Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

22 01 2020

Revolusje

De Fryske feangreide is folslein nei de bliksem. De miljoenen dy’t dêrfoar op it kleed lizze bin fierstemin.

Der wurde hjir te min hûzen bout. Alle hûzen bin boppedat te djoer. Ynfestearders meitsje dêr gigantyske winsten op. Ek yn dizze provinsje. Dat kin inkeld betelle wurde troch fan bûten kommende rike lju. Wy moat nei it azc yn Syrië. De gemeenten hjir ha ûnfoldwaande plannen om boue te kinnen.

De boeren sitte ek yn Fryslân yn de nederklits. De oerheden soene komme moatte mei sanearing. Mar ek mei metoaden om se hurder bio- of kringloopboer te meitsjen. Lykwols: Oerheden wachtsje allegear op elkoar.

Us natoergebieden gean nei de bliksem. Yn de loft stikstof. Yn de grûn sit PFAS. Yn it Waad driuwe de konteners.

Oeral wurde wethâlders de gemeentlike doar út kwakt. De bestjoeren fan Smellingerlân en Amelân lizze folslein yn de hobbel, dêr bart aanst in jier lang neat.

Alle Fryske gemeenten sitte mei in grut finansieel tekoart. Boargemasters ha it ek net oan tiid om it op te lossen, want se ha it te drok mei it slúten  fan drugshûzen.

Provinsje en gemeenten kinne absoluut net soargje foar in goede kulturele neifolging fan it kulturele haadstêd jier. Elkenien is  deawurch. De kulturele ponge is leech. Dat makket de nije kultuernota net goed.

It ûnderwiis giet nei de bliksem, net ien wol it jaan. En it ûnderwiis yn it Frysk fertuteazet omdat der gjin goed ûnderwiis jûn wurdt. Der is mar ien Fryske tolk yn de rjochtseal, der sil in nije Kneppelfreed komme moatte.

Se boare noch hieltyd yn ús hillige boaijum om. Gas of sâlt. Dusdanich  dat we aanst fersakje. Mear noch as Grins, want ús grûn is folle weaker.

We bin wol hiel grutsk op dat we hjir útfine wat we allegear mei wetter dwaan kinne soenen, mar it eigen wetterskip leit sa’n acht miljoen efter. Dat moat fan’t jier oplost wurde, oars gean de boeren takom jier faillyt oan wetterskipslêsten.

We wolle hjir ljippen en skriezen hâlde, jouwe dêrfoar bakken fol jild út. Dat helpt net. Der moat nij belied komme. De wolf is guon lju wolkom, mar de skiepeboeren fine dat er werom nei Dútslân moat.

We bin wakker grutsk op Holwerd oan See. Bliid dat de slûs yn Koarnwertersân oanpakt wurde sil. Mar yn beide gefallen sil der noch gâns  jild bykomme moatte om it klear te krijen.

We krimpe. De doarpen fechte har dea, mar der bin aanst inkeld yn Drachten, Snits, Hearenfean en Ljouwert noch skoallen. Sels de tsjerken rinne leech. Fryslân wurdt in lân fan leechsteande boerepleatsen, tsjerken en fertuteaze doarpen.

Sa soe’k noch oeren trochgean kinne. It spyt my dat ik konstateare moat dat de útklaaide burgertop ek gjin oplossings jûn hat. Dat Fryslân grien bliuwe moat en dat we sûner ite moatte, wisten we allegear al lang.

Folle slimmer. Wit jim wêr’t de Fryske politisi yntusken oer lulle. Oer at der al of net in hollânske flage yn de steateseal hingje moat. Der bestiet net iens in hollânske flagge. Read-wyt-blau is de flagge fan The Netherlands. Sa hjitte we tenei by OS en Songfestival.

 

 

Dan witte dy bûtenlânske toeristen teminsten dat se net inkel de  Amsterdamske grêften en de Keukenhof sjen moatte. Nee fyts troch Drinte. Of syl yn Fryslân. Dan sjocht elk dat wy hjir in oare flagge ha.

Dy brûke boeren yn it hiele lân. Se wolle hjir wol boer wêze. Hjir wachtet de oerheid ommers moai op Campina en Campina op de oerheid. Likegoed kleije de boeren hjir ek. En we hoege gjin mear kleijers. Jou ús dy flagge mar werom. De FNP woe him jierren lyn ek al yn de steateseal ha, dy begûnen no fansels ek al wer te sangerjen.

Komt it folk mei in goede beslissing troch it fjoerwurk of te skaffen en no wol nei de FNP ek it CDA it karbidsjitten as Fryske kultuerhistoarje bewarje. Eartiids skeat in boer ’s nachts tolve oere ien kear in molkbus ôf. Mear net. By de eigenheid fan Fryslân heart echt gjin karbidsjitten.

Politisi dy’t jeuzelje oer flaggen en karbidsjitten. Omt se blykber fan it echte ferhaal neat begripe. Ik ha my mysels ôfpraat at noch ien politikus it wurd flagge of karbidsjitten brûkt, dat ik de revolusje útrop.

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s