Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

27 11 2019

Skiednis

It meast lêzen berjocht yn de Ljouwerter Krante wie yn it wykein dat se op in terrein oan de westkant fan Ljouwert yn de rjochting fan Ritsemasyl, wêr’t aanst in grut sinnepanielepark komt, dat se dêr wat âld stienguod fûnen. Tichelwurken. Dêr bakten se stien en dakpannen yn. Eartiids teminsten, we ha it oer de 17de ieu.

Dan soe ik sizze: helje it bêst bewarre oerbleaune tichelwurk der wei en bring dat nei it Fries Museum. Dan kin it dêr moai yn de kelder lizze, want we ha wol ris mear stienrotsoai sjoen. In fotootsje kin je bestelle fia de web-side fan it Fries Museum. Dan kin der yntusken  moai wer trochboud wurde oan it sinnepark.

Likegoed wie de fynst fan tichelwurken it meast lêzen berjocht yn de Ljouwerter Krante. Yn in tiid dat de iene helte fan de wrâld de oare helte deamakket omdat se net it selde leauwe ha, yn in tiid dat Rutte him al net mear yn it sin bringe kin dat Nederlân yndertiid ek oan dy spultsjes meidie, is it finen fan in pear hielendal net seldsume âlde tichelwurken ynienen it meast lêzen nijs. Dêr ha’k lang oer neitocht. Want wêr komt it wei dat we yn dizze tiid sa’n belangstelling ha foar it ferline. Krantestikken oer saken út it ferline rane de wykeinbylages út. En der ferskine gâns histoaryske boeken.

Sju, ús generaasje fûn neat oan skiednis, want we hoegden inkeld mar jiertallen te learen. Mar at we no lêze net allinich dat we yn 1345 de Hollanders de Súdersee ynjage ha by Warns, mar ek wêrom, wurde de ferhâldingen wat dúdliker. Doe wienen we noch in dom kneppelfolk, dêrnei waarden we ferstannich, ha hollânsk leard en harren gewoan noege om hjir te sizzen dat se gjin Frysk fersteane. We ha noch ien kear yn 1951 de kneppel brûkt om te soargjen dat we sels in bytsje Frysk prate bliuwe mochten.

Boppedat tinke dy hollanders net mear oan it feroverjen fan Fryslân. Wat moat je dêrmei. Oeral yn Nederlân komme mear fakânsjegasten, útsein Fryslân. En wy organisearen toch o sokke moaie busreizen lâns alve ûnbegryplike fonteinen. Langer moat je hjir blykber ek net omhingje.

Hiel singelier wie dan ek dat it sjoen waard as in soarte fan hillige Verlossing fan Domela dat der yn Den Haach sein waard dat se serieus sjen sille nei de Lelylijn. Dat is in spoarline fan Lelystêd, fia Emmeloard, Hearrenfean en Drachten nei Grins. Miskien noch wol troch nei Hamburg. At dy Dútsers nei de grappen fan Marco van Basten teminsten noch wol wat mei ús wolle.

It entosjasme fan benammen de noardelike bestjoerders wie op de sosiale media euforysk. Se sloegen harsels o sa grutsk op it boarst. En seagen net fierder. Ik lies dêr lykwols Wikipedia. Dat sei dat de Lelylijn hiel bot liket op it plan foar de Suderseespoarline, wat yn 2007 yn de kachel smiten is. By de minsken tús is skiednis wichtich, by de politisi net. Dy kinne net iens jiertallen. Dat it noch mar sa koart lyn is dat itselde plan fuortsmiten waard, se witte it net iens.

At dy spoarline der al komme soe, dan is dat pas klear oer siz mar tweintich jier. Mar se skriuwe as is dat ding der no al. En dat moat ek,  want dy trein kin hurder as hun auto. Wat is hurd. Deputearre Avina Fokens rint njonken de skuon dat se no klear krigen hat wat Jehannes Kramer yn 8 jier net slagge: de NS sil besykje de trein nei Ljouwert wat sneller te plak te krijen.

Dat kin no noch net, want de trein kin noch net sa hurd oer dy bonkige rails. Dy moat opknapt wurde. Dan kin we dus oer tsien jier fjouwer menuten sneller yn Ljouwert wêze fanút de rânnestêd. Fjouwer menuten. Ik wik jim dat stopje yn Akkrum, Wolvega en miskien wol yn Hearrenfean tenei fan de baan is.

De skiednis hat ús leard dat fan soksoarte yngewikkelde plannen noait wat telânne komt. Want wy kin net hurd. In diskusje oer wêr’t it stasjon yn Drachten komme moat, sil langer duorje as de needsaak om de line oan te lizzen. Want dan kin je al lang mei in drone fan Lelystêd nei Eelde.

 

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s