Eelkesweblok

1 reactie

06 11 2019

Boarterstún

De gemeente de Waadhoeke lûkt 50.000 euro út om dy njonken dyselde bedragen te lizzen fan de provinsje Fryslân en de rykstsjinst  foar Kultureel Erfguod. Dy 150.000 moat dan genôch wêze foar de UNESCO om it planetarium yn Frentsjer te beneamen as in stikje wrâlderfguod. Dat komt wol goed. En dan? Dan niks. It is in titel. Je krij der gjin jild foar. It regear krijt inkel de opdracht it te behâlden, wat it ek kostet. Miskien komt der wat mear publyk; of dat sil wol, want dat krigen de Waadsee en it Woudagemaal ek. Dy bin al wrâlderfguod.

Ljouwert waard ferline wike “UNESCO city of literature”. Fanwege it twataliche literêre fjild. Fertaald: Ljouwert krijt dy titel foar Fryske boeken. Dy’t miskien wol mear op it plattelân skreaun binne, mar hawar, Ljouwert is ek Fryslân. De media skriuwe der entosjast oer, mar net ien leit út wat je mei sa’n titel kinne. Wurde de Fryske boeken dêr better fan? Of Ljouwert? No ha’k ek net heard wat foar bedrach útjûn is om soks te wurden, mar ik ha gâns betrouen yn de Ljouwerter ried dat der net in Ljouwerter sint by wie. Dy ha se net mear.

Fansels moat we allegear in kear yn it Frentsjeter planetarium sjoen ha. We moat ek oer de Waadsee farre. Yn it Woudagemaal sjen. Of in Frysk boek lêze. Mar we hoege net altyd te learen. We moat ek genietsje. Ik bring jim wer werom nei jim jeugd. Skoalreiskes.

Wý wennen yn Drachten. Dus yn de bus nei Appelskea, dêr yn it sân omtouterje. Dan wer werom oer Olterterp, in gleske ranja út de molkbus, en dan dêr de boarterstún yn. Yn de súdwesthoeke kamen je fan 1964 ôf dan telânne yn Sybrandy’s fûgeltsjepark tusken Aldemarrum en Riis. Dat waard al rille gau Sybrandy’s speelpark, want hy boude der ek allerhande grutte boarterstastellen. De measte Fryske bern ha der wolris west. Op de hege skommel, yn de mûne of  op de draaiskiif. Dy is lykwols al ferdwûn, dêr soalden de lytse bern ôf.

Simen Sybrandy en soan Rienk, dy’t wol wat oars dwaan wol, woene de saak ferkeapje. Dat duorre lykwols lang. Sjerp Jaarsma fan de Hege Gerzen fertelde my dat hy hiel lang wachtsje moast om ek mar wat dwaan te kinnen. Frjemd, seker omdat elk mei wa’t je praten, sei dat it park bestean bliuwe moast. Elk hie dêr ommers syn of har wille hân eartiids. En elkenien wie der wer west mei bern en pakesizzers.

Uteinlik waard dochs iepenbier dat Jaarsma it wol regelje woe. Doe moast it lykwols yn sân hasten. Dat koe Jaarsma ek net fuortendaliks foar elkoar krije. Finansieel net, mar ek net omt natuerminsken blykber noait skoalreiskes hân ha, want dy woene witte hoe’t it dêr op de Hege Gerzen gean soe mei de natoer. Doe’t Jaarsma sei dat er de bern earst efkes troch de natoer jeije soe, wie’t goed.

Finansieel dan. Jaarsma krige wol wat útstel, krige in ton fan ynfstearders, mar frege de ried fan de Fryske Marren om in liening. 450.000. De ferhûzing en it nedige opkalefaterjen fan it park kostet noch wol wat. Hoewol, sa’n bedrachje as ynfestearing foar in bedriuw wat sa’n 40.000 besikers per jier opsmyt is net iens sa folle. Sokken as Rutte en Sander de Rouwe soenen der blyn foar tekenje.

De ried fan de Fryske Marren hâldt de saak lykwols efkes oan. Lykas alle rieden sa faak dogge. Omtouterje, noait wat beslisse. Gefolch: Dantumadiel is no faillyt, Tytjerksteradiel hat gjin ried mear. Yn de Fryske Marren fûnen se it bedrach nochal heech en bin se benaud foar Europeeske steatstipe-rigels. Suertsjes.

As ik soksoarte dingen lês wol ik de krante ferskuorre. Of it mobieltsje yn de de wc miterje. En dan bedimje ik my en betink in ferlechje foar dy ried. Wis, in gemeente is net in bank, mar moat wol dwaan wat de ynwenners graach wolle dat dien wurdt. In lieninkje. Sûnder rinte. De minsken dy’t fan dit park hâlde, soargje wol dat soks werom komt. Mar Jaarsma moat nije wike los. Elkenien wol dat.

En Europa? Ach beneam jim sels mar as UNESCO city of schooltrips, dan bin dy ek om.

 

One thought on “

  1. Pingback: Kollum Eelke Lok: Boarterstún | ensafh

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s