Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

20 11 2019

Stella en Maarten

Hûnderten wethâlders rûnen moandei wat yn Den Haach om. Se wisten sels ek net goed wat se der dwaan moasten, mar at de boeren, bouwers, ûnderwizers en ferpleechsters dêr sa no en dan ek omsjouwe, dan moat je dêr as wethâlders ek wol ris in kear efkes sjen fansels. Se hienen ek wol wat te seuren, elkenien komt nei Den Haach om mear jild. Se seinen dat se der foar de jeugdsoarch wiene, mar ast goed heardest, gie it inkeld om sinten foar dy jeugdsoarch.

Fansels is it net goed dat de ryksoerheid, at se der yn Den Haach net mear útkomme, tsjin provinsjes en gemeenten seit dat sý it mar oplosse moatte. Dat hat by gemeenten in omkeard effekt. Sa woe boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean ôfrûne wykein al ha dat de ryksoerheid it oprêdden fan de PFAS yn syn gemeente betellet. Van der Zwan, jonge, it makket ús werklik net in moer út, at it by dy út de kontbûse komt of by Klaas Dijkhoff út bûske fan syn frjemde festje.

It kin ús wól wat skille at gemeenten al of net goed bestjoerd wurde. Se ha allegear grutte tekoarten. Kinne net begrutsje. Dêrom bin der rûnom al wethâlders fuort of is der wol polityke deilis. Fryske Marren, Tytjerksteradiel, Smellingerlân, Dantumadiel, Weststellingwerf, gean sa mar troch. Yn alle kolleezjes en dus yn de rieden bin se wol op de iene of oare wize oan it oarloch fieren. At we der noch neat fan heard ha, komt omt se elkoar yn it genyp narje.

Sa seagen we dat wethâlder Stella van Gent ynienen troch it rút fan it gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân nei bûten kwakt waard. In oare wethâlder, Maarten Offinga, rôp troch it stikkende rút dat er wat oars fan de PvdA ha wol. Mar nei it Stella-effekt by de ferkiezings, is dy dêr hillich. Dus dy rûnen fuort.

In healoerke dêrnei seine de provinsiale media dat dit kaam nei in perioade fan heechoprûne spanningen yn it kolleezje. En dat it dêr in slangekûle is. Dêr hienen wy hielendal noch noait wat fan heard. Sa se it no delsetten wie’t of wisten dy sjoernalisten dat al lang. No, fertel it ús dan ek.

It frjemde wie dat ik in pear dagen dêrnei hiel wat bryfkes en mailtsjes út de hiele provinsje krige fan lju dy’t ek al seinen al lang te witten dat it dêr yn Súdwest net doogde. Ik fertel net wa’t dat wienen, mar wit no dat neffens harren Maarten Offinga fan it CDA in op macht beluste man is, dy’t de baas spylje wol. Mar ek dat Stella van Gent in heak fan in frommis mei in grutte bek is en dêrom ek altyd deilis wie mei Maarten. En dan helle de Ljouwerter Krante ynienen ek noch it seksleven fan wethâlder Gea Wielinga der by. Betiizjend, want dat hie der net mei te krijen.

De oare polityke partijen stean lykwols al wer klear om de sit fan de PvdA oer te nimmen. Sels al ha se ek wol te lijen hân fan it saneamde baas-boartsjen fan Offinga, wat trouwens ek net mear is as it oerwicht fan it CDA beklamtoane. Durk Stoker,FNP, dy’t doe’t hy dêr wethâlder wie ek net troch deselde doar as Offinga koe, is toch fuort.  De FNP wol no wol wer. By D66 seit Miriam Bakker dat se har net herinnerje kin dat Offinga baas boarte. Da’s tsjintwurdich in topútdrukking yn de polityk, dus se stiet wer klear. De ChristenUnie hie no wol wollen dat se net sa kritysk west hienen oer Offinga syn begrutting, want oars……. As ratten komme se allegeare op de liken ôf.

Ik skets dit om sjen te litten dat it lang duorje sil en in soad jild kostet foardat se wer op de rigel binne. En dat der wer wurke wurdt troch sa’n kolleezje. At we wer ferkiezings krije hoege al dy wethâlders om my noait wer fleurich te sizzen dat se it o sa mei elkoar iens binne as it kolleezje ienris foarme is. En at net mei elkoar omgean kinne de grûn is om út elkoar te gean, moatte se har allegear yn en yn djip skamje.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s