Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 05 2019

Steatejacht

De provinsje Fryslân hat in Steatejacht. Wy bin mei syn allen dy provinsje, mar de measte Friezen ha der lykwols noch noait op fearn. Op klompen of skerpe hakjes bin je net wolkom. En de Friso hat it sa drok mei it farren mei hotemetoten dat de measte Friezen op de wâl  stean moatte en inkeld sizze kinne: sjoch, dêr fart myn skip.

It steatejacht is net fan ús. In pear jier lyn lei de boeier foar de herberch fan de Gastmar. Op it terras stiene allegear wichtige lju. It middelpunt wie Hans Wiegel. Dy wie jierdei. Hy fertelde my doe, dat de kommissarissen ynsteld ha dat alle âlde komissarissen der ek elk jier noch in kear gebrûk fan meitsje kinne. No sei’k, dan wit ik wol wa’t dat ynsteld hat. Hy gniisde.

Wiegel hat der in optimaal gebrûk fan makke. It moaiste wie fansels dat er nei de Hoffiver tafear doe’t de ferboude Twadde Keamer iepene waard. Ik ha de hiele dei oan board west, elkenien ynterfjoed. En hearde doe dat elkenien it Wiegel ta fertsjinste rekkene dat hy mei sa’n skip swéslaan koe.

It hat altyd in kommissarisjacht west. Harinxma thoe Slooten hat it yn 1894 foar himsels boue litten. By Ealtsje Holtrop van der Zee op de Jouwer. Dé bouer fan houten skippen. Dy’t mei syn fakmansskip de nei him kommende skipsbouers allgear ta foarbyld wie. Dêrom dat ús skûtsjes sa moai binne.

Harinxma en soan, beide kommissaris, wiene gek fan dy moaie houten skippen. Boeiers, de keningen yn de famylje fan tjotters en friese jachten. De Harinxma’s ha fansels ek wol relaasjes fan de provinsje meinaam. Mar it skip wie net fan de provinsje, dus doe’t se yn de 30-jierren gjin genôch sinten mear hienen om de lak te keapjen waard de Friso ferkocht nei Hollân. Uteinlik krige in sûkeladeboer it skip, mar dy hie yn de oarloch sjoen dat houten skippen brânne kin ne, doe wie de hiele kop fan Friso fuort. Hy woe‘m dus wol nei it bûtenlân ferkeapje.

Sa Europeesk woe Fryslân doe noch net wêze. De blazerkes fan de Grouster sylferiening Oostergo ha tegearre mei de ûndernimmers fan Ljouwert it skip werom kocht. De erfenis dêrfan is sneon at yn Grou it 125 jierrich bestean fan de Friso fierd wurdt, want doe’t Sélân ûnder wetter stie yn ’53, krigen wy ús ark fan Noach.

Dat gie net samar. Wy krigen no alve fonteinen, mar nimmen hat him bekroade oer it ûnderhâld. Dat diene de steaten doe wol. Se wiene stjerrende benaud foar dat houtwurk. Se hiene gelyk, it hat in kwak jild koste.

Lykwols sizze de kommissarissen no noch altyd itselde as Linthorst Homan doe: dit skip hat in soad fertuten foar Fryslân. Dat je at je minsters en sa meinimme op it Steatejacht dat dan ynienen de miljoenen út harren bûse streame.

Ik leau der gjin bliksem fan. Grutte yndustriëlen en ministers bin gjin kloaten. Dy ha allang yn de holle wat se jaan sille. Mar se wachtsje miskien wol mei it jaan, oant se oan board fan it Steatejacht binne. Dat hyt netwurkje.

Dat is fansels in toanielstikje. Wolkom. Beerenburchje. Sile. Broadsje hjerring. Wyntsje. Dêrnei in miel. Ik ha in pear kear mei west. Aardich, mear net. Der is wol in soad bekokstooft, mar we witte net wat, want dat is it geheim fan it Steatejacht. At kommissarissen en deputearen sizze dat it wurket, dan is dat sa. Mar it fielt by de Fryske befolking net as ús skip. Inkeld at it syld, dat is in skitterjend byld. Dêr hâlde we ek fan.

It silen en farren wie trouwens foar skippers. Dy kamen en komme allegear út de skûtsjewrâld. Fandêr dat ik de ferhalen kin. Ien fan harren hat my ris ferteld dat hy op in stuit tocht “dit komt net goed”. Hy treau efkes súntsjes oan it roer om de Friso wat better koers te jaan. Mar hy krige in tik op de fingers fan de kommissaris, dy’t net woe dat syn gasten seagen dat hy der gjin bliksem fan koe.

Ik fertel net hokker skipper at it wie. Ek net hokker kommissaris. Want de geheimen fan it steatejacht bin hillich.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s