Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

30 10 2019

73 jier Fryske radio

Begjin 90-per jierren kaam ik wol ris by âld kollega, letter boargemaster fan Alkmaar, Cees Roozemond. Hy wie de heit fan de hjoeddeiske direkteur fan sc Hearrenfean. De âlde Roozemond waard noch ynterim boargemaster fan Smellingerlân as opfolger fan de romrofte Smallenbroek. En wie letter noch ûndersiker yn Zaanstad fan de oarloch tusken de plysjesjef dêr en de boargemaster Hanny Bruinsma. Dy hie earder deputearre yn Fryslân west.

Romroft folk, dus jim begripe dat ik wolris yn Goëngea kaam. Dêr wenne de âlde Cees, fereale op it Fryske plattelân. En dan seinen Cees en syn frou hiel faak tsjin my: we leren het Fries van jullie uitzendingen. Wylst hy dat net nedich hie, want yn syn frije tiid wie hy inkeld mar by Cambuur.

Radio as taalbefoarderingsynstituut. Ik moat earlik tajaan dat de lju dy’t yn 1946 der foar soargen dat de RON ûntstie, in regionale omrop foar Fryslân, Grins en Drinte, dat seker dien ha om de Fryske taal mear hiem te krijen. Der kaam ek nochal wat nij folk Fryslân yn, dy reagearden net allegear op deselde wize as Roozemond.

De regionale omroppen waarden hieltyd sjoernalistieker. De lannelike omrop wie in soarte regionale omrop fan de rânnestêd, en dus moast Frysk nijs folwoechsener behannele wurde. Sjoernalisten fine dat taalbefoardering net by harren wurk heard. Annie Bosma-Banning fan Drachten die noch in Fryske kursus op de Fryske radio,  Heinze Bakker en Jetske Zijlstra liezen de wurdsjes. Mar dêrnei wie de befoardering wol oer.

Dat wol sizze dat it bewust dien waard. Unbewust en dat bedoelde Cees Roozemond ek, betsjutte de Fryske radio fansels in hiel soad foar it Frysk. Derfoar hoegden je de sjoernalistieke funksje net te feroarjen.

Omrop Fryslân, it rjochtstreekse bêrn fan de RONO, mocht dan wol sjoernalistieker wurde, it frjemde, en miskien ek wol it moaie wie, dat de harkers de âlde gedaante fan de Fryske radio net kwyt rekken. Ik ha 40 fan de 100 jier radio meidien. 17 jier dêrfan hie’k in rjochtstreeks polityk radioprogramma, it Wapen fan Fryslân. Der kamen altyd groepen Friezen nei de studio om dat programma mei te  meitsjen. Nei de útstjoering prate ik dan mei harren.

Se seinen allegear altiten itselde: kin jim net wat faker in Frysk ferske draaie. Is leuk wol in goed Frysk wurd. En soms gie it wol hiel fier: at der mar ien spiler fan Hearrenfean Frysk prate kin, is dat de ienige dy’t jim wat freegje kinne, oaren hoege we net te hearren. Yn elke groep sieten wol in pear sokken.

Hindert neat, se wiene soarchsum foar de Fryske taal. Wy bleauen dêrtroch skerp, want ek at je Frysk prate foar de radio moat je dat sa goed mooglik dwaan. We hiene op de redaksje hiele diskusjes. Sa waard troch net ien mear sein dat immen syn foet brutsen hie by in ûngemak, mar de skonk. De Fryske Beweging sei doe dat de Omrop de skonk werom jûn hat.

Hoe fier gean je dêryn. Je moat net sizze dat dy blommen sa linkendewei aardich fertuteazje, dat begrypt 70 persint  fan de Friezen net. 98 persint fan de ynwenners wit net dat at de brân dwêsten wurd, dat it dan út is. Dertusken sizze Friezen gewoanwei dat it jammer is dat dy belangrike spiler net meidwaan kin, wylst it formeel spitich is dat dy wichtige spiler der net is.

By de Olympyske Winterspelen yn Hamar, 1994, frege ik Falko Zandstra nei syn 1500 meter dêrre. Ik die it earst yn it Nederlânsk, foar de NOS. Dêrnei yn it Frysk, foar de Omrop. Falko bleau stean. Seach my spytgnyskjend oan: “moat it no noch net efkes yn it Turks?”.

Mart Smeets frege my yn 1980 “waarom praat Hilbert van der Duim makkelijker en vrijer tegen jou dan tegen mij?” Doe ha ik andere: Hilbert tinkt ek Frysk.

Dêrom is it wol hiel dom fan de provinsje Fryslân om sa lang om te prutsen  mei de fernijing fan it Frysk yn it ûnderwiis, dat se no it ferlechje brûke moatte dat soks miskien formeel steatsstipe wêze soe. Dat je net folwoechsener omgean mei je eigen taal is ûnfrysk. En dan is it net oars, meitsje dan fan de omrop mar wer in taalbefoarderingsinstituut.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s