Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

01 01 2020

Segen’t nij jier

It hat gjin inkeld doel en sprek no ôfkarrende wurden oer wat der fannacht wer allegear ferkeard gien is. It soadsje wat soks docht leit allegear noch smoar op bêd. Fannemiddei de stille tocht yn Drachten foar Roan, it sein dat der yn ús mienskip in soad mis is.

Ek wat oare saken oanbelanget. Bygelyks: In tal jierren lyn krige Fryslân ynienen in kwak jild fan Vattenfall. Noflik. Fansels ha we dat yntusken wol útjûn. In oantal goede ynfestearingen. Oer sokke dingen as kulturele haadstêd, wêr’t ek in soad jild ynpompt waard, kin je fan miening ferskille.

We sitte noch net yn de nederklits, mar oan it begjin fan dit jier moat je mei tearen yn de holle nei de ein sjen. Wat moat der allegear noch wol net barre. Alles kostet hannen fol jild. De measte gemeenten bin sowieso kommend jier faillyt, dy betelje net mear mei.

De loft fol stikstof, de grûn fol PFAS. Boeren en bou kin net troch sûnder dat dêr wat dien wurdt. De provinsje wol in eigen belied. Dat mei seit de minister, mar dan betelje jim it sels ek mar. De boeren stean al yn de rige.

Se betelje de fergoeding fan it wetterskip net. Wy dus ek net. En dat  wetterskip hat al miljoenen tekoart. Besunigje, dus it wetterskip nei de provinsje. Mar de ôfdieling wetter fan de provinsje hat grutte soargen oer al dy brêgen hjir dy’t oates en toates yn elkoar donderje.

Tagelyk moat it feangreidegebiet wer sûn wurde. En we wol ús hillige fûgels hoedzje, en dat kin Fryslân net oars as mei bakken fol jild. Dan ha we ek noch wintertoeristen, guozzen, dy frette it gêrs fan de boeren op. Fryslân hoedet syn toeristen, dat betelje wy dus grouwélich.

Thialf hat ek al wer in grut tekoart. Grut wie ek de bek fan de provinsje: reedriden is hillich, dus wy moat de bêste iisbaan fan de wrâld ha. Mar ja, op de poal friest it net, dus hjir hielendal nea wer.

SC Hearrenfean jout jierliks noch in miljoentsje as fiif seis tefolle út, Cambuur moat in nij stadion ha, en in earedivizy-budget. De rest fan de sporten kin net bestean sûnder de subsydzjes.

Kommend jier sil der noch hieltyd smoarge rommel fan de kontenerramp oanspiele. Net ien wol it mear betelje dus, Fryslân sil sels moatte. De Ofslútdyk sil kommend jier kompleet ôfsluten wurde. Foar trije jier, dat wurkjen mei al dy yn de file steande auto’s wol net.

Holwert oan see moat no ekris echt fan de grûn komme, oars binne de ynisjatyfnimmers nei it âldereintehûs. Dêr moat noch dik jild by. Boppedat kin je Holwert net opboue, at je yn Ternaard wer boare. De hiele provinsje moat yn aksje tsjin de gasboarings. Dat kostet gâns jild, sokken as de Fryske Marren moat sels in nij horloazje ha.

We sitte ek yn de mage mei boargemaster en korpsbehearder Buma. Dy slút alle drugshûzen, lachgassalvo’s, coffeeshops  en extacylaboratoria. Wit jim wol wat ôfkikke fan de helt fan de befolking kostet. Dêr waacht wat we fertsjinje oan it drugssmokkeljen  op it Waad net tsjin op.

De fleanbasis, dêr moat we ek echt oer te set. Se bin dwaande it gebiet boppe Fryslân, wat lêst hat fan it leven fan dy straaljagers, te fergrutsjen oant de hiele provinsje. En dy nije dingen ha noch mear leven. Provinsje fier aksje. Ek tsjin Lelystêd. Rop en doch no ris wat. Se fleane no al boppe it Waad sûnder fergunning.

Op dit stuit leit de kultuernota op tafel. Keunstners, musea, monuminten, skouburgen, fonteinen, festivals, toaniel en oarssoartige kulturele úteringen freegje jild foar mear as fjouwer nota’s. It Fries Museum hat, foardat ien wat sizze koe, al mear as in miljoen easke. Se neame dat in gefolch fan harren sukes.

Mar ommers, oeral wêr’t Frysk foar stiet bin we o sa grutsk op. De sinten wurde al dellein foardat se de mûle iepen ha. Dat hat te krijen mei it gefoel foar selsstaniggens wat we ha. Krekt as oer de Fryske taal. Dêr rêdde we wol mei, sizze we dan.

Der sels der mei rêdde is sels betelje. Oer in jier bin we faillyt. Gjin segen yn it nije jier dus.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s