Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

15 01 2020

Nijjiersredes

Yn jannewaris bin de boargemasters ús helden en heldinnen. Se lulle efkes yngreven, wylst wy in borrel nimme. Se sizze dan dat se wat dwaan sille. Sa dat it liket dat wy se healwei it jier op de skouders rûntôgje sille , en dan tsjin Den Haach roppe “sa moat it”.

Us earste held is fansels Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan Ljouwert. Dy hout der al yn om. Hy hie’t smoardrok mei it slúten fan elk hûs wêr’t hy in faach drugsluchtsje rûke koe. Hy hie in peloton plysjes by him, dy stoden der dan yn en rôpen: dit hûs is slúten.

No is soks ek wer net sa swier. Jannewietske de Vries, de boargemaster fan Súdwest-Fryslân woe’t ek besykje. No, de plysje dêrre wist al jierren fan noch wol sa’n hûske, gjin inkeld kwea by. Mar at Jannewietske ek in kear wol, toe dan mar. Slúten.

Jannewietske hie ek in oar boadskip. Wy âlde toarre sekken moat fitaler wurde. Se liet alle lju op de nijjiersresepsje in ballontsje yn de loft smite. Dêr wurdt je o sa fitaal fan. En tink der om sei se, gjin gekke dingen mear frette en sûpe. Yn de bitterballen dêrre siet in frjemde reade substânzje. Dat sil goed guod west ha, de smoargensbak lei der teminsten fol mei.

Buma wol ék dat we fitaler wurde, mar dan moat it wol goed. Hy seach op tillefyzje nammentlik dat de hoerebuert yn Ljouwert fierstente goedkeap wie. Hoe kom je as sjoernalist op sa’n ûnderwerp? Mar goed, no wit we dat seks mei in plastiek popke op de Weaze mear kostet as in echten. Buma, in echte fakbûnsman, wol no dat dy froulju wat mear fertsjinje. Leaf. Hy wit noch net dat der yn it hiele lân ditsoarte buertsjes binne, dêr krijt hy it noch drok mei.

Jan Rijpstra, boargemaster fan Drachten sis mar Smellingerlân, wol dat elke wâldman syn knyft ynlevert. Yn Drachten nota bene. Dêr stiene eartiids de Houtighaagsters en Oerterpers tsjin oer elkoar en ik wist echt wol dat se allegear in mes yn de bûse hienen. Der waard ek wolris ien stutsen, mar dat hearde noait ien. Wy bin yn de Wâlden no ienris allegear opfieden dat je sa no en dan in hearring of in knyn ut de jas helpe moatte. Ik ha jierren letter noch in herder yn de auto lizzen hân.

Likegoed hat Rijpstra gelyk. Doe wiene it keardels fan 17/18. No rinne de embryo’s al mei molotovcocktails oer strjitte. Dus dy knyften bin wat oerdreaun. Moai is dat elkenien him of har dus aanst kompleet útklaaie moat foardat se Drachtster Suupkade opkinne, dat bin hast moaiere bylden as op de Ljouwerter Weaze.

Tjeerd van der Zwan, boargemaster fan Hearrenfean, wol jild fan syn ynwenners ha. Dat is logysk, want gemeenten kinne de jeugdsoarch  net betelje, wylst dat wol de opdracht fan it regear wie. Se ha no dus jild tekoart, en dat bringt Hearrenfean werom nei it tafersjoch fan deputearre de Rouwe. Dat wol Van der Zwan út noch yn net. Dan leaver dat wy it betelje. Ja, hy sil de regearing wol freegje minder belêsting fan ús te fangen, mar wit wol dat soks noait wat wurdt, want der moat no ek al wer twa steatsiktarissen fan betelle wurde.

Roel Sluiter, boargemaster fan Harns, dy’t altyd jusjes grutter tinkt as at hy is, woe ek meidwaan. Dat gesûp yn syn gemeente moat marris ôfrûn wêze. Ik moast efkes oan in persbal fan jierren herwerts tinke. Doe’t boargemaster Hans de Haan fan Harns yn de pisbak njonken my stie en lûd rôp: “kom tevoorschijn lafaard”. Ik wit net at elke Harnser syn pilske wol ynlevert. Kollega Fred Veenstra fan de Fryske Marren is fersichtiger, hy fynt dat bern gjin drank ha moatte. We koene him der fierder net nei freegje, hy is neffens my noch altyd oan it wurd.

Fierder yn de nijjiersredes “gelukkig dit en gelukkig dat” en “we zullen zorgen voor dit en dat”. Neat spannends. Ach, allegear bin se leaf. Inkeld, de needsaak fan nijjiersredes ferdwynt wat. Dat hat boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf goed sketten. Hy hat net sprutsen. Hy hat himsels siik melden. En doe hie der al dy oaren noch net iens heard.

Plaats een reactie