noch embryo binne. Alles is bekind en yn byld. Allinne wy komme yn it Frysk dêrmei fansels efterop. Dat wie al sa doe’t we langút oer de Smearlappen fan Anne Wadman foelen, wylst sels hiel Staphorst “Ik Jan Cremer” al lêzen hie.

Bart Kingma hat it oplost. Hy skreau “Seks to the Max”, in Frysk boekje oer Max Wouda dy’t op knoffelige wize dat seksuele ferhaal oanrikt krijt. Ik fyn it moai, mar da’s gjin kriterium. Wol dat bern dy’t op de gruttte skoalle komme, nofliker harren pakket oan gefoelens meitôgje kinne.

Jelle Bangma fan Cedin stjûrde it nei de skoallen, as ûnderdiel fan in oanrikt lespatroan. Seks yn it Frysk, der wie wer in horde naam. Nee dus, de skoallen woene it net allegear ha. De kombinaasje Frysk en seks is net foar bern fan 12, seine se. Jelle naam it wer werom, miskien wol benaud dat net alle leararen likegoed mei dy matearje omgean kinne. It boekje is no gewoan op de merk, it ûnderwiis hat der gjin rol mear yn. Alders bin wer ferantwurdlik, mar betink wol dat dy it der noch altyd swier mei ha.

We tinke net gelyk, hè. It wurd mienskip is ferline jier útfûn en stiet op al ús t-shirts, mar dat jild net foar it Frysk. Guon lju ha twifels by it Frysk yn it ûnderwiis. Dat komt benammen omt de hjoeddeiske ûnderwizers faak yn it hollânsk opfieden waarden, omt je oars net iens foarby Wolvegea kamen. Watte, net iens ýn Wolvega.

Dy generaasje wit dus net wat taalfertuteazje is, wylst se it sels dogge. Ik kin skoallen wêr’t it hartstikkene goed giet, mar earne oars bin soargen. Se ha Keamerlid Harry van der Molen foarút skood.  Dy die wat hy altyd docht, dy stelde fragen. Kin de minister net soargje dat de provinsje sels de ynspeksje fan it frysk yn it ûnderwiis wurd?

Dy minster, Slob, spruts ferline wike yn in seal mei sa’n 1000 minsken de ynspeksje fan it ûnderwiis ta. Der wie in ûndersyk ferskynd dat de inspeksje it ornaris goed docht, mar it ûnderwiis oan swarte skoallen koe better. Dêr sil se oan wurkje. Dus doe koe Slob net oars as tsjin Harry sizze dat de ynspeksje him dan ek wol mei dat swarte frysk rêdde sil.

Oer fiif moane, want we dogge simmers net oan it Frysk, dan komt de wurkgroep Sis Tsiis op’e nij mei in demonstraasje dat it Frysk op skoalle better moat. Twa moanne dêrnei komt it op de gearkomste fan de FNP wer yn de polityk. Jehannes Kramer wurdt nije wike wer deputeare fan de guozzen, dus dy kin neat, en úteinlik moat Sietske Poepjes Harry wer freegje om in pear fragen te stellen.

De nije minster fan ûnderwiis seit dan dat by de ûnderwiisynspeksje in siktaresse sit wa’ns beppe út Doanjum kaam en dat it Frysk dus by de ynspeksje yn goede hannen is. Yntusken ha dan alle ûnderwizers, alle wurkgroepen fan de Ried fan de Fryske Beweging, alle polityke partijen yn Fryslân útsein Foarum, Tresoar, Akadeemje, Afûk, wurkgroep Frysk fan de gemeente Ljouwert, Frysk dit en Frysk dat, Rimmer Mulder op persoanlike titel harsels hearre litten. En dan bin we wer net in tried fierder. Want dy fine ek net allegear dat Sietske  Poepjes de bêste ûnderwiisynspekteur is, dy’t efteryn de klasse sitten giet om te hearren at se fertuteazje wol geef útsprekke.

It is mei alles sa en dus ek mei it Frysk. At we echt wat wolle dan moat we ien mienskiplik doel ha. Dêrnei kin we pas fragen en easken stelle. Dy bin no bespotlik.

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s