Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

16 10 2019

Jehannes

Tiisdeis sitte deputearre steaten fan Fryslân altyd gesellich om de grutte tafel yn it provinsjehûs. Se ha dan altyd in drokke dei. Dy waard ferline wike noch folle drokker. Der kamen nammentlik  allegear mailtsjes en appkes út Den Haach, want dat hie besite hân fan Remkes. En in kwak boeren. De freeds sei it kabinet al dat der maatregels naam wurde moasten. Net troch harsels, mar troch de provinsjes. Sa kaam der dy tiisdeis in mailtsje fan it Ynterprovinsiaal Oerlisorgaan, it IPO.

In typysk VVD-mailtsje trouwens: at we no de stikstofrjochten dy’t de boeren tefolle ha, oerhevelje nei ús bou, dan kin wý wer fierder.

De deputearren hiene it drok mei de oerstallige Fryske besite oan Brussel, der moasten ek noch guon mei de bus. Dus se seagen dat mailtsje mar heal oer. Toe mar. Jehannes Kramer sei letter dat er der wol wat tsjinoan skytskoarre hie, mar in FNP-er is no ienris sa dat at se it allegear wolle, dan doch je mei, oars doch je noait mear mei.

Jehannes tocht noch al, miskien moat ik wol efkes mei wat boere-oanfierders prate. Mar hy hat it drok, moat alle dagen guozzen telle en dan skeafergoeding betelje oan de boeren. Dy wiene freed net tús, doe stienen se mei de trekker op de stoepe fan it provinsjehûs. Se raasden as murden oer dat ynterprovinsiale beslút. Dat moast fan tafel.

Jim moat begripe dat dizze wrâld net mear te begripen falt. Je ha klimaatdemonstranten dy’t diken en brêgen besette yn Amsterdam. Dy wurde by boskjes arresteard. Je ha oan de oare kant de boeren dy’t ek de dyk opgean. Dan klappe we, útsein at der yn Grins in doarke oan flarden riden wurdt. En ja ha de gewoane minsken, dy hellen dit wykein yn it ramt fan Skjin Wetter de smoargens út it Fryske wetter. Der tusken swimt Jehannes Kramer dus, wat foar kant moat dy út?

Hy hie ek gjin help. Brok, oars hiel goed yn it tusken de boeren rûnrinnnend elk in klapke op it skouder te jaan, wie der net. Sander de Rouwe wie der ek net blykber, dy moat elektoraal mei de boeren oplûke, mar dy fynt ynfesteare yn nije wegen en bedriuwen folle wichtiger. Sietske Poepjes wie der ek net, wierskynlik noch yn Brussel lykas al dy oare healbizige Friezen dy’t tinke dat it dêr te rêdden is. Wêr hja we hjir yn Fryslân lêst fan? Presies, de Europeeske rigels. Dûnsje dêr dan net om de beam, mar bliuw hjir om Jehannes Kramer te helpen.

Avina Fokkens wie der ek net want dy fear nei Drachten en Hearenfean om te sizzen dat se aanst mei tsjokke skippen net nei Hearenfean mar wol nei Drachten farre kinne. Dan moat wol de Hege Warren omdold wurde. Fokkens sanearde dêr daliks al sân boeren, wylst har VVD-bazen tagelyk rôpen dat der net in boer fuort hoecht.

Douwe Hoogland wie der al, mar dy giet oer biodiversiteit en heger wetter yn de feangreidesleatten. Dat praat wol de boeren optheden efkes net hearre.

Dus Jehannes Kramer wie allinne. Hy waard efkes kroechbaas. Ien komt der yn en seit: ‘moai waar’. Dan seit Jehannes ek ja, moai. Dan komt de folgjende deryn en dy seit: ‘min waar’ en dan seit Jehannes ek dat it min waar is. No, de boeren woene net earder fuort as dat Jehannes sein hie, dat hy it ferhaaltsje fan de provinsjes wer ynslikke soe.

Ik hie meilijen mei de deputearre. De boeren betrouden him net iens. Hy moast in bryfkje type en dêr de hanteken fan Brok ûnder sette, dy ha se dêr wol op in stimpeltsje. Sa distansieerde hy Fryslân fan it ynterprovinsiale mailtsje. De boeren rôpen joechhei en mei it liif fol provinsiale kofje giene se wer nei hûs, der moast nedich molken wurde.

 

 

En Jehannes? De hiele wrâld foel oer him hinne. Telefoans en media begûnen om it libben te ratteljen. Fertaald seinen se: leffert, dat hienen we net ôfpraten, de provinsjes soenen ommmers dwaan wat wy net koenen en no begjinne de boeren aanst ek yn oare provinsjes, en dan moat we wer wat oars betinke, dy smoarge Friezen ek altyd mei har eigen miening.

Jehannes stiet noch atyd op de stoepe fan it provinsjebûs. Hiel iensum.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s