Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

09 10 2019

Oars

It is folslein idioat dat de Fryske gemeenten juster in ledegearkomste hâlden yn Brussel. In Fryske Dei dêr is al folsein oerstallich, mar dat alle Fryske gemeenten in wethâlder en/of boargemaster in pear dagen nei Brussel stjoere jout wol in hiel frjemd aksint oan de ferhalen dat se allegearre miljoenen tekoart komme.

Oars ek wol wer handich. Dan kin wy yntusken de opdracht fan Gerrit Hiemstra regelje, sûnder al dy de gearkomstetigers, dy’t altyd alles noch wer mei amtners oerlizze moatte en nea ta in beslút komme.

Waarman Gerrit Hiemstra seit dat it idioate waar, wat hy sa no en dan foarseit, ûntstiet omt we it klimaat net mear yn de hân ha. Op de sosiale media fjochtet hy in echte oarloch út mei de lju dy’t it finansieel net goed útkomt dat se oars libje moatte.

Likegoed mocht Gerrit de rede fan Fryslân hâlde ferline wike. En doe sei hy dat it Woudagemaal  by Lemmer in sjarmant stikje UNESCO erfguod is, mar dat Fryslân der ferstandiger oan dwaan soe in hiel nij gemaal te bouen. Dan tink je: wat in dwaze opmerking. Dat Woudagemaal kin yn ien dei de hiele Snitsermar leech sûgje, der hoege we dochs gjin nij foar.

Je kin ek oars redeneare. At immen yn it wetterskipsgebou ropt ‘sil we it gemaal oansette’, dat bin de earste 25.000 euro al fuort. Mar at wy dat wól betelje wolle, en noch mear want it tekoart fan it wetterskip is heech, dan is dat dochs ús eigen saak? En soe in nij modern grut gemaal net folle mear kostje? En kin dat der wol komme, want der is in kwak stikstof nedich om dat fan de grûn te krijen.

Dat bedoelt Gerrit hielendal net. Gerrit is net ûnnoazel, hy hat krekt as ik yn Drachten op skoalle west. Gerrit bedoelde yn syn rede dat wy Friezen meastal eigenwiis sizze dat der fan alles yn de wrâld te rêden is oer klimaat en boeregedoch, mar dat wy dat meast goed oan it oplossen binne. Wy bin noch in echt griene provinsje sizze we dan. Fan dat tinken moat we ôf. Seit Gerrit.

Der joech hy net iens safolle mear ynhâld oan. Dat kin ek net, want hy fynt dat wy persoanlik allegear feroarje moatte. En dan net krekt as de gemeente Súdwest-Fryslân docht: ynienen oeral gemeentelike âld-papierbakken delsette. It de frijwiligers fan gjimmestykklubs en korpsen út de hânnen skuorre. Lit no mear lju dat âld papier ophelje. Jou dêr subsydzje foar. Dat tinken bedoeld Gerrit.

Yn Den Haach witte se al dat it tinken oars moat, mar net hoe. Se sizze no dat de provinsjes der mar mei rêdde moatte. Krekt as de jeugdsoarch bygelyks. Dy oerdracht soarge der foar dat alle gemeentes no miljoenen te koart ha. En no kin de provinsje Fryslân neffens Den Haach dus wol bliede. Mar dy sinten moat we garje troch oars tinken. Net mear nei Brussel ta om te fergaderjen.

We moat Gerrit mar wat stypje. Oars tinke:

Wetterskip Fryskân moat opheven wurde. Yn de gewoane demokrasy sit mear grien folk, dan is der wat mear lykwicht.

Alle diken fan 130 nei 100. Moarn. En alle 100 diken nei 80. It is folsleine nonsens om dêr 100 te riden, der riidt allegear spul fan 80, dan kin we dat moai allegeare dwaan.

Alle moterfytsen Fryslân út en dy meie der nea wer yn. Te lûd en te folle stikstof. Fuort.

Skippen en ek boatsjes meie net hurder farre as 12 km/oere.  Boaten dy’t sile krije subsydzje.

Der mei noch mar ien sjippesoart yn Fryslân ferkocht en brûkt wurde,  griene sjippe.

’s Nachts moat it yn Fryslân folslein tsjuster wurde. Tsien oere allegearre op  bêd.

Fleanbasis Ljouwert wurdt moarn slúten. Watte, der meie alhiel gjin fleantugen mear boppe Fryslân fleane.

Toeristen bin net mear wolkom. De helte fan de kroegen kin dan ticht. Dy fonteinen ferkeapje we oan Sjina.

Yn de natoer sette we guozzen, foksen en wolven út. De frette dan wol de helte fan it boerebedriuw op. In pak molke kostet tenei 11,48.

Dyksferhegingen kinne net mear, allegear stikstof. Dus oer 200 jier ferdwynt Fryslân yn see. Dan hoecht der neat mear te feroarjen.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s