Eelkesweblok

1 reactie

23 10 2019

Luchtfytse en -farre

Wy wenje yn in frjemd lân.

We bombardeare 70 boargers yn Syrië, en ek al hiene it soldaten west dan wie soks noch ferskriklik. Mar we ha mear drokte oer in boer dy’t mei syn trekker krekt die as dat er in hynder oanriidt.

We sizze dat we better om it klimaat tinke moatte mar we arresteare demonstranten dy’t dat ek sizze.

We helje hjir race-auto’s hinne op in snein, mar we wolle ek in autoleaze snein.

We sizze dat we tuike tuike moate mei fleantugen, mar ministers en de fuotballers sitte faker yn in fleantúch as yn Keamerbankjes en dugouts.

Sa soe ik noch wol in hiele lange list mei Nederlânske tsjinstellingen ophoastje kinne. Dêrby bin twa, dy moat lykwols efkes ekstra omtinken ha. De farwei nei Drachten. En in spoarline lâns Drachten.

Ta elks stomme fernuvering leit de gemeente Smellingerlân 15 miljoen del foar in nije bredere en djippere farwei nei Drachten, sadat ek de 110 meter skippen dêr hinne kinne. Seis miljoen komt fan de fabriken, wêr de skippen foar farre. Dat ha se dar sa wer út, it fertsjinnet himsels wer werom at der gruttere skippen komme kinne. Ien fan de trije skippers dy’t no nei Drachten farre giet lykwols dan faillyt.

De oare 9 miljoen komt fan de gemeente Smellingerlân. Dêr witte se op it gemeentehûs net wat der yn de kassa leit. En at se it al witte dan is it noch neat. Se komme ynkoarten ûnder finansieel tasicht fan de provinsje. En dy wolle njoggen miljoen jaan. Ja allegear nullen op buordsjes en de deputearre der efter sette, dat koenen se noch betelje. De rest fan de nullen bliuwt nul.

Ek sa’n moai drigemint: at de bedriuwen dy grutte farwei net krije, ferdwine se út Drachten. No der is noch noait in ûndernimmer ferhûze at it him inkeld mar jild koste. Boppedat, at blykt dat in ynfestearing op in oar plak wol rindemint jout, soademiterje dan mar op. Dan ha je teminsten net de hiele befolking en natoer tusken Grou en Drachten yn de gerdinen.

Ik werken myn eigen wurden. Al sûnt de 60-er jierren wurdt der oer praten. Elke kear wurdt it wer ôfsketten en elke kear komme nije minsken der wer mei werom. Dat sa’n deputearre Fokkens earst net ris yn de skiednisboekjes lêst. Dan hie se witten dat al dy fergese ûndersiken mear koste ha, as it dollen fan sa’n kanaal.

Ald-minister Harrie Langman, berne yn Akkrum, hy wenne letter yn Waskemar, is in pear jier lyn ferstoarn. Yn syn plan foar in nij ekonomysk elan foar it hiele noarden, fan 1997, stie net in grutte farwei nei Drachten. Wol in trein fan Hearrenfean oer Drachten nei Grins.

Grutte parten fan dat plan-Langman bin útfierd. De trein net. Ik sjoch noch Langman syn gesicht doe’t it noarden net foar in gewoane trein keas, mar foar in ekstravagante magneetsweefbaan. Langman mompele dat soks nea wat wurde soe, mar skreau it protteljend del, want it kabinet woe echt wol jild jaan doe. It wie trouwens gasjild, dus soks komt nea wer. Dêrnei, doe’t yn 2007 de sweefbaan definityf de himel yngie, hat nea wer immen fan Langman heard. De knoarre jild is yn lytse ynfestearinkjes opmakke, dêr murk net ien wat fan.

It wie al it safolste plan foar in spoarferbining. It is dêrnei ek noch wol in pear kear opbuorrele. Der bin al wer konkrete plannen, want al dy lju dy’t no de CO2 út de loft helje wolle, sizze dat je tenei mei de trein op de fleanfjilden fan Lelystêd en Eelde komme kinne. En se treffe no wer nije bestjoerders, dy’t krekt as Fokkens gjin skiedniskennis ha.

Yn in tiid dat we as mienskip ferrekte goed om ús hinne sjen moatte wat we noch wol en net dogge, om te besykjen dizze grûn ek noch wat foar ús pakesizzers te behâlden, is it dochs ûnlogysk om (wer) mei dit soarte grouwélige plannen tefoarskyn te kommen, wylst we it andert op allegear wichtige oare fragen noch net iens ha. En neat oars dogge as hiel ynkonsekwint allegear folslein tsjinstridige saken te dwaan.

En Drachten moat earst mar efkes goed mei himsels rêdde.

 

One thought on “

  1. De spiker op ‘kop!

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s