Eelkesweblok

Een reactie plaatsen

29 01 2020

Iis

Eartiids waarden doarpen opboud om tsjerken en iisbanen hinne. Yn de tsjerke komt net mear in soad folk. De iisbaan leit no bûten it doarp. Dat wie wol handich fan gemeentebestjoeren yn de 70-er jierren. Moaie wenten midden yn it doarp op it plak fan de iisbaan en de iisklub krige in moaie baan bûten it doarp. Dat koe finansieel wol út. Dat úteinlik dêrtroch in hiel soad bern der net mear kamen murken se net, omt it der altyd like drok like. Mar in iisbaan bûten it doarp is de helte kâlder, de wyn hat dêr mear grip.

Likegoed is de meast ienriedige feriening yn in doarp noch altyd de iisklub. In doarpsbelang wol wolris in bedriuw op it plak ha dat de oerbuorlju net sitten sjogge. Dat kin wrikke. It wurk fan de iisklub is foar elkenien like needsaaklik. At it begjint te friezen moat de iisbaan klear lizze.

In iisklubbestjoer bestie eartiids út timmerlju en skippers, dy hiene toch neat te dwaan at it begûn te friezen. Se soargen foar de baan, de lampen en de flaggen en harren froulju foar de poeiermolke yn de molkbus. De skathâlder wie de boekhâlder fan it molkfabryk. De siktaris wie de skoalmaster, dy die ek de administraasje by de wedstriden. En de foarsitter wie de grutste boer út de omkriten. At se der ien kear yn sieten dan bleaunen se langer as 25 jier. De jierlikse gearkomsten wiene gewoan gesellige doarpsjûnen.

Fryslân bestie yn de 19e iuw noch in soad út terpen en eilantsjes. Je seagen je famylje hast nea. Inkeld at it winter waard dan koene je in kear by elkoar del. Dan hiene je it ek noch oan tiid want je koenen net folle oars. En de kroegjes lâns it ta iis wurden wetter wiene ynienen iisherberch en dêr wie dûnsjen. Winters koe wreed wêze yn snie en hurde wyn, mar ek tige gesellich.

Ik ha noch nea op elitaire Weissensee west, mar wol yn Finlân doe’t dêr noch de 200 km riden waard, omt it yn Fryslân net koe. Wy moasten fan de organisaasje dêr in kear de deis tefoar sauna’s besjen.  Yn de earste sauna seach ik nei bûten. Dêr siet in âld mantsje te fiskjen yn in yn it iis hakt gat. Dêr gie ik hinne. Njonken him stie in grutte tonne en dêr rikke hy de fisk yn dy’t hy fong. Hy ferstie gjin frysk, ik gjin Finsk. Likegoed krige ik fisk. En wat út de flesse, neffens my boppe de 85 persint.

Letter op de dei wiene we dikke maten, wie de flesse leech, de fisk op, en ik gie betiid op bêd. Ik bring my noch faach yn’t sin dat de soan fan de fisker efkes lâns kaam en yn dúdlik ingelsk fertelde dat hy simmers syn heit komselden seach, it wie in pear hûndert kilometer. En no oer it iis mei de auto mar 20. En dat ik doe fertelde hoe moai at by ús eartiids wie. It selde byld, inkeld gjin auto’s, mar redens.

Stadich oan is ús winterbyld feroare. Dêr. Hjir ek. De iisklubbestjoerders ha kleurde sponsorjaskes oan. Se regelje de wedstriden op laptopkes, al kin dy de list noch net oer de kop dwaan. We ride miskien ien, twa kear yn de wike op Thialf of de Elfstedenhal. Fierder stean we op de tribune te sjen nei reedridende famkes dy’t harsels opturkje foar in galabal, en jonges dy’t har mei bleat boppeliif toane op instagram. In hiele oare wrâld. As ik fertel oer eartiids, dan sjoch se my ûnbegryplik oan.

Wurdt it noch wat? Winter bliuwt hjir altyd gesellich. Frits Korbach sei altiten tsjin my: “jullie werken altijd hard maar als het vriest staat iedereen op het ijs”. Tsjintwurdich at it wurd friezen falt, skuort Hilversum elkenien derfoar om ús smûke ferhaal te fertellen.

Mar jonges, at de wyn yn novimber binnen de dei wer út it easten wei is nei súdwesten, dan komt der echt gjin echte winter. Miskien komme der yn febrewaris noch twa dagen iis. Mar harkje no ris goed nei Piet Paulusma. Dy seit noait mear as “it kin”. Hy soe ek sizze moatte “miskien wol net”. No dat sis ik dan mar.

 

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google photo

Je reageert onder je Google account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

Verbinden met %s