Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

08 01 2020

Bliksums

De tredde boere-aksjedei fan Farmers Defence Force ferline jier wie fansels ûnsin. Likegoed ha 17 miljoen Nederlanders Jitty van der Werf net in driichbryf stjoerd. Dat soe ek ûnsin wêze, want sa’n moai frommis út Hitzum wol je toch net oan de kant ha. Likegoed krige se wol sa’n driichbryf. En wie der nochal fan oeral.

Logysk, ik ha’t ek meimakke en meitsje noch wolris bedrigings mei. Dat komt om je de wierheid skriuwe en sizze. Dêr kin in soad minsken net oer. Jitty wie al út de Defence Force stapt, omt it har wat te grouwélich gie. Mar se hat wol har eigen wierheid.

En dat mei net. We libje yn in mienskip wêrfan sa rûchwei 20 persint it net aksepteart dat je oars tinke as at sy dogge. At je de bek hâlde fine se it wol goed, mar o wee at je wat sizze. Grinzen bin der net mear, de reaksjes sitte yn tusken snútslaggen en delstekke. Sa ha we in sike mienskip krigen, hy is terminaal.

Fernuveringwekkend fûn ik bygelyks tidens it kryst-en-nijjiersreces,  dat ik dêr noch folle mear as dy 20 persint tsjinkaam dy’t ynienen sizze dat Timmermans net normaal is, dat Jesse Klaver net doocht, dat Rob Jetten mar opsoademieterje moat. It giet net iens om de partij, mar persoanlik om de oanfierders. In bytsje sa’t Trump dy Suleimani yn Iran deameitsje liet, sa fan dan pak ik se echt. Prima, seit elkenien ek noch. Se witte net dat wrâldoarloch trije yntusken útbrutsen is.

Minsken dy’t sa prate witte te min wat der bard yn de wrâld. Dat is oan de iene kant de skuld fan de media dy’t it hiel ferkeard en iensidich bringe allegear. Mar ek de skuld fan de minsken sels dy’t gjin krante mear lêze, inkeld nei boer zoekt vrouw sjogge. Net ynteresseard yn wat in oar fynt. Gjin inkeld respekt foar in oare miening.

It is in proses dat al lang oan de gong is, mar we ha’t allegear gewurde litten. It is te let. Want krekt in tal polityke partijen makket ek noch handich gebrûk fan de ûnfrede. De diskusje oer in fjoerwurkferbod makket dat dúdlik. At fjoerwurk in pear deaden feroarsaket, wurde we der warm noch kâld fan. Dan hiene se mar net yn dy lift stappe moatten. At de eachdokter yn Rotterdam ferteld hoefolle eagen minsken misse moatte, dan wurdt der sein dat se, ek al wiene se gewoan lânsrinnend, mar in fjurwurkbril opsette moatten hienen. Dus we moat tenei elke aldjiersjûn 17 miljoen fjoerwurkbrilllen útrikke.

Ja, sei Annemarie Jorritsma de tongersdeis op Radio 1 op dy fraach. It âld-Boalserter VVD-riedslid, letter ta minister roppen, wit fansels wol better. Likegoed ferdigene se it fjoerwurksjittten alderheislikst, har bernsbern dienen it ommers net. Se ûnderbruts elkenien dy’t oars tocht. Ik soe sizze dy’t normaal tocht. Mar Annemarie sei it oars, want se wit dat der rille gau ferkiezings komme en dan moat alle 130 riders en fjoerwurkôfstekkers op Rutte stimme. Baudet en Wilders fechte mei en tegeare mei it CDA wolle se de boeren ek noch ha. Willem Schoorstra kaam juster ek al ta dy konkluzje. Dêr heakje ik noch oan ta dat de oare kant eins op deselde wize oan de gong is.

Mar dêr komt noch wat by: Ik ha de tritiger jierren yn de foarige iuw net meimakke, mar der wol in soad oer lêzen. Ik wurdt hieltyd benauder. Ek doe stiene der, krekt as no, in tal lânsoanfierders op, dy’t mei gemak legers út de grûn raze koenen en dêrnei brûke. Doe wienen der ek in tal skytbroeken yn oare lânnen, no komme der oeral wylde razers en sjitters oan it bewâld. Dat komt omt yn de lannen genôch ûntefreden lju opnaaid binne.

We ha nei de twadde wrâldkriich lang in wrâldbefolking hân dy’t begrypte wat der allegear ferkeard gien wie, en sei dat soks nea mear barre moat. Dy tiid ha we wol wer hân.

Dus at je hjir immen tsjinkomme dy’t in driichbryf skriuwt, of in plysje in rotsje nei de holle smyt,  of seit dat progressieve partijen, oarstinkenden, homo’s, islamieten, swarte pyten, oarskleurde persoanen of wat dan ek, net bestean meie, dan is dat hiel normaal wurden. Dêrmei gean we hiel normaal nei de bliksem.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s