Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

11 09 2019

Unlogysk

Fryske jagers sil ynkoarten it fjild yn om 150 damherten dea te sjitten. Damherten binne tige gefaarlike bisten, se frette blêdsjes fan de beamkes. En se brûke gjin kondooms, dus der komme tefolle fan. Stienmurden , dy’t ús libbene natuer opfrette, hiele nachten yn it lân op lytse ljipkes en skrieskes omkôgje, dêr mei we net oankomme. Unlogysk.

Der bin hjir wol hûndert ûnlogyske saken. Deputearre Douwe Hoogland grypte bygelyks yn doe’t de gemeente Hearrenfean neat die mei it ferhaal fan âld-wethâlder Age Hartsuiker oer in stowolk. Hoogland slúte it bedriuw en dat moat 5000 euro de wike betelje at se net daliks in ôfsûchkapke meitsje. Mar Douwe sei ek dat hy net wis  is at dat bedriuw wol skuldich wie. Dat is toch ûnlogysk.

It is dus logysk dat de Ried fan Europa Nederlân in feech om de earen jout, omt de Friezen har sels net wêze kinne. Net yn taal en identiteit. Watte, it regear docht syn taak net, as it giet om it Frysk yn it ûnderwiis. No hat Fryslân sawat in nije leaver-dea-as-slaaf oarloch útfochten, om dat ûnderwiis sels te regeljen, mar ús taalskipper Sietske Poepjes hat noch net by alle skoallen del west, leau’k. Dus eamelt partijgenoat Harry van der Molen wat op de minister fan ynlânske saken om. Dy woe him yn it Frysk anderje, mar se koe it Fryske wurd foar zeurkont net fine.

Dat ivige Fryske gedram. Wylst we der sels fierstentemin oan dogge. Tachtich persint fan de ynwenners fan Fryslân fynt it Frysk  in aardich taaltsje. Se wol dêr best it ien en oar mei dwaan. Mar fan dat geseur fan de saneamde echte Friezen oer formele akseptaasje fan it Frysk,  en dat hottefyljen oer at je yn de finzenis fan Ljouwert wol ferwolkomme wurde yn it Frysk, sakket har de broek wer ôf.

Bêste foarbyld wie fansels ferline wike de Fryske Akademy. Us eigen wittenskiplik ûndersykssintrum. Te min jild fansels. Se bin lieard oan it lannelik KNAW, mar dat hat sa no en dan wol fraachtekens by it wittenskiplik nivo fan de Akadeemje. We klappe fatsoenlik by elk nij boek fan de Akadeemje, mar we lêze it net. It giet oer de eigen wrâld fan de besletten Akadeemjeploech. Dat is net ús wrâld.

De Akadeemje frege ferline wike de provinsje de rezjy oer te nimmen. Dat ha se nea út hannen jaan wollen, mar dat moat no al, want der is fiif ton tekoart. De provinsje set optheden lykwols wittenskiplik jild mear yn foar wetter en hoe’t je sâlte fisken yn swiet wetter waskje kinne. Da’s fan dizze tiid, de stúdzjes en boeken fan de Akadeemje helje dat net.

Dat klinkt frij wreed, mar wit al dat yndertiid doe’t Tresoar alle Fryske ynstellings oan it sammeljen wie, dat de Akadeemje wegere mei te dwaan. Se wearzgen fan it nivo van Tresoar. Dêr rint no elk fleurich yn. Dêr bin se allegear dwaande om histoaryske en wittenskiplike  saken te dwaan dy’t oan dizze tiid heake wurde kinne.

It ferneamdste projekt fan de Akadeemje, Mercator, bin de Europeeske talen fan minderheden. Dêr dogge se yngreven stúdzje oer. Dy stjoere se dan nei de Ried fan Europa en dy seit dan dat der te min oan de identiteit en taal dien wurdt en dat it regear in gele kaart kriget. Weroer dy terjochte inkel mar de skouders oer ophelje.

De Akadeemje wol har eindelik deljaan ûnder de provinsje. Mar  nimmen regearde. Ja, Pieter de Groot, mar ek dy hie in ferhaal oer hoe’t it eartiids gie. Dat wie doe wol passend, mar net oer hoe’t it no gean moatte soe.

Dat is simpel: wé moatte it sels dwaan. Yn taal en identiteit. En yn de Akadeemje. De provinsje freegje de rezjy te nimmen, betsjut dat je dêrnei altyd wer sizze kinne, ja mar de provinsje woe dat it sa ha. Dan kin je jesels altyd ferskûlje. Stean op en meitsje sels in hiel nij wittenskiplik ynstituut. Soademiterje al je sûnt 1938 opdiene eigenaardichheden derút. Om my neam je it noch de Fryske Akadeemje, mar slút je wol oan by Tresoar, de hege skoallen  en de universtitêre oprispings yn Ljouwert en Frentsjer. Sûnder wittenskip witte wy wol dat it no in nije tiid is. Logysk.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s