Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

02 10 2019

Tolk

It âlde Boalserter riedshûs hie altyd in toer. It wie wat in multifunksjoneel gebou doedestiids, de Waach siet der ek yn. De toer wie ferrassend, Boalsert hie al fiif tsjerken. Dizze toer kaam der op ta yn 1617. Blykber ferrineweert soks wat, mar miskien wie’t ek wol in moandeisputsje. Hoe dan ek, op ien nei wiene alle ferbiningen fermôge. Mear ha we mei Snits ek net nedich, sei immen dy’t stie te sjen dat dy toer der sneontemoarn ôftild waard. Mar Snits fûn ien ferbininkje te min.

It riedshûs sil no ferboud wurde foar allerhande moaie en wichtige saken, en dan sil de toer der ek wol wer op komme. Dat kin it gemeentebestjoer no noch jierren brûke om te fertellen hoe grut at harren finansiële tekoart is, want it kostet no fansels klauen mei jild. Dy toer moast der hookstrooks op sneon ôf en dan krije de wurknimmers al dûbeld jild fansels.

Dat wie yndertiid noch net sa. Yn 1617 wurken je noch gewoan op sneon. De lieding hie de boumaster Jacob Gysbert.  Aah, der giet by jim in lampke barnen. Ja dat wie de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx.

Dy stoar yn 1666, mar ferline wike skeukte hy wat ûngemaklik yn syn grêf. Miskien gie sa de lêste ferbining fan heit syn toer der wol oan. Want de grutte foarman fan de Fryske taal, nei wa’t de meast weardefolle literêre priis neamd is, dy’t dit jier terjochte nei Boalserter Aggie van der Meer giet, dy foarman waard ferline wike oantaasten.

Yn de rjochtsseal, it heger berop fan de blokkearders fan de anty swarte pietedemonstraasjes. Foarfrou Jenny Douwes woe har ferhaal graach yn it Frysk dwaan. Dêr praat en tink je yn, it is dan makliker om je te úterjen en at je heger berop dogge dan moat je je úterje,  oars jout it neat.

Fryslân hat op 16 november 1951 in oarloch fierd om klear te krijen  dat je yn de rochtsseal gewoan Frysk prate kinne. Kneppelfreed. De oarloch waard wûn, al duorre it noch jierren en jierren foardat it hielendal klear wie. De rjochters dy’t Jenny oanhearden, waarden dus holpen troch in tolk. Dy’t Jenny har Frysk fertale moast yn it hollânsk.  En dan sjoch je de breklike realiteit fan de Kneppelfreedoarloch: de tolk koe it net en omt er it net goed koe, woe hy it ek net.

De tolk folge har tempo net en ûnderbruts har hieltyd. Jenny rekke fan slach. Dat begrepen dy rjochters wer net. Dus krige Jenny net in oare tolk, wylst der wol tsien man yn de seal sieten dy’t it better kinnen hie.  No ja, Saskia van Westhreenen hat yn har kommintaar yn de Ljouwerter alles al útlein.

Dus ik ha âlde Gysbert wer rêstich yn syn grêf treaun, mei it boadskip, dat de saken formeel wol goed regele binne mei dat Frysk yn de rjochtssseal, mar dat der dizkear net in goeie tolk wie.

Doe ha’k him noch mar in ferhaaltsje ferteld út deselde wike. Oer dy Drachtster wethâlder Eric ter Keurs. Dy’t safolle sneue opmerkings nei de holle krige oer in stik wat de amtners skreaun hienen, dat hy him net mear ynhâlde koe. Hy sei dat dy kloaterige amtners har wurk net goed dien hienen.

Amtners lulk. Ter Keurs moast eksukses meitsje, fertelde ik Japicx. Dat die hy ek. En sei dêrnei dat hy opstapte as wethâlder fan  Smellingerlân. Dach. Ferrassing alom. Mar mei wat nét sein wurdt, sis je somtiden in heleboel. Ik bin efkes im tolk. Ter Keurs seit dat it net goed is dat wethâlders de amtners leech lizze. Dat moat je yntern hâlde. Sa no en dan ris razend lulk troch de gongen fan it riedshûs daverje. Dat wol hy net mear want hy tinkt dat it amtlik apparaat yn Drachten net te rêdden is. Dat je dêr dus net mear ferantwurdlik foar wêze wolle en net mear troch de gongen roppe wolle.

Japicx knikte. Hy begrypte dat it net allinnich swier is it Frysk wat noflik yn de rjochtsseal te brûken, mar dat it noch folle swierder is om de wurden en it swijen fan in lulke wethâlder te fertalen.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s