Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

13 11 2019

Balâns

Earste Keamerlid Joop Atsma ramde sneon as in trekker troch it CDA- kongres. It gefolch wie dat it wurdsje ‘belangrijker’ ferfong waard troch ‘in balans’. Joop, dy’t ea as steatsiktaris op deselde wize de foar de Wadden bestimde miljoenen terjochte komme liet yn de binnenstêd fan Den Helder of it tsjerkje fan Pingjum, koe tefreden  nei Surhústerfean werom. De byldfoarming doogde wer, it CDA wie wer boerepartij.

De wittenskippers fan it CDA stienen yn hun himd. In wittenskipper fan it CDA mei nammentlik net opskriuwe hoe’t it presies sit, mar  inkel mei konklúzjes komme dy’t stroke mei de polityke line fan de partij. En at se dy line net fine kinne, bin se ûnnoazel. Seinen Joop Atsma. En al dy oare trekkers dêrre. Europarlementariër Annie Schreijer-Pierik makke noch mear leven as Joop en waard keninginne yn de Telegraaf. Yn de Volkskrante waarden Joop en Annie lykwols dom neamd. No, dan kies ik mar foar it wurd koartsichtich. Oars hâldt kollumkollega Ferdinand de Jong op fan harkjen.

By de Fedde Schurerlêzing sneon wie nimmen koartsichtich. Natoerperfesser Theunis Piersma hâlde dêr syn wittenskiplik ferhaal. Dat kinne we. Sýn namme komt yn de Telegraaf net mear foar. Boer Pieter van der Valk, dy’t ek noch grutter en mear produsearend wurde wol, wie it wol wat mei Piersma iens: de súvelprodusinten ha it lân sadanich misbrûke litten foar produksjeferheging, dat it him no tsjin ús keard. En al dy oerheden, mei hast altyd it CDA deryn, ha dêr noait wat oan en tsjin dien. Mei as gefolch it gesoademiter wat we no allegear ha.

De konkluzjes yn de diskusjes yn de ôfrûne 20, 30 jier oer dit ûnderwerp wiene altyd: de konsumint moat mear betelje wolle foar de molke. Dan laken de grutwinkelbedriuwen har stikken en hellen goedkeape molke út Dútslân. Wy, konsuminten, kochten en keapje dat goedkeape Dútse pak. Oars kin we Netflix ommers net betelje.

Oerheden hiene fansels al lang yngripe moatten. At je wolle dat je allegear bioboeren krije, ek al neam je dy no kringloopboeren, soargje dan ek dat de prizen gelyk binne. At se dat foar oalje, gas en sigretten wol foar mekoar krije, dan moat it dochs mei molke en ierpels ek kinne? Mar wat dogge se? Se feroarje de wurdsjes. Dan kin se wer alle kanten út. At we in minister-president  ha dy’t seit him net herinnerje te kinnen oft hy doe en doe al wist dat we 70 ûnskuldige lju deasketten ha, dan wit jim dat sokke oerheden inkel mar yn wurden tinke. Net yn dieden.

Sis net dat we it hjir yn Fryslân better dogge. Ik sil al dy Noardhollânske boeren, dy’t o sa graach Fryske boer wurde wolle, mar efkes warskôgje. It liket wol wakker moai dat de Fryske oerheid it ferdomd om ek mar in proef te dwaan yn it feangreidegebiet om it wetter tsien sentimeter heger te bringen, al sizze wittenskippers dat soks nedich is. Dogge we net, we bin der foar de boeren. It CDA seit dat foldwaande is dat op papier stiet dat je miskien ea in proef dwaan kinne soenen. Mar se fertuteazje de hiele feangreide yntusken sadat der aanst net mear in boer buorkje kin en dat we tweintich jier fan koalsied libje moatte.

Dat jild trouwens ek foar de oare kant fan it ferhaal. We dogge neat mei it ferhaal dat oar feefoer foar minder stikstof soargje kin. We ûndersykje it net iens. En we gean mei in fleantúchje de loft yn om te ûndersykjen at we hjir yn Fryslân echt likefolle stikstof produseare as de rest fan it lân. En at dat net sa is, kin der noch mear fryske flachjes op de trekkers. Mei ferbetterings bin we net dwaande. De snelheden op provinsiale en gemeentelike diken kin toch hjoed al oanpast wurde, jim hoege dochs net op Rutte syn skytskoarjen te wachtsjen. Dy komt aanst mei in bak fol heale maatregels en holle wurden.

De lêste tsien jier kamen der allegear al lûden út de Fryske mienskip dy’t no mei haadletters yn de lannelike media steane. De Fryske oerheid hat sein it te begripen. Mar noait echt yngrepen. “We sille der nochris nei sjen”, seinen se hieltyd. Want dan bleau it CDA teminsten ‘yn balâns’.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s