Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

03 07 2019

Biolokkich

Och heden, wat wie dat in moai ôfpraat spultsje. Op in sympoasium oer de lânbou sei de CEO, sa hjit tsjintwurdich in baas of in direkteur, de CEO fan de FrieslandCampina, Hein Schumacher, sei dat it bedriuw boeren stypje wol at se de biodiversiteit fan harren grûn ferheegje wolle. Biodiversiteit. Bio is leven en diversiteit is ôfwikseling. Mjuks dus. Mjuksende boeren kinne jild fan de FrieslandCampina krije.

Tagelyk sei Fred Crone, hy naam ôfskied as boargemaster fan Ljouwert, dat de Fryske befolking ree wêze moatte soe om 2,5 sint mear te beteljen foar in mingel molke, en dan sa jild frijmeitsje kinne  foar de biodiversiteit. En dat wylst Ljouwert hieltyd noch in earme gemeente blykte te wêzen. Dy 2,5 sint stekt Schumacher fansels yn de bûse en sa betelje wý de biodiversiteit.

Ik wurdt altyd lulk fan ditsoarte foartbakte ien-twaatsjes. Inkeld, dy beide mannen ha wol wat gelyk. It bin fansels ek mannen dy’t de hjoeddeiske ûntwikkelingen goed folgje. En der mei toverje kinne. Hoewol, 2,5 sint. It jout gjin bliksem. Jumbo wol miskien noch wol, mar Albert Heijn net. En at Albert net meidocht, seit Hein ek dat it swier te rissen is fansels. En Ferd Crone wit wol dat miskien de Friezen wol ree binne dy 2,5 sint te beteljen, mar yn Amsterdam net. En dêr wenje mear minsken as yn Fryslân.

FrieslandCampina hat net alle boeren ûnder bewâld; is ek noch  in word-wide bedriuw. Schumacher sei net, mar wist wol, dat syn meiwurkers op de site setten dat de garânsjepriis foar molke wer sakje sil. En Crone wol mei syn sinterske ferhaal inkeld de portefeuille lânbou krije yn de Earste Keamer. Dan kom je yn byld.

Dat blykt no ek yn de Fryske polityk. Dêroer ha we yn de Ljouwerter Krante in grut ferhaal krigen. Jantien de Boer mocht de CDA fraksje folgje yn de formaasjeperioade. Se hat tige har bêst dien, mar it is ek net folle mear as fertelle dat alles wat de CDA-ers bûten Jan tien ombesprutsen mei oaren, letter yn de fraksje útlein waard. Der kaam net safolle nijs út. Dat Sietske Poepjes altyd yt wisten we ek al; en dat hat se ek nedich, se hat no enerzjytransysje.

It ienige ferrassende wie dat de FNP de wynmûne ynruile hat foar de portefeuille lanbou. Ek noch in útklaaide portefeuille. It heikele punt yn de lânbou, de feangreide, is by de PvdA-er Douwe Hoogland telânne kaam. At je no earne biodiversiteit ha moatte dan is dat yn de feangreide. Doe ha se dat ek mar yn Douwe syn bakje stoppe. En de natoer ek mar. Dan stelt de lânbouportefeuille fan Jehanes Kramer dus neat mear foar, sels as soe hy roppen bliuwe dat elke boer bioboer wurde moat.

Hy moat him no mei de doarpen bemoeie, mar de oare partijen ha him it gêrs al foar de fuotten weimeand troch elk doarp hûzen ta te sizzen. En Sietske Poepjes sit yn de taal en kultuer om te readen, dêr hie de FNP no dochs mei útein sette moatten.

Dat stiet allegear noch net iens yn it bestjoersakkoart. Mar dat lêst ek nimmen, want it is fyftich pagina’s (te) lang. It nije kolleezje hat wat tefolle tiid en romte nedich om ús út te lizzzen hokker kant se sa’n bytsje útwolle. Der wurde gjin grutte knopen trochhakt. Dat jild seker foar it ûnderwerp wat de measte omtinken ha moatte soe, de feangreide.

De PvdA woe, neffens it ferhaal fan Jantien, 50% CO2- reduksje helje. It CDA hat fan dy risseltaatdoelstelling in ynspanningsferplichting makke. Dat betsjut dat je der mei oan it âldehoeren gean, mar as guon boeren en it wetterskip nee sizze, dat je dan tuike tuike dogge. Dan wurdt it kolleezje net ophong oan it risseltaat. Yntusken is it nasjonale regear al konkreter. Deltaplan feangreide. Mar it blykt dat se dêr mei de hannen omheech stean wat Fryslân oanbelanget; likegoed krij se gjin stipe fan it Fryske CDA.

Undersikers ha útfûn dat wy in dom, earm mar lokkich folk binne. Ik bin mei dat biodiversiteit- en feangreidestânpunt net echt lokkich. Mar doe lies ik de titel fan it bestjoersakkoart. Net ien skriuwt of praat der oer, mar dat moat tenei al. It hjit nammentlik Lok op 1.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s