Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

24 07 2019

Unsin

We sitte yn  komkommertiid. Yn it Frysk: de ûnsintiid.

Ferline wike wie de safolste útspraak fan rjochters oer Srebrenica, in stik skiednis út de foarige iuw. Oare rjochters hienen earder oardield dat de Nederlânske skuld oan it fermoardzjen fan tûzenen moslims 30 persint wie. De rjochters fan ferline wike brochten dat wer werom ta 10 persint. Persintaazjes skuld?

De skuldige is degene dy’t se fermoardzje litten hat. De VN hie in missy om soks safolle mooglik foar te kommen, dus dêrfan kin je sizze dat se har wurk net goed dwaan koenen. En dan kin de VN wer tsjin Nederlân sizze dat se it net alles like goed dien ha. Punt. Mar wat dogge wy ússels sa wichtich fielende Nederlanders: we plúzje dat jierren en jierren út, donderje in hiel soad jild oer de bolke, om de skuld dan op te dielen yn persinten. Undraachlike ûnsin.

Elke kear at sjoernalisten keninginne Maxima treffe, dan roppe se oer it stekje fragen oer har moeting mei in Saoedische kroanprins. Bin dy sjoernalisten no sa dom dat se net witte dat Maxima neffens ús wet neat sizze mei, sels al soe se it wolle. Nee, de bázen fan dy sjoernalisten bin sa dom. Want dy sette ek noch alle dagen wer yn de krante dat Maxima neat sei. Unsin dus.

Der is ek leave ûnsin. Op Skier sil elkenien tenei hoeden wêze mei plestik. Der sa min mooglik fan brûke. Prima. De ynfloed fan de griene en linkse boargemaster tink. Mar no sizze se, dat se dat dogge fanwege de kontenerramp. Dan soe sa’n ramp earne goed foar wêst ha en minsken op in beter paad brocht ha. Wat in ûnsin.

De nije gemeente Waadhoeke sil ynkoarten omdoopt wurde ta gemeente Twaspjalt/tweespalt. Dat komt omt de ried de meast domme beslissing naam hat, troch gjin beslissing te nimmen. Op de plaknammebuorden mei de Fryske namme boppe, bliuwt dat sa. En dêr’t de hollânske namme boppe stiet, bliuwt dat ek sa. Dus bliuwt elk eameljen. De djipFriezen, de Hollanders en de lju dy’t fine dat je as gemeente ien belied ha moatte. Dat eameljen duorret noch wol efkes want der moat earst noch in proefproses foar de bestjoersrjochter komme. In proefproses. Nee, da’s net yn persinten. Dy proefrjochter sil beslisse dat de nammen tenei mar njonken elkoar moatte. Alinnich dan begjinne dy djipfriezen wer te seuren dat de Fryske namme earst moat. En de oaren fine dat sý earst moatte. Unsin gedoch.

It wichtigste yn guon minskelibbens is in festival. Musyk, dûns en oare aardigheden. En je kin dêr alles fan fine, mar at minsken dêr dagenlang omhingje, lachgas opsnúve en bier drinke, en hieltyd  deselde musyk hearre, dan moat it foar harren tige moai weze. Der gean kloften folk hinne.

Oaren fine der neat oan: tefolle drokte, tefolle leven, tefolle drank en tefolle ynbreuk op de natoer. Festivals bin har tefolle. Der bin yndied noch al wat, mar it betsjut dat se wol besteansrjocht ha.

De oerheid moat hieltyd de beslissing nimme. Dy oerheid swalket tusken seurders en festivalgangers. Komt op in siidpaad. In dei koarter. In oar plak. Musyk oant alve oere jûns. Earne oars parkeare. De boksen moat nei de kant wêr’t de minste omwenjenden wenje.  Organisatoaren fan festivals ha dêr gjin sin oan en smite de handdoek yn de ring. Dat fine de minsken dy’t graach komme mochten ferfelend. Dus eamelje, eamelje , eamelje en it is komkommertiid yn de sjoernalistiek, dus elke eamelkont komt oan it wurd. En net ien krijt syn sin. Da’s de ûnsin.

Minsken dy’t  fan fakânsje weromkomme, wurdt frege attint te wêzen op legionella. Elkenien wurdt adfiseard om it wetter earst fiif menuten trochrinne te litten, foardat je wetter drinke, kofjesette of ûnder de doesj stappe.

It is al moai waarm optheden. Hjoed giet der dêrom fan it wetterskip wierskynlik in boadskip de wrâld yn dat wy net langer as fiif menuten ûnder de doesj stean meie, omt we oars tefolle wetter fergrieme. Dus je komme tus, litte de kraan fiif menuten streame en dan kin je  dus net mear ûnder de doesj. En at je ek noch lavendel meinaam ha út it bûtenlân moat je earst fiif dagen yn quarantêne. Wat in ûnsin.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s