Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

28 08 2019

Besef

Sneintemiddei sieten we op it terras fan badmeester Keimpe yn Balk út te sjen oer de Sleattemermar. We harken dêr nei de de Fryske lietsjes fan Weima en van der Werf, want dêr is de Omrop net al te grutsk op.  Badmeester Keimpe is in kafé/restaurant oan de mar, it plak wêr’t eartiids badmeester Keimpe Vos  yn de blaualch omgriemde om de bêrn dêr swimmen te learen.

Doe’t we nei hûs rieden wie’t al skimerich. Mar wat in moaie jûn. De dize luts stadich omheech nei de blau-read-oranje loft, wêr’t de lêste sinnestrielen tsjin de dize oanskynden. It joech sa’n ferskriklik moai byld oer de greiden, dy’t yn in dize hast op iis liken. Op in iensum yn de greide steande lantearnepeal siet in grutte eiber oer it lân te sjen  nei syn bern dy’t yn de mûzen omklauden. We hiene op it terras al tsjin elkoar sein dat Fryslân it moaiste lân fan ierde is.

Moandeitemoarn moast ik betiid wer earne te plak wêze. It geloksalige gefoel fan de jûn tefoar wie noch net iens fuort of dêr kamen de nije dingen al wer. In warbere frou dy’t sûkerskjinne lekkens oer de line tearde. In betide fytser dy’t ús ôfgeunstich makke omt hy ien fan de moaiste paadsjes fan Fryslân lâns de Aldegeaster Brekken ynriedt. Yn de buorren stie in frou efkes te wachtsjen oant ik foarby wie, de boadskiptas al yn de hân.

De lêste fakânsjegongers dy’t tús mei de auto  nei de supermerk op de hoeke gean, toffelen in pear kilometer foar waarme broadsjes fan de hite bakker. Want de temperatuur is tropysk. It lân net. Fûgels sjonge it heechste liet. Flinters en libellen fladderje al. Skiep sjogge al slieprich it slommerjende lân oer. Der stean twa lju te praten by in tsjokke  trekker, se sille de sleaten hekkelje. Betiid, mar opfallend is dat it eins al nedich is. De sleatten stean yn dizze natoerrike simmer grôtfol mei grien, streaming sit der hast net mear yn.

Op de radio yn de auto begjint in Nederlânske Papoea te fertellen oer in demonstraasje by it Indonesyske konsulaat tsjin dat de regearing dêrre in pear West-Papoeaanske studinten oppakt hat foar it net foldwaande achtsjen fan de Indonesyske flagge. Dêrtroch bin yn West-Papoea, dat selstannich wurde wol, ek al aksjes. Dan doch ik eat wat ik hast 70 jier noait dien ha, ik set de ynformaasjesender út en set musyk op. Fluitsjend ryd ik fierder, wat kin my de idioate wrâld noch skille at ik troch dit lân riidt.

Fout. Hielendal fout. No ha’k net heard dat de foarsitter fan de boereorganisaasje LTO, Marc Calon, seit dat in pear natoergebietsjes lykas de Veluwe, Lauwersmar en Oostvaardersplassen genôch west hiene. No bin der safolle natoergebieten en gebietsjes dat dy allegear lêst ha fan stikstof en dat der dus yn ús lân neat mear barre kin. In lappetekken fan natoer moat hy sein ha. Dat klinkt smeulsk, mar ik ha’t inkeld noch mar lêzen. Ik ha Hans de Boer, Wytmarssumer mar lannelik ûndernimmersfoarsitter ek net heard. Dat hie al moatten, want hy wie it iens mei Calon.

At ik fuortdûzelje, dan dogge  boeren dat ek. Wy kin Calon net útsette, mar dat kin de boeren wol. Mar dy bin oan it hekkeljen.

De boeren. Sneonskollega Ferdinand de Jong hâldt my algedurigen foar dat je de boeren net op ien bulte kwakke meie, want it bin wol de lju dy’t my foede. Ja, mar op Curacou ha’k sjoen, wurdt net in ierpel ferboud en der is net in ko te finen, mar likegoed ha se der allegear wol wat te iten. Inkel de natoer is dêr net folle en hjir wol.

In part fan de boeren hat it yntusken yn de rekken. Sa linkendewei komme se op it goede biodiverse paad. It is no saak dat de lanboubestjoerders dat ek foar it ferstân krije. At boeren hoeder fan ús lânskip wêze wolle, moatte se dy Calon daliks nei Curacou depoarteare.

We sangerje op Brazilië om, mar Bolsonaro hat gelyk dat we hjir de Amazone al kapt ha. En dat we hjir elk jier noch 3000 bunder grien yn stien feroarje.

Wisten jim net hè. Ik wol. Ik ha de radio wer op ynformaasje set.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s