Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

18 12 2019

Net klear

Dit is myn lêste ferhaaltsje fan’t jier. Earste Krystdei útsliepe. Nijjiersdei mei’k wer. No hâld ik absoluut net fan lêste-fan-it-jier-dit en it-earste-fan-it-jier-dat. En dat kin ek net, der moat noch fan alles barre. Wylst moarn de krystborrel fan de Omrop al is, kin ik net iens hiel 2019 jier oereidzje, dêr bin noch net klear mei.

De polityk seker net. Der bin safolle skansearre dossiers, dat de Krystdagen bestege wurde moatte om alle laadsjes noch ris troch te sykjen at der noch earne wat leit. Dan sil se beslute nije ferkiezings te hâlden. Dy’t foar it oare ek gjin sin ha, omt dit folk yn fiif menuten samar fan de SP oerstapt nei Forum. Yn de koken fan de politisi stiet yntusken de stikstofpanne oer te sieden.

Se ha’t no leau’k safier krigen dat de boeren de Krystdagen yn it bûthús inkeld wat noartsk foar har útstoarje. En no wat dom omride. At ik dy boeren wie gie ik no mei dy 2000 trekkers nei de CO2-fleanbasis Ljouwert en besette dêr de hiele boel wiken en wiken lang. Dat soe pas in died wêze. Wy rinne yntusken wol rêstich nei de winkel en keapje goedkeape molke.

Yn de Krystdagen sizze alle wethâlders earlik tsjin harren relaasje dat se der wierskynlik nei de Kryst útkwakt wurde. De opposysje ropt lûd dat se wat ferkeard dien ha. Media litte skreauwers inkeld oan it wurd. Bestjoerders meie inkeld antwurdzje op de fraach wannear at se opstappe sille, krekt as wiene se fuotbaltrener.

Al dy wethâlders ha begruttingen mei ferlies ynlevere. Dat komt, sizze se, fan de jeugdsoarchkosten. Elkenien ropt no dat net ien dy kosten yn de hân hâlde kin, mar as jildjouwer moatte je dat gewoan goed regelje. Boppedat kin ik yn elke gemeente wol oare posten fine wêrby’t se oer de skreef geane. Se kinne boppedat de wurden erfskip fan kulturele haadstêd net mear. Dan grypt deputearre Sander de Rouwe yn. Hy krijt elke gemeente ûnder syn finansiëel bewâld. Dan kin je as wethâlder mar better ûnder de beam sitten bliuwe.

Sander moat fannemiddei ek noch jild kwyt oan de Fryske Akademy. At it belied dêr net feroaret bin dat weismiten miljoenen. Dêr hie Pieter de Groot it sneon yn de Ljouwerter ek al oer. Doe’t ik noch net mei pensioen wie, ha’k foar de Omrop ris in dokumentêre oer de Akademy makke. Doe bin ik echt skrokken fan it waas fan arro-en-bemoei-jim-net-mei-ús, dat dêr omhinne leit.

At dat sa bleaun is, en wêrom soene je Pieter net leauwe, dan kin de miljoenen better oars bestege wurde. Miskien wit ynterim-direkteur Willem Smink fan de Akademy wol wat. Want hy sil, wylst hy de finansiële sitewaasje fan de Akademy net ferbettere hat, nei de Noardelike Rekkenkeamer.

Dy Fryske Akademy stiet yn Ljouwert. Dat skreau in bryf nei de provinsje. Net oer de Akademy, dat kin hun neat skele. Nee, in seurbrief, sa’t Ljouwert dy al iuwen skriuwt: Ljouwert fielt himsels tekoart dien troch de provinsje. Miskind. “Wy bin dochs de grutste kearn, de moter fan de ekonomy en alle provinsiale foarsjenningen mei hjir sitte. Alle boeren komme hjir te protestearen. En jim wolle de Lelylijn net iens lâns Ljouwert oanlizze litte”.

No soe’k in hiel ferhaal begjinne kinne. Fan dat oer Ljouwert nei Grins foar de measte minsken “om” is. Dat Ljouwert yn 1973 net tagrypte en de A7 fan de Ofslútdyk nei Grins oer Drachten oanlizze liet, sûnder  te bewegen. Dat se al dy jierren inkeld mar seurd ha, as wienen se in soarte fan Dokkum. Dat se hast faillyt wiene doe’t se safolle betellen om Aegon te hâlden; is dat der noch wol? Dat se jierrenlang dy wichtige posysje dy’t se sels sizze te hawwen, net bewize koenen, ek al krij se no in Stadionplein.

Mar dat sis ik allegear net. Want yn dyselde bryf seit Ljouwert, dat tsjintwurdich ek lytse doarpen hoedet, dat de provinsje no echt wat dwaan moat oan it feangreidegebiet. Foar it earst seit Ljouwert wat oer de rest fan Fryslân. Dat dêr ek fan alles ferkeard giet. De provinsje docht it foar Ljouwert allegear te stadich. Nimt gjin echte beslissings. Krekt sa’t Ljouwert it eartiids allegear sels die, wêrtroch at se no miskind wurde. Soms wurkje spegels. Dan is Ljouwert samar ús echte haadstêd.

 

 

 

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s